A Royal Christmas
From Wikipedia, the free encyclopedia
A Royal Christmas is in Amerikaanske romantyske krystfilm út 2014 ûnder rezjy fan Alex Zamm. De haadrollen waarden spile Lacey Chabert en Stephen Hagan, mei Jane Seymour yn 'e wichtichste byrol. De titel betsjut "In Keninklike Kryst". It ferhaal folget Emily Taylor, in Amerikaanse út Philadelphia dy't as skroarske wurket. Har frijer Leo, mei wa't se al krapoan in jier lang in relaasje hat, fertelt har koart foar de kryst dat er eins de kroanprins fan in lân yn Jeropa is. Hy nimt Emily foar de hjeldagen mei nei hûs, dêr't syn mem, keninginne Isidora, net op in Amerikaanske skoandochter fan sljochtwei komôf sit te wachtsjen. A Royal Christmas is in tillefyzjefilm dy't produsearre waard yn opdracht fan it Hallmark Channel.
Fluch de feiten
A Royal Christmas | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Alex Zamm | |
produsint | Amy Krell | |
útfierend produsint | Alexandre Coscas Francisco González Eric Jarboe Brad Krevoy Jimmy Townsend | |
senario | Janeen Damian Michael Damian Neal H. Dobrofsky Tippi Dobrofsky | |
kamerarezjy | Viorel Sergovici | |
muzyk | Chris Hajian | |
filmstudio | Brad Krevoy Television | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Lacey Chabert Stephen Hagan | |
byrollen | Jane Seymour Simon Dutton Katherine Flynn Katrina Nare Diana Dumitrescu | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 21 novimber 2014 | |
foarm | tillefyzjefilm | |
sjenre | romantyske krystfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 90 minuten |
Slute