From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sineeske hazze (wittenskiplike namme: Lepus sinensis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dêrbinnen foarmet dit bist it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e Sineeske hazzen (Sinolagus). De Sineeske hazze komt foar yn súdeastlik Sina en op Taiwan. It is in relatyf lytse hazzesoarte, dy't benammen nachts aktyf is en der in herbivoar dieet op nei hâldt. De IUCN klassifisearret de Sineeske hazze as net bedrige.
Sineeske hazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus sinensis | ||||||||||||
Gray, 1832 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Sineeske hazze waard yn 1832 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch John Edward Gray. De Koreaanske hazze (Lepus coreanus) waard foarhinne as in ûndersoarte fan 'e Sineeske hazze sjoen, mar út molekulêre bestudearring fan it mitogondriaal DNA fan dat bist is fêst kommen te stean dat it eins in aparte soarte is.
De Sineeske hazze is lânseigen yn dielen fan eastlik en súdeastlik Sina besuden de rivier de Jangtsekiang. Ta dit ferspriedingsgebiet hearre (dielen fan) de Sineeske provinsjes Anhui, Fujian, Guangdong, Guizhou, Hunan, Jiangsu, Jiangxi en Zhejiang, de autonome regio Guangxi en de spesjale bestjoerlike regio's Hongkong en Makau. De Sineeske hazze ûntbrekt lykwols op it Leizhouskiereilân, dat fan 'e kust fan Guangdong rjocht nei it suden ta útstiket yn 'e Súdsineeske See, en teffens op it grutte eilân Hainan. Bûten Sina komt dit bist wol foar op Taiwan, en teffens yn in tige beheind diel fan it uterste noarden fan Fjetnam.
De Sineeske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 35–45 sm, mei in sturtlingte fan 4–5,7 sm en in gewicht fan 1,0–1,9 kg. Dêrmei is dit ien fan 'e behindigere hazzesoarten. Der bestiet in beskate seksuele dimorfy yn 'e sin dat de moerhazzen oer it algemien merkber grutter fan stal binne as de rammen. De efterpoaten hawwe in lingte fan 8,1–11,1 sm, en de earen binne relatyf koart en mjitte 6,0–8,2 sm yn lingte.
De pels is koart en rûch. Op 'e rêch en it boarst binne Sineeske hazzen kastanjebrún fan kleur, en op 'e bealch witich. De sturt is brún, wylst de úteinen fan 'e earen trijehoekige swarte puntsjes hawwe. Fan oare leden fan it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus) ûnderskiedt de Sineeske hazze him benammen troch de foarm en details fan 'e plasse en de tosken. Ien fan 'e wichtichste foarbylden is de lange en bol steande noasbonke.
Sineeske hazzen hâlde benammen fan iepen en healiepen (mei strewelleguod bestruide) gersflakten en heuvels. Dêrnjonken libje se ek yn bamboewâlden. Yn berchtmen komme se foar oant op in hichte fan 4.000–5.000 m.
De Sineeske hazze is net wiidweidich bestudearre. It is in nachtdier, dat lykwols bytiden ek by deiljocht op 'e lapen komt. Dit bist fertrout op syn faasje by it draven om oan rôfdieren te ûntkommen. Sineeske hazzen libje net yn ûndergrûnske hoalen, mar rêste by dei út yn in leger, in ûndjippe dobbe dy't makke is yn opgeande fegetaasje. De peartiid rint by dizze soarte fan april oant yn augustus. De moerhazze bringt yn har leger in smeet fan likernôch 3 jongen te wrâld, dy't berne wurde mei alle hier derop en de eachjes iepen. Se binne frijwol daliks nei de berte aktyf. De molke is by Sineeske hazzen tige ryk oan fetten en aaiwiten. Nei likernôch 3 wiken wurde de jongen ôfwûn.
De Sineeske hazze hat in herbivoar dieet dat bestiet út gerzen, krûden en oar plantaardich materiaal, lykas knoppen, twigen en beamskoars. Sineeske hazzen produsearje twa soarten kjitte: wiet en drûch. De wiete kjitte wurdt nei útskieding fuortendaliks wer opfretten yn in proses dat kropofagy hjit. De bedoeling dêrfan is om 'e maksimale hoemannichte fiedingsstoffen út it fretten te krijen.
De Sineeske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn noardlik Fjetnam libbet er yn in tichtbefolke lânbougebiet, dêr't it risiko fan oerbejaging bestiet. It is ûnbekend hoe't it der yn Sina mei de populaasje krekt foarstiet.
Der binne 3 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Sineeske hazze (Lepus sinensis):
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.