Remove ads
film út 1935 fan Alfred Hitchcock From Wikipedia, the free encyclopedia
The 39 Steps (útspr. as The Thirty-Nine Steps) is in Britske swart-wyt-spionaazjeskriller út 1935 ûnder rezjy fan Alfred Hitchcock, mei yn 'e haadrollen Robert Donat en Madeleine Carroll. De titel betsjut "De 39 Triemmen". It ferhaal giet oer in Kanadees yn Londen, in Richard Hannay, dy't by tafal gedoente kriget mei in frou dy't er yn in teäter treft. Dyselde fertelt him dat se besiket foar te kommen dat The 39 Steps, in skimige organisaasje fan spionnen, in Britsk steatsgeheim stelle. Hannay is dêr skeptysk oer, mar as de frou fermoarde wurdt en hy dêrfoar de skuld op 'e lea skood kriget, hat er gjin oar kar as om nei Skotlân te reizgjen om The 39 Steps te dwerseidzjen en sa syn eigen ûnskuld te bewizen. The 39 Steps krige doedestiden fan 'e filmkritisy tige positive resinsjes, en wurdt tsjintwurdich rûnom beskôge as in klassiker en ien fan 'e alderbêste films fan masterregisseur Hitchcock.
The 39 Steps | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Alfred Hitchcock | |
produsint | Michael Balcon | |
senario | Charles Bennett Ian Hay | |
basearre op | de roman fan John Buchan | |
kamerarezjy | Bernard Knowles | |
muzyk | Louis Levy Jack Beaver | |
filmstudio | Gaumont-British Picture Corp. | |
distribúsje | Gaumont-British Distributors | |
spilers | ||
haadrollen | Robert Donat Madeleine Carroll | |
byrollen | Godfrey Tearle Lucie Mannheim Pegge Ashcroft John Laurie Matthew Boulton | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk | |
premiêre | 6 juny 1935 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 86 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | krapoan £60.000 | |
opbringst | ûnbekend |
Yn in Londensk teäter befynt Kanadees Richard Hannay him middenmank in publyk dat sjocht nei in demonstraasje fan 'e bûtengewoane fermogens op it mêd fan ûnthâld fan 'e artyst dy't bekendstiet as 'Mr. Memory'. Ynienen brekt der yn 'e seal slaanderij út, wêrby't inkele skotten ôffjurre wurde út in pistoal. Yn 'e dêropfolgjende panyk streamt de seal leech, wêrby't Hannay in skynber benaude frou op 'e fuotten hâldt. Hja stelt harsels foar as Annabella Smith, en bepraat him om har mei werom te nimmen nei syn appartemint.
As se dêr oankommen binne, fertelt Annabella oan Hannay dat se in spionne is dy't efterfolge wurdt troch slûpmoardners, en dat sy dejinge wie dy't de skotten yn it teäter ôffjurre hat, mei as bedoeling om yn it dêrtroch feroarsake gedrang wei te wurden. Se hat in gearspanning ûntdutsen om Britske steatsgeheime militêre ynformaasje it lân út te smokkeljen, en oan it haad fan dy gearspanning stiet in man dy't de top fan syn rjochterpink mist. Se neamt ek 'The 39 Steps', mar leit net út wat dat ynhâldt. Wol fertelt se dat se no nei Skotlân moat, dêr't se immen treffe sil. Hannay leaut earst neat fan har ferhaal, mar as er bûten syn appartemintekompleks midden yn 'e nacht in pear mannen op 'e strjitte omhingjen sjocht, wurdt er wat ûngerêst.
Hannay, dy't in hear is, biedt Annabella syn bêd oan en sliept sels op 'e bank. Te neare nacht strompelet Annabella lykwols de wenkeamer yn mei in grut mês yn har rêch. It finster stiet oan it wiidst ta iepen. Se warskôget him om te flechtsjen no't it noch kin en ferstjert dan oan har ferwûnings. Hannay fynt yn har hân in lânkaart fan 'e Skotske Heechlannen mei yn 'e krite fan Killin in wente of pleats omsirkele dy't 'Alt-na-Shellach' hjit. Om't it appartemintekompleks noch altyd yn 'e gaten holden wurdt, wachtet Hannay de molkboer op, wêrnei't er dyselde bepraat om him syn jas en pet te lienen. Op dy wize kin er ûngemurken fuortkomme, wêrnei't er de Flying Scotsman nimt, de eksprestrein fan Londen nei Edinburgh.
Underweis komt Hannay út in krante-artikel oan 'e weet dat it stoflik omskot fan Annabella yn syn appartemint oantroffen is troch de skjinmakster en dat de plysje him no yn it hiele lân siket om't hy foar de moardner holden wurdt. As er gewaar wurdt dat de plysje de trein trochsiket, kringt er in kûpee yn dêr't in oantreklike jonge frou allinne sit, dy't er sûnder warskôging op 'e mûle tutet. As de plysjes dat sjogge, rinne se gnyskjend de kûpee foarby, om't se in man allinne sykje, mar de jonge frou moat fan sa'n behanneling neat hawwe en ropt de plysje werom. Hannay ûntsnapt út 'e kûpee en wurdt de hiele trein troch efterfolge troch de plysje, dy't úteinlik de trein stilsette lit midden op 'e Forthbrêge oer de Firth fan Forth. Hannay ferlit dêr de trein en ferskûlet him efter ien fan 'e pylders. De plysjes sjogge him net en de trein riidt fierder.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid giet Hanny geandefoets fierder nei Alt-na-Shellach, wêrby't er oernachtet by in earme, bibelfêste komelker en dy syn folle jongere frou. De frou, dy't in stik skranderder is as har man, kriget al rillegau foar it ferstân dat Hannay de sochte moardner út 'e krante is. Hy wit har lykwols te bepraten om him net te ferrieden. As midden yn 'e nacht de plysje de reed nei it spultsje fan 'e komelker delkomt, heart de frou, dy't wekker leit, harren al fan fierrens oankommen. Se warskôget Hannay, dat dy op 'e tiid útnaaie kin, en se jout him de oerjas fan har man mei, dy't folle dûnkerder is as syn eigen, sadat er tsjin 'e eftergrûn fan 'e Heechlannen net sa opfalle sil. De plysje giet Hannay efternei troch de wyldernis, wêrby't sels in iere foarm fan in helikopter ynset wurdt, mar hy wit harren foar te bliuwen en arrivearret úteinlik by Alt-na-Shellach, dat it hûs fan in Ingelske perfester Jordan blykt te wêzen. Dyselde lit syn tsjinstfamke de plysje wysmeitsje dat der gjin frjemden oan 'e doar west hawwe.
Jordan hat krekt wat folk oer de flier, ûnder wa Watson, de pleatslike sheriff (yn Skotlân de titel fan in kantonrjochter en net fan in plysjeman). Sadree't er syn gasten ôfpoeiere hat, harket er nei it ferhaal fan Hannay, dy't mient dat er yn Jordan in bûnsgenoat fan Annabella foar him hat. As er fertelt dat Annabella him warskôge hat foar in man dy't in stik fan syn rjochterpink mist, lit Jordan syn eigen rjochterhân sjen, dêr't de boppeste beide keatsjes fan 'e pink ûnbrekke. Dêrop lûkt er in pistoal en sjit Hannay del.
Aldergeloks rekket de kûgel fêst yn it gesangboekje fan 'e komelker, dat yn it boarstbûske fan syn oerjas sit. As Hannay neitiid allinne litten wurdt, ûntkomt er troch in finster, wêrnei't er nei sheriff Watson yn Killin ta giet, oan wa't Jordan him niiskrekt foarsteld hie. Hy docht nochris syn hiele ferhaal en beskuldiget perfester Jordan derfan oan it haad te stean fan in organisaasje fan spionnen. Watson moaipraat mei him oan de plysje arrivearret om Hannay op te pakken; dan blykt dat de sheriff neat fan syn ferhaal leaut om't Jordan syn bêste freon is. De plysje docht Hannay hânboeiens om 'e iene pols, mar ear't se ek de oare pols boeie kinne, ûntkomt er op 'e nij troch it finster.
Hannay besiket him te ferskûljen mank it publyk by in politike gearkomste, mar wurdt by fersin oansjoen foar dejinge dy't de haadsprekker fan 'e jûn oankundigje moat. Hy jout foar de hân wei in besieljende taspraak, mar wurdt werkend troch Pamela, de jonge frou dy't er yn 'e trein tute hat, as sy de haadsprekker nei it poadium bringt. Op 'e nij ferriedt sy him oan 'e plysje. De resjersjeurs dy't him ôffiere, steane derop dat Pamela ek meigiet om't se as tsjûge in ferklearring ôflizze moat. Se ride lykwols it plysjeburo yn Killin foarby, wêrnei't Pamela op har fraach te hearren kriget dat se nei it plysjeburo yn Inveraray geane. Letter ride se lykwols ek de ôfslach dêrhinne foarby, sadat Hannay beseft dat de 'resjersjeurs' eins trewanten fan perfester Jordan binne. As de wei tichtset wurdt troch in keppel skiep, en de 'resjersjeurs' útstappe om 'e bisten fuort te jeien, boeie se Hannay oan Pamela. Hannay nimt de kâns te baat om te ûntsnappen, wêrby't er in ûnwillige Pamela meisleept.
Yn 'e Heechlânske dize witte se te ûntkommen en ûnder in lange kuier troch de wyldernis docht Hannay op 'e nij syn ferhaal. Pamela leaut der neat fan, mar om't se oaninoar boeid binne, moat sy wol gean wêr't hy giet. Se arrivearje by in herberge, dêr't Hannay har ûnder bedriging mei in pistoal dat er yn 'e bûse hawwe soe, twingt om mei te spyljen dat se in troud pear op harren houliksreis binne en dat se in hiel ein fan 'e bewenne wrâld autopech krigen hawwe. As Hannay letter sliept, wit Pamela mei grutte muoite en net in lyts bytsje pine har hân út 'e boeien te lûken. Se besiket him syn pistoal ôf te pakken, mar it docht bliken dat er oars net as in piip yn 'e bûse hat. Se glûpt ta de keamer út, mar op 'e oerrin, dy't útsjocht op 'e resepsje, heart se de sabeare resjersjeurs perfester Jordan opskiljen, en út it petear kin se opmeitsje dat al Hannay syn bewearings dochs wier binne. Se giet werom nei de keamer en bringt de nacht op in bank troch.
De oare moarns fertelt Pamela oan Hannay wat se heart hat, nammentlik dat Jordan ûnderwilens nei Londen ta reizge is om dêr yn it London Palladium te sjen dat de steatsgeheimen dy't stellen binne fan it Ministearje fan Loftbeskerming sa fluch mooglik it lân út geane. Dat, Hannay en Pamela reizgje ek werom nei Londen, dêr't Pamela Scotland Yard warskôget, wylst Hannay nei it Palladium, in skouboarch, ta set. Mei't der op it Ministearje fan Loftbeskerming gjin papierren misse, leaut de plysje neat fan it ferhaal fan Pamela, mar foar har oer wurdt sein dat der in ûndersyk ynsteld wurde sil. As se Scotland Yard ferlit, wurdt se lykwols folge troch de plysje, dy't se streekrjocht nei it Palladium en dêrmei nei Hannay ta liedt.
Underwilens hat Hannay yn it Palladium perfester Jordan weromfûn, dy't op ien fan 'e priveebalkons oan 'e sydkant fan 'e seal sit. As de artyst 'Mr. Memory' opkomt, sjocht er dat dy in gâns sizzende blik útwikselet mei Jordan. Hannay beseft dan dat de steatsgeheime ynformaasje yn it wûnderbaarlike ûnthâld fan Mr. Memory opslein is en mei de artyst it lân ferlitte sil. Mr. Memory set útein mei syn optreden, wêrby't minsken yn 'e seal him drege fragen stelle meie, dy't hy út 'e holle wei detaillearre beäntwurdet om sjen te litten hoe goed oft syn ûnthâld is.
As de plysje mei mannemacht de seal ynkomt om Hannay op te pakken, skreaut er Mr. Memory ta: "Wat binne The 39 Steps?" De artyst antwurdet op twangmjittige wize: "The 39 Steps binne in organisaasje fan spionnen, dy't geheime ynformaasje stelle foar it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan…" Op dat stuit wurdt er delsketten troch Jordan, dy't himsels dêrmei ferriedt. De plysje, dy't no foar it ferstân kriget dat Hannay dochs de wierheid ferteld hat, grypt daliks yn en pakt Jordan op. Underwilens jout Mr. Memory yn 'e kûlissen ta dat er de steatsgeheime ynformaasje fan it Ministearje fan Loftbeskerming út 'e holle leard hat; it blykt om it ûntwerp foar in stille fleanmasinemotor te gean. Nei't er dat oan 'e plysje bekend hat, beswykt er oan 'e skotwûne dy't Jordan him tabrocht hat. Hannay en Pamela sjogge ta en gripe inoars hân fêst.
personaazje | akteur/aktrise |
Richard Hannay | Robert Donat |
Pamela | Madeleine Carroll |
personaazje | akteur/aktrise |
perfester Jordan | Godfrey Tearle |
Annabella Smith | Lucie Mannheim |
Margaret, de frou fan 'e komelker | Peggy Ashcroft |
John, de komelker | John Laurie |
de ûnechte resjersjeur | Matthew Boulton |
sheriff Watson | Frank Cellier |
Louisa Jordan, de frou fan 'e perfester | Helen Haye |
'Mr. Memory' | Wylie Watson |
frou fan 'e herbergier | Hilda Trevelyan |
hannelsreizger #1 | Gus McNaughton |
hannelsreizger #2 | Jerry Verno |
tsjinstfamke fan Jordan | Peggy Simpson |
molkboer | Frederick Piper |
foarsitter ferkiezingsgearkomste | Ivor Barnard |
Pat Jordan, de dochter fan 'e perfester | Elizabeth Inglis |
De cameo fan regisseur Alfred Hitchcock, dy't yn 'e measten fan syn films opnommen is, komt yn The 39 Steps foar as de film likernôch 7 minuten oan 'e gong is: Hitchcock en senarioskriuwer Charles Bennett kuierje dan in bus foarby dêr't Donat en Mannheim bûten it teäter yn stappe.
The 39 Steps waard regissearre troch Alfred Hitchcock nei in senario fan Charles Bennett en Ian Hay. Bennett wie ferantwurdlik foar de oarspronklike ferzje fan it skript, wêrnei't Hay mear dialooch tafoege. As produsint wie Michael Balcon by de film belutsen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bernard Knowles, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Louis Levy en in net op 'e ôftiteling fermelde Jack Beaver.
It senario fan 'e film wykt op ferskate punten frijwat ôf fan 'e roman The Thirty-Nine Steps, út 1915, fan John Buchan, 1e baron Tweedsmuir, dêr't it op basearre wie. Sa binne it teäter út it begjin fan 'e film en de treinstop op 'e Forthbrêge útfynsels fan 'e senarioskriuwers dy't yn it boek net foarkomme. De titel stiet yn 'e film foar in klandestine organisaasje fan spionnen, wylst er yn 'e roman, dêr't de Dútske spionnen harsels 'The Black Stone' neame, ferwiist nei fysike triemmen. Troch Annabella oan Hannay fertelle te litten dat se nei Skotlân reizgje sil om immen te moetsjen en neitiid in lânkaart produsearje te litten dêr't it plak Alt-na-Shellach op omsirkele is, mijde Hitchcock it aparte tafal yn 'e roman fan Buchan wêrby't Hannay, mei it hiele lân om yn ûnder te dûken, krekt by it hûs fan syn fijân oankloppet.
The 39 Steps wie foar syn tiid in grutte Britske filmproduksje, dy't filmstudio Gaumont-British Picture Corporation graach ek ynternasjonaal útbringe woe. Wylst Hitchcock syn foargeande film, The Man Who Knew to Much, £40.000 koste hie, wie foar The 39 Steps in budget fan krapoan £60.000 beskikber. In oansjenlik diel dêrfan wie bestimd foar it salaris fan haadrolspilers Robert Donat en Madeleine Carroll, dy't al in karriêre yn 'e filmyndustry fan Hollywood hiene en dêrom oansprekkende nammen foar it Amerikaanske bioskooppublyk wiene.
De distribúsje fan The 39 Steps waard fersoarge troch Gaumont-British Distributors. De film gie op 6 juny 1935 yn Londen yn premiêre.
Fan 'e filmkritisy krige The 39 Steps yn 1935 tige positive resinsjes. Yn The New York Times skreau Andre Sennwald bygelyks: "As dit wurk ek mar ien rivaal hat as it orizjineelste, fakkundichste en fermaaklikste melodrama fan 1935, dan moat it The Man Who Knew Too Much wêze, dy't ek yninoar set is yn it wurkplak fan dhr. Hitchcock." Hy neamde de regisseur in "master fan skok en spanning, fan kâlde ôfgriis en slûchslim út 'e toan fallende humor", dy't "de kamera brûkt sa't in skilder syn kwast brûkt". It tydskrift Variety skreau: "Mei ynternasjonale spionaazjefilms sitte jo hast altyd goed, en dit is ien fan 'e bêsten, fakkundich montearre, mei genôch sfearferlichtsjende humor."
Ek letter ferkaam de reputaasje fan The 39 Steps net. Filmmakker en akteur Orson Welles beskôge de film as "in masterwurk". Senarioskriuwer Robert Towne fûn it "net bot in oerdriuwing om te sizzen dat alle kontemporêne eskapistyske fermaak begjint mei The 39 Steps." Yn 1999 parte it Britsk Filmynstitút (BFI) de film op in ranglist fan 'e bêste Britske films fan 'e tweintichste iuw it fjirde plak ta. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The 39 Steps in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 47 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er smoarfol sit mei ûnferwachtse bochten en ommekearen wiist dizze essinsjele iere film fan Alfred Hitchcock foarút nei de tûzelsinnige hichten dy't er letter yn syn karriêre berikke soe."
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.