From Wikipedia, the free encyclopedia
Mei sarkasme (fan it Grykske σαρκάζω (sarkádzoo) = 'earne fleis fan ôf skuorre') wurdt bitende spot bedoeld. It is in skerpe, agressive stylfiguer. It is altyd in oanfal op in persoan, in tastân of in utering. Sarkasme kin soms humoristysk wêze, mar it is ek altyd in oanfal.
Sarkasme kin in foarm fan irony wêze, mar de beide wurden betsjutte net itselde. Irony wol sizze dat der in kontrast is tusken dat wat der sein wurdt en dat wat der bedoeld wurdt. Mei oare wurden: it tsjinoerstelde fan wat der bedoeld wurdt, wurdt sein. At irony agressyf is, dan kin de irony sarkastysk wêze. Oarsom formulearre: sarkasme makket faak gebrûk fan irony, en kin dêrom sjoen wurde as in bitende foarm fan irony.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.