De Twadde Kamer is ien fan de twa parten fan de Steaten-Generaal fan it Keninkryk fan de Nederlannen, it parlemint. Hy is te fergelykjen mei it House of Commons yn it Feriene Keninkryk en de Bundestag yn Dútslân. De Twadde Keamer wurdt gearstald troch in ferkiezing.
Funksjonearjen
Hoewol't de namme faaks it tsjindiel fermoeden docht, hat de Twadde Keamer yn de Nederlânske polityk mear macht as de Earste Keamer. Foar de Twadde Keamer wurde de regeringskoalysjes foarme. Ek wurde ministers dêr ta ferantwurding roppen foar harren belied. De Earste Keamer hat dy macht ek, mar dêr bart dat folle minder faak. In minister of kabinet bliuwt ornaris net oan sûnder it betrouwen fan (in mearheid yn) de Twadde Keamer.
De Twadde Keamer hat yn 'e haadsaak trije taken:
- kontrôle op regearingsbelied
- meiwetjouwer (mei it regear en de Earste Keamer)
- fertsjintwurdiging fan de befolking
Om it regear kontrolearje te kinnen, hat de Twadde Keamer ferskate rjochten en ynstruminten. In wichtich foech fan de Twadde Keamer is it rjocht fan begrutting as budzjetrjocht. Dat is de mooglikheid begruttings fan de ministearjes goed en ôf te karjen en om dy te feroarjen. Ek it rjocht fan ynterpellaasje en it rjocht fan enkête heart hjirta.
Ien fan de wichtichste rjochten by de wetjouwing is it oanpassingsrjocht as rjocht fan amendemint. Dat is de mooglikheid om wetsfoarstellen op ûnderdielen te wizigjen. As in mearderheid fan de Keamer sa'n feroaring, amendemint, stipet, dan wurdt de ferlange wiziging oanbrocht. Der minister dy't it wetsfoarstel yntsjinne hat hoecht it dêr net altiten mei iens te wêzen; in minister dy't dêr grutte beswieren tsjin hat, kin drige mei ôfgean of mei it ynlûken fan it hiele wetsûntwerp.
In oar ynstrumint fan de Keamer is de saneamde moasje, de útspraak. Yn in moasje sprekt de Keamer in miening út of freget in minister of it hiele kabinet om eat te dwaan of krekt te litten. Sa'n útspraak waacht minder swier as in amendemint, omdat hy net binend is. In minister kin in moasje neist him dellizze. It mêd fan in útspraak fan de Keamer is net beheind ta wetsfoarstellen; de Keamer kin him ek muoie mei oare besonjes fan de minister; sels mei it deistich lânsbestjoer.
De Twadde Keamer hat ek it rjocht fan inisjatyf. Dat is it rjocht om wetsfoarstellen yn te tsjinnen. De measte wetsfoarstellen wurde opsteld troch it regear, mar in pear kear yn it jier wurdt der troch ien as inkele Keamerleden in saneamd inisjatyfwetsfoarstel yntsjinne. De yntsjinner(s) sit(ten) dan efter de regearingstafel om harren wetsûntwerp te ferdigenjen, ek yn de Earste Keamer.
Fierders kin de Keamer it rjocht fan ynterpellaasje brûke. Yn minder wichtige kwestjes kinne ministers troch Keamerleden oan de tosk field wurde yn it wyklikse mûnlinge frage-oerke fan de Twadde Keamer. Ek bestiet de mooglikheid om skriftlike fragen te stellen, wêrop de belutsen minister of steatssekretaris ferplicht is te antwurdzjen.
Yn útsûnderlike gefallen makket de Keamer gebrûk fan it rjocht fan ûndersyk, it rjocht fan enkête. In spesjaal dêrfoar beneamde kommisje ûndersiket dan yn in kwestje it regearingsbelied oant op 'e boaiem. Belutsenen kinne ûnder de eed heard wurde en gizele wurde. Bekende foarbylden binne de Parlemintêre enkête nei de Bijlmerramp en de Parlemintêre enkête nei de boufraude (2002). Yn minder swiere gefallen folstiet in Parlemintêr Undersyk, wêrby't tsjûgen net ûnder de eed steane.
Leden
Yn de Twadde Keamer is plak foar 150 fertsjintwurdigers fan de politike partijen, dy't by algemiene, lanlike, demokratyske Twadde Keamerferkiezings yn de Keamer keazen wurde neffens evenredige fertsjintwurdiging. In plak wurdt in sit neamd; de fertsjintwurdigers wurde Keamerleden of parlemintaarjers neamd. Foar 1917 hie Nederlân in yngewikkeld distriktestelsel wêrby't allinnich bepaalde manlju stimme mochten. Yn 1917 en 1919 waard de wet sa oanpast dat alle manlju en froulju stimme mochten. Foar novimber 1956 wienen der mar 100 sitten.
Gearstalling 2021-2023
De twadde-lêste ferkiezings wienen op 15-17 maart 2021.
Gearstalling in novimber 2023.[1]
(Tallen yn fergelyk mei de perioade 2017-2021):
██ Koälysjepartij
Politike partij | Ideology | listlûker | fraksjefoarsitter | Stimmen | Persintaazje | Sitten | Ferskil |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) | Konservatyf-liberaal | Mark Rutte | Sophie Hermans (Mark Rutte) |
2.279.130 | 21,87% | 34 | +1 |
Demokraten 66 (D66) | Progressyf-liberaal | Sigrid Kaag | Jan Paternotte (Sigrid Kaag) (Rob Jetten) (Sigrid Kaag) |
1.565.861 | 15,02% | 24 | +5 |
Partij foar de Frijheid (PVV) | nasjonalistysk-konservatyf | Geert Wilders | Geert Wilders | 1.124.482 | 10,79% | 17 | -3 |
Kristen Demokratysk Appèl (CDA) | kristen-demokratysk | Wopke Hoekstra | Henri Bontenbal (Pieter Heerma) |
990.601 | 9,50% | 15 -> 14 | -4 |
Sosjalistyske Partij (SP) | sosjalistysk | Lilian Marijnissen | Lilian Marijnissen | 623.371 | 5,98% | 9 | -5 |
Partij fan de Arbeid (PvdA) | sosjaal-demokratysk | Lilianne Ploumen | Jesse Klaver (Attje Kuiken) |
597.192 | 5,73% | 9 | 0 |
GrienLinks (GL) | grien-sosjalistysk | Jesse Klaver | Jesse Klaver | 537.308 | 5,16% | 8 | -6 |
Foarum foar Demokrasy (FVD) | nasjonaal konservatisme | Thierry Baudet | Thierry Baudet | 523.083 | 5,02% | 8 -> 5 | +6 |
Partij foar de Dieren (PvdD) | bisterjochten | Esther Ouwehand | Esther Ouwehand | 399.750 | 3,84%, | 6 | +1 |
KristenUny (CU) | kristlik-sosjaal | Gert-Jan Segers | Mirjam Bikker (Gert-Jan Segers) |
351.275 | 3,37% | 5 | 0 |
Volt Nederlân (Volt) | Jeropeeske Uny | Laurens Dassen | Laurens Dassen | 252.480 | 2,42% | 3 -> 2 | +3 |
JA21 | nasjonalistysk-liberaal | Joost Eerdmans | Joost Eerdmans | 246.620 | 2,37% | 3 | +3 |
Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) | reformatoarysk | Kees van der Staaij | Chris Stoffer (Kees van der Staaij) |
215.249 | 2,07% | 3 | 0 |
DENK (DENK) | multykultarisme | Farid Azarkan | Stephan van Baarle (Farid Azarkan) |
211.237 | 2,03% | 3 | 0 |
50PLUS (50+) | âlderein | Liane den Haan | / (Liane den Haan) |
106.702 | 1,02% | 1 -> 0 | -3 |
BoerBoargerBeweging (BBB) | konservatyf/boerebelangen | Caroline van der Plas | Caroline van der Plas | 104.319 | 1,00% | 1 | +1 |
BY1 (BIJ1) | diskriminaasje | Sylvana Simons | Sylvana Simons | 87.238 | 0,84% | 1 | +1 |
Groep-Van Haga | nasjonaal-konservatisme | Wybren van Haga | 3 -> 2 | fan FVD | |||
Lid-Den Haan | âlderein | Liane den Haan | 1 | fan 50+ | |||
Lid-Omtzigt | kristen-demokratysk | Pieter Omtzigt | 1 | fan CDA | |||
Lid-Gündoğan | Jeropeeske Uny | Nilüfer Gündoğan | 1 | fan Volt | |||
Lid-Ephraim | nasjonaal-konservatisme | Olaf Ephraim | 1 | fan Groep-Van Haga | |||
oare partijen | 206.954 | 1,97% | |||||
Totaal | 10.422.852 | 100% | 150 | ||||
Totaal koälysjepartijen | 5.186.867 | 49,76% | 78 -> 77 | ||||
Opkomst 78,71% mei 10.462.677 stimmen foar 150 sitten.
Ferkiezingsresultaten
Ferkiezings fan de Twadde Keamer sûnt 1989:[2]
Politike partij | Ofkoarting | Sitten 2023 | Sitten 2021 | Sitten 2017 | Sitten 2012 | Sitten 2010 | Sitten 2006 | Sitten 2003 | Sitten 2002 | Sitten 1998 | Sitten 1994 | Sitten 1989 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij foar de Frijheid | PVV | 37 | 17 | 20 | 15 | 24 | 9 | |||||
Partij fan de Arbeid | PvdA | 25 ¹ | 9 | 9 | 38 | 30 | 33 | 42 | 23 | 45 | 37 | 49 |
GrienLinks | GL | 25 ¹ | 8 | 14 | 4 | 10 | 7 | 8 | 10 | 11 | 5 | 6 |
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy | VVD | 24 | 34 | 33 | 41 | 31 | 22 | 28 | 24 | 38 | 31 | 22 |
Nij Sosjaal Kontrakt | NSC | 20 | ||||||||||
Demokraten 66 | D66 | 9 | 24 | 19 | 12 | 10 | 3 | 6 | 7 | 14 | 24 | 12 |
BoerBoargerBeweging | BBB | 7 | 1 | |||||||||
Kristen Demokratysk Appèl | CDA | 5 | 15 | 19 | 13 | 21 | 41 | 44 | 43 | 29 | 34 | 54 |
Sosjalistyske Partij | SP | 5 | 9 | 14 | 15 | 15 | 25 | 9 | 9 | 5 | 2 | |
DENK | DENK | 3 | 3 | 3 | ||||||||
Partij foar de Dieren | PvdD | 3 | 6 | 5 | 2 | 2 | 2 | |||||
Foarum foar Demokrasy | FVD | 3 | 8 | 2 | ||||||||
Steatkundich Grifformearde Partij | SGP | 3 | 3 | 3 | 3 | 2 | 2 | 2 | 2 | 3 | 2 | 3 |
KristenUny ² | CU | 3 | 5 | 5 | 5 | 5 | 6 | 3 | 4 | 5 | 5 | 3 |
Volt Nederlân | Volt | 2 | 3 | |||||||||
Rjocht Antwurd 21 | JA21 | 1 | 3 | |||||||||
50PLUS | 50+ | 1 | 4 | 2 | ||||||||
BY1 | BIJ1 | 1 | ||||||||||
List Pim Fortuyn | LPF | 8 | 26 | |||||||||
Leefber Nederlân | LN | 2 | ||||||||||
Algemiene Aldere Ferbûn | AOV | 6 | ||||||||||
Sintrumdemokraten | CD | 3 | 1 | |||||||||
Uny 55+ | U55+ | 1 | ||||||||||
Totaal | 150 | 150 | 150 | 150 | 150 | 150 | 150 | 150 | 150 | 150 | 150 | |
Opkomst | 77,7% | 78,7% | 81,9% | 74,6% | 75,4% | 80,4% | 80,0% | 79,1% | 73,3% | 78,7% | 80,3% |
¹ 2023: PvdA + GL = 25 sitten
² 1989-1998: GPV + RPF
Foarsitters
Sûnt de ynstelling fan de Twadde Keamer yn 1815 waard de foarsitter beneamd troch de Kroan. Sûnt 1848 hie de Keamer it rjocht in twafâldige foardracht op te meitsjen: de nûmer 1 waard dan beneamd ta foarsitter en nûmer 2 waard earste fise-foarsitter. Yn de grûnwet fan 1983 is opnomd dat de Keamer sels in foarsitter kiest.
Lange tiid waarden efter de skermen ôfspraken makke oer in lykwichtige besetting fan de hege amten als fisepresidint Ried fan Steat en de keamerfoarsitters. Yn 2002 keas de Twadde Keamer foar in iepen proseduere. Frans Weisglas fan de VVD stelde him kandidaat wylst syn partij de posysje tatocht hie oan de ôftredende fise-premier Annemarie Jorritsma. Weisglas joech glâns oan it amt oant syn ôfgean op 29 desimber 2006. Op 6 desimber 2006 waard Gerdi Verbeet (PvdA) keazen, boppe bekendere Keamerleden lykas Henk Kamp en Maria van der Hoeven. Op 23 juny 2010 waard Gerdi Verbeet wêr keazen boppe Charlie Aptroot (VVD). Sy waard opfolge troch Anouchka van Miltenburg (VVD) op 25 septimber 2012. Van Miltenburg waard opfolge troch Khadija Arib (PvdA) op 13 jannewaris 2016. Arib waard opfolge troch Vera Bergkamp (D66) op 7 april 2021. Bergkamp binne opfolge troch Martin Bosma (PVV) op 14 desimber 2023.
Burgers
Wie in gearkomst fan de Twadde Keamer yn 1814 yn it earstoan besletten, yn de grûnwet fan 1815 waarden se ûnder druk fan de Belgen iepenbier. Yn 1859 kaam der in perstribune yn de gearkomstseal. Utstjoering fan debatten troch de radio en letter de telefyzje hawwe de iepenbierheid tige fergrutte. Sûnt 1968 hâldt de Keamer ek harksittings dêr't deskundige of belanghawwende boargers taljochtings yn jaan kinne oan de Keamer of ien fan har kommisjes.
Sûnt 2006 hat de Keamer it boargerinisjatyf. Kiesgerjochtigden kinne mei 40.000 hantekeningen in ûnderwerp foardrage foar de Keameraginda. Dit ûnderwerp mei net yn striid wêze mei de grûnwet en mei net yn de lêste twa jier yn de Keamer oan de oarder west hawwe. Sûnt 1 jannewaris 2008 kin de aksje foar in boargerinisjatyf ek op it ynternet fierd wurde.
Griffiers
Sûn 1 novimber 2004 is Jacqueline Biesheuvel-Vermeijden griffier fan de Twadde Keamer. Hja is de earste frou dy't dit amt beklaait. Sjoch ek list fan griffiers fan de Twadde Keamer fan Steaten-Generaal.
Gebou
Yn de hal, de Steatenpassaazje, steane in soad bylden op fuotstikken. Op de earste ferdjiping lizze de grutte gearkomstseal fan de Twadde Keamer en ferskate lytsere gearkomstromtes foar bygelyks kommisjegearkomsten.
Fierders sit yn it gebou noch de Hannelingskeamer, dêr't alle Hannelings fan de Twadde Keamer binne.
Fek K
- Fek K is in part fan de seal fan de Twadde Keamer, dêr't ministers sitte by debatten.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.