From Wikipedia, the free encyclopedia
Tamme Velstra (Stiens, 27 april 1943) is in Frysk âld-keatser dy't yn 1968 mei syn partoer de PC wûn en ta kening útroppen waard. Dêrnjonken wûn er ien kear de Jong Nederlânpartij en twa kear it NK keatsen foar senioaren. Hy wie ferantwurdlik foar de yntroduksje fan 'e gjalp "Heedaar!" yn it keatsen.
Tamme Velstra | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tamme Velstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 27 april 1943 | |
berteplak | Stiens (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | keatsen | |
debút | 1957 | |
karriêre-ein | 1977 | |
wichtige prestaasjes | ||
PC: 1× earste priis + kening Jong Nederlânpartij: 1× earste priis NK keatsen foar senioaren: 2× earste priis PC: 4× twadde priis Freulepartij: 1× twadde priis NK keatsen foar senioaren: 2× twadde priis PC: 1× trêde priis Jong Nederlânpartij: 1× trêde priis |
Velstra waard yn 1843 berne yn Stiens, yn 'e doetiidske gemeente Ljouwerteradiel. Hy sette as opslûpen jonge útein mei in karriêre yn it keatsen en behelle yn 1960 op 'e Freulepartij yn Wommels mei syn partoer it twadde plak. Yn 1961 besetten Velstra en syn maten it trêde plak op 'e Jong Nederlânpartij, it NK foar junioaren. Datselde jiers diene se ek al mei oan 'e PC yn Frjentsjer, dêr't se it yn 'e finale ôfleine tsjin it partoer fan Rienk de Groot, Johan Jansen en Martinus Santema, en sa op it twadde plak einigen.
Op 10 juny 1962 wûn Velstra mei syn partoer de Jong Nederlânpartij en dat jiers einige er by it NK keatsen foar senioaren op it sânde plak. Yn 1963 en 1965 died er it op it NK keatsen foar senioaren noch minder, mei in achtste plak, mar yn 1964, it jier dêrtuskenyn, wisten hy en syn maten op 18 maaie dyselde keatspartij op harren namme te skriuwen. Yn 1965 berikten Velstra-en-dy op 'e nij it twadde plak op 'e PC, dêr't se doe yn finale ferlearen fan Hein Zijlstra, Martinus Santema en Gerrit Langerak.
Op 15 maaie 1967 skreau Velstra mei syn partoer it NK keatsen foar senioaren foar de twadde kear op syn namme, mar datselde jiers ferlear er de finale fan 'e PC fannijs, diskear fan Hotze Schuil, Klaas van Wieren en Johan Halbesma. Yn 1968, doe't er Baard as wenplak opjoech, wist Velstra op 31 july einlings de PC te winnen, yn 'e mande mei Johan van Seijst fan Frjentsjer en Johannes Westra fan Ljouwert. Velstra sels waard dat jiers ta kening fan 'e PC útroppen.
Syn keningskip fan 'e PC yn 1968 wie it hichtepunt fan Velstra syn keatskarriêre. Neitiid berikte er dat nivo nea wer. Yn 1969 behelle er mei syn maten de twadde priis op sawol it NK keatsen foar senioaren as de PC, dêr't se it dat jiers yn 'e finale ôfleine tsjin Johan van Seijst, Sikke Sikkema en Johannes Westra. Yn 1970 einige Velstra op it sânde plak op it NK keatsen foar senioaren en yn 1971 kaam er oan it fjirde plak ta op 'e PC. Yn 1972 wûn er nochris de twadde priis op it NK keatsen foar senioaren en yn 1973 behelle er mei syn partoer it brûns op 'e PC. Velstra syn lêste resultaat dat it neamen wurdich is, wie in sânde plak op it NK keatsen foar senioaren yn 1977. Under syn keatskarriêre wûn er yn totaal 37 keningskippen en sammele er 418 punten gear foar it Ivich Keatsklassemint.
Tsjintwurdich is Tamme Velstra fral noch bekend om syn yntroduksje yn it keatsen fan 'e gjalp "Heedaar!", dy't er altyd utere as er in bal goed rekke hie. It is in typyske keatsterm wurden, dy't yn keatsfermiddens noch altyd brûkt wurdt.[1][2][3][4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.