Remove ads

In skjinmakker of skjinmakster is in betelle wurknimmer dy't, itsij yn leantsjinst by in bedriuw, itsij as partikulier, foar syn of har berop wen- en/of wurkromtes en/of iepenbiere romtes skjinmakket. Immen dy't syn of har eigen hûs of dat fan in oar himmelet sûnder dêrfoar betelle te krijen, kin net oanmurken wurde foar in (profesjonele) skjinmakker.

Thumb
In skjinmakker oan it wurk yn in parkeargaraazje.

Skjinmakkers wurde fral ynset yn iepenbiere gebouwen, lykas skoallen en kantoaren, dêr't eltse dei himmele wurde moat. Om't it ûnderwiis of wurk dêr net ûnder lije mei, wurdt dat nei skoal- of wurktiid dien, mei as gefolch dat in protte skjinmakkers frijwat ûngewoane wurkoeren hawwe, meast let op 'e middei of jûns en soms ek wol moarns ier. Oangeande typyske wurksumheden fan skjinmakkers falt te tinken oan ôfstofjen, stofsûgen, it dweilen fan flierren en it himmeljen fan húskes.

Der besteane ferskate spesjalismen yn 'e skjinmakbrâns, lykas it wurk fan rutewaskers, dy't faak op (grutte) hichte oan 'e bûtenkant fan iepenbiere gebouwen wurkje. Yn hotels wurde de skjinmaksters, dy't dêr ek de handoeken en bêdrêding ferskjinje, yn 'e regel keamerfamkes neamd.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Remove ads

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads