From Wikipedia, the free encyclopedia
Termunten is in doarp oan de Doalert yn de gemeente Iemsdelta yn it easten fan de Nederlânske provinsje Grinslân. It doarp hat likernôch 330 ynwenners. Termunten hearde fanâlds by it Klaai-Aldamt. Fan 1818 oant 1990 wie Termunten in selsstannige gemeente dêr't ek de doarpen Borgsweer, Termunterzijl, Wagenborgen en Woldendorp by hearden. It gemeentehûs stie lykwols yn Woldendorp.
Termunten | ||
Sicht op Termunten | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Iemsdelta | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 330 (2021)[1] | |
Oerflak | 0,58 km² | |
Befolkingsticht. | 569 /km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 18' NB, 7° 3' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Termunten yn de eardere gemeente Delfsyl |
Termunten leit oan de Doalert. Under Termunten falle de buorskippen Baamsum, Dallingeweer en Fiemel., dêr't ek it doarp Termunterzijl en de buorskippen Grizemuontsekleaster, Kabofferij, Reide, Wartum en Wartumerklap. By de himrik fan Termunten hearre Kleine Polder, in part fan de Johanneskerkhovenpolder, de Punt fan Reide, polder Breebaart en bûtendyks de Reiderplaat en Heringplaat.
De namme komt yn eardere beneamings foar as Montanhae (10e iuw, betsjut "oanlisplak oan de Munte") in Menterne (1224 gebiet), to der Munten (1413), Groete Munten (1553), Grootemunte (1579), Ter Munte (1660), Oudt Termunten en Groot Termunten (1689).
De namme, Menterne soe komme fan Aldfryske foarmen fan Menterwâlde foar it oantsjutten fan it Aldamt en soe wize op de betsjutting herne (hoeke) fan de Munte. Ynstee fan herne soe it ek gean kinne om it taheaksel -er (ûntstien út it Germaanske warja-* "bewenner") en soe dus betsjutte "bewenner fan de Munte". It doarp waard gauris oantsjut mei Groot (grut) ta ûnderskied fan it mear yn it lân lizzende Lutke Munten (1553) en Oud of Klein Termunten (1781).[2][3]
Termunten hearde fanâlds by it Aldamt. It hjoeddeistige doarp ûntstie op twa wierden by de mûning fan de rivier de Munte of Oude Ae, dy't by Wildervank ûntspringt, dy't dêr yn de Iems streamde. Alle twa wierden hiene in eigen tsjerke en in selsstannige himrik. Sokke dûbelde doarpen kamen fierders ek wol foar, lykas by Easter- en Westerreide.
Grut-Termunten (Grote Munte of Nij-Termunten) wie mooglik in hannelsdelsetting op in langhalige wierde by de eastlike ouwer fan it Lytse Djip. Lyts Termunten (Lutke Munten of Ald-Termunten wie faaks in âlder tsjerkedoarp op in radiale wierde westlik fan it Lytse Djip. Op in soad âlde kaarten waarden beide doarpen omwiksele. Ien fand ebeide doarpen waard mooglik yn de tsiende iuw Montanhae (oanlisplak by de Munte) neamd , mank mei de ferdronken delsettings lykas Reide, Nesse en Wilgum.
De rivier Munter Ae rûn tusken beide doarpen troch. De mûning moat om 1200 hinne bedike west hawwe en mei ien of mear silen ôfdamme west hawwe. De slûzen moatte oarspronklik fierder rjochting see lein hawwe. By ferskate stoarmfloeden waard de dyk sûnt de ein fan de fyftjinde iuw twaris it lân yn ferlein. Neffens de Prophecye fan Jarfke út 1597 gie it om trije silen:
Noch heeft Jaerfke op en tijt gekomen van Palmaer nae der Munth / doen hy ter Munten quam voor Munter-zijl / want sy moesten daer een Zijl in houden / daer haer water doorliep / daer legen drie Zijlen in Termunten / die eene mosten holden die van Muntendam / ende de ander dat Convent van de grijse Monnicken met olde Termunte / en de derde van groote Termunte.
Ek op de Doalertkaart fan Jacob van der Mersch út 1574 stiet by de âlde Termuntersyl dat dêr trije silen leine, dêr't de skippen wei fearen. Neffens de oerlevering wie Termunten ea in vleck vol nering (in flekke dêr't in soad hannel wie) dêr't grutte skippen del kamen. Troch dyktrochbraken en it ûntstean fan de Doalert rekken de silen skeind en waarden se yn 1553 ôfdammen. Yn 1565 waard der sprutsen oer Olde Munterzyl. Yn 1584 waard by de eardere syl in skâns oanlein, de Termuntersile scanze. De sjenner Jarfke soe dat allegear foarsein hawwe: Die zijlen sollen daer uyt gegraven worden / ende die Ee sal Land werden. Termunten it slimste krayen nest wurde, dêr't skiep yn it eardere rivierbêd weidzje soene, sa die letter Jarfke syn wurden weromtinken.
Termunten bestie út ferskate selsstannige buorskippen. De twa doarpen Grut- en Lyts-Termunten, it Grizemuontsekleaster en de foarwurken Lesterhuis en Lalleweer wiene oant de iere njoggentjinde iuw selsstannige karspels dy't harren eigen ferantwurding oangeande de wetterhûshâlding hiene.
It sistersjinzerskleaster Grizemuontsen of Menterne waard yn 1299 út Nieuwolda-East nei Termunten ferpleatst. It lei tichteby it doarp Baamsum, dochs foel ûnder it karspel Lyts-Termunten. It kleaster waard om 1570 hinne ferwoastge troch de geuzen. Op it plak fan it kleaster kamen twa grutte pleatsen te stean.
Neffens in ferklearring út 1487 wie it doarp Grut-Termunten ynearsten ferparte yn trije buertgilden, Holm, Mid-Termunten en Dijkeind, dy't elts harren eigen rjochtsoel hiene. Eltse buert waard bestjoerd troch in haadling dy't syn eigen stins hie. Ek de buorskippen Baamsum, Fiemel en Dallingeweer hiene harren eigen rjochtstoel. Yn it karspel Lyts-Termunten lei de rjochtstoel Wartum. De leden fan de aadlike famylje Houwerda dy't op de Holm yn Grut-Termunten harren stins hiene, hawwe de oare haadlingen fuortjeid en ûnteigene. Yn 'e iere fyftjinde iuw hiene se, tegearre mei Gockinga's fan Súdbroek, de macht oer it gânse Aldamt. De twa famyljes ferbûnen harren mei Hamburch mar waarden troch de stêd Grins ferslein dy't dêrnei it bestjoer oer it Aldamt oernaam.[5][6]
It Klaai-Aldamt, likernôch de eardere gemeente Termunten, stie fan de ein fan de fyftjinde iuw ôf stie ûnder fuortendalis bestjoer fan Grins. Ek de oerbliuwsels fan de eardere karspel Westerreideyn it Reiderlân waarden by Grut-Termunten foege. De eardere Houwerdaboarch waard ferboud ta in kreas hearehûs, Ambtmanshuis, dy't yn de njoggentjinde iuw sloopt waard. Yn 1653 kaam dêr ek in rjochthûs dy't oant 1853 tsjinst die.
Tusken 1919 en 1948 lei Termunten oan de steamtramline Wynskoat - Delfsyl fan de Steamtramweimaatskippij Eastlik-Grinslân. De lokomotyfloads fan dy maatskippij stiet hjoed-de-dei noch hieltyd yn Termunten.
De Ursustsjerke fan Termunten komt fan de trettjinde iuw. De fûneminten befetsje dowestiennen fan in earder gebou. De hjoeddeistige tsjerke waard boud op in fûnemint út de tolfde iuw en wie oarspronklik in gruttere krústsjerke. Wat dêr fan oer is is it romanogoatyske koer en in lyts part fan it skip. De hjoeddeistige toer waard yn 1951 taheakke. Yn de njoggentjinde iuw stoarte de frijsteande midsiuwske toer foar in part yn waard dêrnei ôfbrutsen.
De eardere tsjerke fan Lyts-Termunten wie wijd oan Fabianus. De fûneminten kamen yn 1975 by nijbou bleat te lizzen. Hja binne boud fan dowestien mooglik yn de alfde of tolfde iuw. De tsjerke waard nei 1578 ôfbrutsen, dêr't de stiennen foar it ferhurdzjen fan de dyk foar brûkt waarden.
De himrik fan Termunten kaam foar it grutste part oerien mei dy fan it wetterskip Oude Ae (1929), dat yn 1967 opgie yn it wetterskip Aldamt, hjoed-de-dei Hunze en Aa's. De polder hie in klepslûs, letter in motergemaal by Wartumerklap. De Johannes Kerkhovenpolder gie op yn it wetterskip Fiemel. Wichtigee wettergongen binne Termuntersyldjip, Oude Ae, Kleine Diep en Ofwetteringskanaal, earder ek it Nije Maar en it Utwetteringskanaal.
Termunten leit oan de Ynternasjonale Doalertrûte, in kuierrûte by de Doalert del.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.