film út 1995 fan Chris Noonan From Wikipedia, the free encyclopedia
Babe is in Australysk-Amerikaansk-Britske fantasykomeedzjedramafilm en famyljefilm út 1995 ûnder rezjy fan Chris Noona, mei yn 'e haadrollen Christine Cavanaugh en James Cromwell. De titel is in flaainamme, frij fertaald "Skat" of "Leave", en ferwiist nei de namme dy't it haadpersonaazje fan syn mem krigen hat. De film is basearre op 'e roman The Sheep-Pig fan Dick King-Smith. It ferhaal folget Babe, in bigge dy't op it Australyske plattelân op 'e pleats bedarret fan 'e eksintrike boer Hoggett. Hy wurdt oannommen troch de hardershûn Fly en beslút dat er in 'hardersbaarch' wurde wol. Babe krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. De film waard nominearre 7 Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en wûn de priis foar bêste special effects. Babe wûn ek de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje, in Saturn Award en ferskate oare prizen. In ferfolchfilm, mei as titel Babe: Pig in the City, waard yn 1998 útbrocht, mar koe it súkses fan it orizjineel lang net belykje.
Babe | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Chris Noonan | |
produsint | Bill Miller George Miller Doug Mitchell | |
senario | George Miller Chris Noonan | |
basearre op | The Sheep-Pig fan Dick King-Smith | |
kamerarezjy | Andrew Lesnie | |
muzyk | Nigel Westlake | |
filmstudio | Kennedy Miller Productions | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Christine Cavanaugh (stim) James Cromwell | |
voice-over | Roscoe Lee Browne | |
byrollen | Miriam Margolyes (stim) Hugo Weaving (stim) Miriam Flynn (stim) Magda Szubanski | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Austraalje Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 4 augustus 1995 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | fantasykomeedzjedrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 92 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30 miljoen | |
opbringst | $254,1 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × Golden Globe 1 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Babe | |
● folgjend diel | Babe: Pig in the City |
Nei't er ferlotte is yn in "ried-it-gewicht"-wedstryd op 'e merke bedarret Babe, in ferweesd bichje, op 'e pleats fan 'e winner, de eksintrike boer Arthur Hoggett. Dêr wurdt er op 'e noed nommen troch hardershûn Fly, in bordercollie, dy't krekt in nêst jonghûntsjes hat. Har partner, de stoefe rikel Rex, lit dat gewurde, al is er der net bliid mei. Neffens Rex is it wichtich dat alle bisten har plak witte en op dat plak bliuwe. It is de bedoeling dat Babe mar in pear nachtsjes by Fly en har jongen sliepe sil, oant er wat oan syn nije om-en-by wend is.
Op 'e pleats libbet ek Ferdinand, in nuete ein dy't it kraaien fan 'e hoanne by it lemieren oernommen hat. Hy is nammentlik benaud dat er yn 'e panne belânje sil as er gjin funksje hat. Frou Hoggett, de boerinne, ergeret har lykwols dea oan 'e kraaiende ein, dat se keapet in wekker om op in normale manear fan bêd ôf te kommen. Ferdinand, dy't de "meganyske hoanne", sa't er it ding neamt, as in bedriging beskôget, spant sneintemoarns as de boer en boerinne nei tsjerke binne, Babe foar syn karke om him te helpen de huzinge binnen te kringen en de wekker út 'e sliepkeamer te stellen. Dêrby meitsje se lykwols by fersin Duchess wekker, de grouwe falske kat fan frou Hoggett, en yn 'e gaos dy't dan ûntstiet, rjochtsje se yn 'e wenkeamer in ravaazje oan.
Neitiid beslút Rex dat it út wêze moat mei it oanheljen fan Babe. It barchje moat tenei gewoan op it hiem ûnder de haaiwein sliepe, lykas in gewoane baarch. En hy ferbiedt Babe om noch mei Ferdinand om te gean. Mar wannear't boer Hoggett de jonghûntsjes ferkeapet en Fly drôvich efterbliuwt, komt Babe by har en freget er oft er har "mem" neame mei. Fan dy tiid ôf is Babe in adopsjebichje. Under ynfloed fan syn adopsjemem, dy't ommers foar har wurk groepkes skiep faninoar skiedt, begjint Babe de brune en de wite hinnen fan inoar te skieden.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Foar de krystfakânsje komme de dochter en skoansoan fan 'e Hoggetts del mei harren freeslik ûnfatsoenlike bern. Hoggett en de frou wifelje oft se fan 't jier bargefleis of ein tameitsje sille foar it krystdiner. Frou Hoggett hat wol sin oan in lekker karbonaadsje, mar Hoggett is yntrigearre troch it hâlden en dragen fan Babe en wol it barchje noch net kwyt. Mei't er wit dat er útlake wurde sil as er foar syn wiere reden útkomt, manipulearret er syn wiif, dy't graach mei prizen pronkje mei, troch te sizzen hoe aardich it wêze soe as se takom simmer op 'e merke in priis winne soe foar it lekkerste karbonaadsje. Sadwaande wurdt mei de kryst ein optsjinne: net Ferdinand, dy't ûnderdûkt is, mar syn freondinne Rosanna.
De koartwjukke Ferdinand beslút syn heil earnewêr oars te sykjen en ûntsnapt fan 'e pleats mei de help fan Babe, dy't it stek foar him iependocht. As it stek ienris iepen is, beslút Babe nei de greide te gean dêr't de skiep weidzje, ek al wit er dat it foar him ferbean is om it hiem te ferlitten. Mar hy wie earder mei it âldere skiep Maa yn 'e kunde kommen, dat yn it hok op it hiem fan kleisykte bekaam. Doe't se opbettere wie en troch boer Hoggett wer by de keppel brocht waard, hied er ûnthjitten dat er har ris opsykje soe. En ûnthjitten moatte je neikomme. Dat sadwaande giet Babe dat út nei de skieppegreide, dêr't er sjocht hoe't twa dieven en harren hûn besykje de skiep te stellen. Hy draaft sa fluch mooglik werom nei de pleats en warskôget Fly en Rex, dy't boer Hoggett alarmearje troch foar it rút stean te gean te byljen. Hoggett en syn hûnen hastigje har nei de skiep ta en witte foar te kommen dat de hiele keppel stellen wurdt, hoewol't de dieven mei in stikmannich skiep ûntkomme.
Hoggett, dy't sjoen hat dat it Babe wie dy't Rex en Fly warskôge, is ûnder de yndruk fan 'e yntelliginsje fan it bichje. Tenei mei Babe mei nei de skiep ta, dêr't er tasjen kin hoe't Rex en Fly harren wurk dogge. Lang om let nimt Hoggett de proef op de som en jout er Babe opdracht om 'e skiep byinoar te driuwen. Earst besiket it bichje de advizen fan Fly yn 'e praktyk te bringen troch de skiep bang te meitsjen en se te biten, mar de skiep laitsje him út. As Maa him freget wat dit sil, leit er har de sitewaasje út. Dan docht bliken dat de skiep bêst meiwurkje wolle foar sa'n fatsoenlik aardich lyts bichje as hy, as er it mar beleefd freget. Fly is grutsk op har oannommen bern, mar Rex beskôget it foarfal as in mislediging fan it hiele hardershûnedom en wurdt lulk en dwers. Wannear't Fly it foar Babe opnimt, falt er har oan en byt er by fersin Hoggett yn 'e hân as dy de beide hûnen útinoar skuort.
Rex wurdt dêrnei oan it tsjoar lein, en om't Fly by it gefjocht ferwûne rekke is oan in poat, falt it skieppedriuwen tenei hielendal ta oan Babe. Op in moarn ûntdekt Babe dat in trijetal losrinnende hûnen efter de skiep oan sitte. Se krije Maa te pakken en bite har oant se deadlik ferwûne is. Babe wurdt troch alles hinne mâl en falt de hûnen oan, dy't it hazzepaad kieze. Neitiid giet er werom nei Maa en is by har as se stjert. Wannear't Hoggett letter by de skiep komt, treft er dêr Maa dea oan en Babe mei har bloed om syn snút hinne. Hy lûkt de foar de hân lizzende konklúzje, nimt Babe mei werom nei de pleats en hellet syn jachtgewear fan stâl om it skieppebitende barchje ôf te meitsjen. Mei in protte muoite, want skiep en hûnen kinne min mei-inoar, fynt Fly fan 'e oare skiep út wat der echt bard is. Se liedt Hoggett in skoftke ôf, krekt langernôch dat frou Hoggett út 'e hûs komt mei it nijs dat der troch de buorlju skille is mei in warskôging oangeande trije losrinnende hûnen dy't efter skiep oan geane.
Wannear't frou Hoggett trije dagen mei it Frouljusbûn op reis giet, hat boer Hoggett thús it ryk allinne. Hy makket fan syn tydlike frijheid gebrûk om Babe yn te skriuwen foar in pleatslike kompetysje op it mêd fan skieppedriuwen, eat dêr't syn frou daliks it near op lein hie as se der fan ôfwitten hie. De jûns tefoaren reint it dat it miicht, en Hoggett lit Babe yn 'e hûs. Dêr kriget it baarchje in oanfarring mei Duchess de kat, dy't him op 'e snút klaut. Hoggett soalt dêrop de kat bûtendoar yn 'e rein. Nei't eltsenien út 'e wei is en Babe him foar de iepen hurd deljûn hat, glûpt de kat it hûs wer binnen en nimt wraak troch oan Babe út te bringen dat it iennichste nut fan bargen is om troch minsken opiten te wurden. Nei't er Fly dêroer befrege hat en te hearren krigen hat dat it wier is, naait Babe út, de rein yn. De oare moarns moat Hoggett Rex ynsette om it barchje op te spoaren, dat wiet en ferklomme op in pleatslik tsjerkhôf leit. De boer bringt de desyllúzjonearre bigge nei hûs en fuorret him mei in spienflesse wylst er it liet If I Had Words foar him sjongt. Troch dy leafdefolle behanneling kriget Babe wer fertrouwen yn syn baas.
Op it kompetysjeterrein arrivearre, wol Babe yn 'e kunde te komme mei de skiep dy't er driuwe moat, mar se wegerje mei him te praten en negearje syn besykjen ta neieroankommen. Rex draaft it hiele ein werom nei de pleats om Hoggett syn skiep om rie te freegjen. Nei't er ûnthjitten hat om harren tenei better te behanneljen, jouwe dy him om 'e wille fan Babe it skieppewachtwurd dat Babe útsprekke moat om it fertrouwen fan 'e frjemde skiep te winnen. Rex hastiget him werom nei it kompetysjeterrein. Dêre wurdt Hoggett, om't er in baarch meidwaan litte wol oan in wedstryd foar hûnen, ûnderwilens bespot troch it publyk en bekritisearre troch de kommentators. De sjuery nimt rom de tiid om 'e regels út te staverjen op 'e siik nei in reden om Hoggett te diskwalifisearjen, mar it docht bliken dat nearne oanjûn stiet dat de dielnimmers allinnich mar hûnen wêze kinne, mei't dat sa foar de hân leit dat it nimmen nedich liek. Se kinne dus net fan him ôf, en Hoggett mei mei Babe it fjild op wylst it publyk him oan 'e lêste man ta útlaket.
Krekt op 'e tiid keart Rex werom om Babe it skieppewachtwurd yn te flústerjen. Babe stapt op 'e frjemde skiep ôf en seit it wachtwurd op, en nei in koart oerlis tusken him en de seis skiep, begjinne dy syn beleefde fersiken om tusken stekken troch te rinnen en yn in ôfbeakene sirkel stean te gean sekuer út te fieren. Dan wurdt it mûsstil op 'e tribunes en de radiokommentors steane mei de mûle foar tosken. Oan 'e ein fan 'e oefening barst it publyk yn applaus út en de sjuery jout Babe in perfekte skoare, wêrmei't Hoggett en Babe de wedstryd winne. Wylst er njonken boer Hoggett sitten giet, seit Hoggett tsjin Babe: "Sa kin 't wol ta, Baarch. Sa kin 't wol ta."
personaazje | akteur/aktrise |
Babe it bichje | Christine Cavanaugh (stim) |
boer Arthur Hoggett | James Cromwell |
personaazje | akteur/aktrise |
Fly de hûn | Miriam Margolyes (stim) |
Rex de hûn | Hugo Weaving (stim) |
Maa it skiep | Miriam Flynn (stim) |
frou Hoggett | Magda Szubanski |
Ferdinand de nuete ein | Danny Mann (stim) |
Duchess de kat | Russi Taylor (stim) |
ferteller | Roscoe Lee Browne |
Hoggett syn skoansoan | Paul Goddard |
Hoggett syn dochter | Zoe Burton |
foarsitter fan 'e sjuery | Marshall Napier |
it hynder | Michael Edward-Stevens (stim) |
de ko | Charles Bartlett (stim) |
it haad fan 'e skieppekeppel | Evelyn Krape (stim) |
de hoanne | Paul Livingston (stim) |
Hoggett syn pakesizzer #1 | Brittany Byrnes |
Hoggett syn pakesizzer #2 | Wade Hayward |
Valda | Mary Acres |
kommentator #1 | John Doyle |
kommentator #2 | Mike Harris |
boerinne #1 | Janet Foye |
boerinne #2 | Pamela Hawkins |
boerinne #3 | Karen Gough |
tillefyzjekommentator | John Erwin (stim) |
Babe waard regissearre troch Chris Noonan nei in senario fan himsels en George Miller op basis fan 'e roman The Sheep-Pig ("De Hardersbaarch") fan Dick King-Smith út 1983 (yn 'e Feriene Steaten útbrocht as Babe: The Gallant Pig). As produsinten wiene George Miller, Bill Miller en Doug Mitchell by it projekt belutsen foar de filmstudio Kennedy Miller Productions. Babe wie in Australysk-Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nigel Westlake.
Yn in fraachpetear út 2020 sei de Amerikaanske akteur James Cromwell, dy't yn 'e film de wichtichste minsklike rol spilet fan boer Hoggett, dat er de rol op in hier nei ôfwiisd hie, om't er mar sa'n 16 regels dialooch hie. It wie syn freon Charles Keating dy't him oanfitere hie om it dochs te dwaan om't er neat te ferliezen hie, mei de wurden: "It is in fergees reiske nei Austraalje en as de film in flop wurdt, leit it net oan dy mar oan 'e baarch."
It casten fan Cromwell kaam út 'e koker fan regisseur Chris Noonan; produsint George Miller hie leaver in Australyske akteur hân. Cromwell striek foar syn rol mar in salaris fan $50.000 op. Doe't de film mear as $250 miljoen binnenswile, frege er om in salarisferheging, mar de produsinten holden fêst oan it oarspronklike kontrakt. Cromwell wrokke dêr yn 2020 net mear oer. Hy sei: "De film hat my in protte jûn en myn libben is dertroch feroare. Ik hoech sûnt nea mear audysje te dwaan om in rol te krijen."
De opnamen foar Babe fûnen yn 1994 plak yn Robertson, op it plattelân fan 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales. De dierlike personaazjes (yn 't bysûnder Babe, Fly en Rex) waarden spile troch in mingsel fan echte bisten en animatroanyske modellen. Babe wie fan it ras grutte wite, dat tige fluch groeit. sadwaande wiene der geandewei de opnamen 46 ûnderskate bichjes dy't deselde rol spilen. Neffens akteur James Cromwell bestie der op 'e filmset frijwat spanning tusken regisseur Chris Noonan en filmprodusint en senarioskriuwer George Miller. Letter lieten dy beiden har yn fraachpetearen negatyf oer inoar út.
Yn 'e postproduksje waarden de special effects fan pratende bisten tafoege troch de bedriuwen Rhythm & Hues Studios en Jim Henson's Creature Shop. Ek waarden doe de tuskenblêden ynheakke mei de titels fan 'e seis haadstikken dêr't de film yn ferdield is. Der waard foar dy tuskentitels keazen om it foarlêsboekgefoel fan 'e oarspronklike roman te behâlden, hoewol't net ien fan 'e filmhaadstiktitels gelyk is oan 'e haadstiktitels yn it boek. De trije múskes dy't al gibeljend de titels foarlêze, waarden letter noch tafoege, nei't filmprodusint George Miller by in proefpublyk sjoen hie dat de bern muoite hiene de titels te lêzen en dêrfoar ferlet hiene fan help fan folwoeksenen.
De distribúsje fan Babe waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 4 augustus 1995 yn premiêre yn 'e Australyske en Amerikaanske bioskopen.
Fan 'e filmkritisy krige Babe oer it algemien tige positive resinsjes. Sa skreau Roger Ebert yn 'e Chicago Sun-Times: "[Dit] is in film mei sjarme en humor, en oars as guon oare famyljefilms is er net delbûgend." Hy priizge de aktearprestaasjes fan James Cromwell as boer Hoggett en Magda Szubanski as syn frou as "de bêsten dy't te krijen binne".
De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli skreau: "Op it earste gesicht liket in film oer de aventoeren fan in bichje dat mient dat er in hardershûn is net it perfekte resept foar fermaak foar lju dy't de puberteit foarby binne. Mar troch in mingsel fan ferbyldingsryk ferhalefertellen, yndrukwekkende animatroanika en ûnwjersteanbere skattigens betsjoent Babe eltsenien dy't dernei sjocht […]". Dêr heakke er oan ta: "As der in net troch Disney produsearre famyljefilm is dy't troch de barriêre fan it ekonomysk súkses brekke sil, dan soe Babe dat wolris wêze kinne. Dat soe yn elts gefal beslist fertsjinne wêze."
En Stephen Holden fan The New York Times skreau: "De film hanthavenet in ferfrissende subtiliteit by it optinken fan in fabel oer yndividualisme en konformiteit. It iennichste elemint dat der net by past is de bombastyske Rocky-eftige soundtrack, dy't Babe syn hûnige aspiraasjes behannelet as in Olympyske dielname foar de gouden medalje." Hy hie lof foar de special effects en skreau dat it "fermingen fan echte bisten mei kompjûteranimearre marionetten sa naadleas is dat men de oergong amper opmerkt."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Babe in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 71 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Babe is dy seldsume famyljefilm mei in hert sa grut as syn budget foar special effects, en biedt tiidleas fermaak foar jong en âld." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Babe in goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 16 resinsjes.
Babe brocht yn 'e bioskopen yn Austraalje $36,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $217,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $254,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $224,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Om't it haadpersonaazje in baarch is, in bist dat yn 'e islaam as haram (ûnrein) beskôge wurdt, waard Babe yn it strang islamityske Maleizje yn 't earstoan troch de filmsinsuer ferbean. Likernôch in jier letter waard dat beslút weromdraaid. Lykwols kaam Babe yn Maleizje nea yn 'e bioskoop; ynstee waard de film yn dat lân direkt-op-fideo útbrocht.
Yn 1996 waard Babe by de Oscars nominearre foar prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste manlike byrol (James Cromwell), bêste adaptearre senario, bêste filmmontaazje en bêste artdirection. De film wûn de Oscar foar bêste fisuele effekten (Scott E. Anderson, Charles Gibson, Neal Scanian en John Cox). Babe wûn ek de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje.
By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Babe nominearre yn 4 kategoryen: bêste film, bêste adaptearre senario, bêste filmmontaazje en bêste special effects. By de Saturn Awards waard de film nominearre foar 2 prizen, wêrûnder bêste senario. De film wûn de Saturn foar bêste fantasyfilm. Babe wûn ek de Critics' Choice Award foar bêste famyljefilm en waard nominearre foar de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite biste-akteur (Babe it barchje).
Op basis fan it grutte kommersjele súkses fan Babe waard yn 1998 in ferfolchfilm útbrocht mei as titel Babe: Pig in the City. Dy film waard regissearre troch George Miller, en James Cromwell en Magda Szubanski kearden derfoar werom yn 'e rollen fan boer Hoggett en de frou. Babe: Pig in the City koe it súkses fan 'e oarspronklike film lykwols lang net belykje en flopte yn 'e bioskopen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.