Jarfke
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jarfke, Jaarfke of Jarcke van der Muyden (en ek wol Aepko van der Munten, Jarfke ter Münte, Jarfken Wypkes of Jaerfke) soe yn de 16e iuw in sjenner west hawwe yn East-Fryslân en Grinslân. Jarfke wie in East-Fryske boer of fisker, dy't omtrint de 13e iuw yn it noardlike Reiderlân wenne, neffens oare boarnen yn de 15e iuw. Nettsjinsteande in protte ûnwissens oer Jarfkes libben geane Wilhelm Görges, Franz Louis Fuhse en P.G. Bartels út Aurich derfan út dat de sjenner in wier persoan west hat. De Nederlânske sosjolooch en histoarikus Otto S. Knottnerus, dy't yngeand dwaande is mei feiten en fiksje oer de skiednis fan de Doalert, beskôget Jarfke dêrfoaroer as in literêre 16e-iuwske útfining.
Hy soe de skriuwer wêze fan in boek dat yn de 16e iuw yn Emden yn it Nederlânsk ferskynde, Prophecije ende Voorsegghinghe, van eenen geheeten Jarfke[1]. Yn dat boek foarsei er in soad saken yn de skiednis fan East-Fryslân en it Reiderlân. Syn profesyen bleaune riedselich en lieten altyd nije ynterpretaasjes ta. De Profesij fan Jarfke waard hiel wat kearen werprinte. Der binne tusken de 20 en 25 edysjes, dy't benammen yn tiden fan krisis printe binne.
Jarfke syn Prophecije sil ek yn Fryslân ferneamd west hawwe. It folksboekje wie tige populêr oant yn de 19e iuw.
De Biltske boer Dirck Jansz. Cuyck hie om 1600 hinne die profisie van Jascoe yn syn boekerij. Ek yn de 18e iuw waard Jarfke rieplachte. By in proses oer foarsizzings fan de kant fan de Roomsk-Katoliken yn ferbân mei Sint Jansdei (1734) wurdt in ferlern giene druk fan de prophethie ende Voorsegginge van een geheeten J. neamd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.