Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
MI6 (Ingelske útspr. [emaːi̭ˈsɪks], likernôch: "em-aai-siks"), formeel eins de Secret Intelligence Service ("Geheime Ynljochtingetsjinst"), ôfkoarte ta SIS, is de bûtenlânske geheime tsjinst fan it Feriene Keninkryk. De tsjinst ûntstie yn 1909 as in seksje fan it Secret Service Bureau en makke yn 'e Earste Wrâldoarloch in dramatyske groei troch. Om 1920 hinne waard de hjoeddeistige offisjele namme oannommen; de bynamme MI6 (mei as betsjutting: Military Intelligence, Section 6) ûntstie yn 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't de SIS ferskate falske en misliedende nammen brûkte by wize fan dekmantel foar geheime operaasjes tsjin nazy-Dútslân. 'MI6' bleau lykwols stykjen en waard neitiid sa bekend dat de wiere namme fan 'e organisaasje alhiel ûndersnijd rekke. Fiifentachtich jier lang wie it bestean fan MI6 in publyk geheim, dat net offisjeel befêstige waard. Pas yn 1994 krige de tsjinst in wetlike basis (en dêrmei in offisjeel bestean) troch de ynfiering fan 'e Intelligence Service Act 1994.
MI6 | ||
algemiene ynformaasje | ||
namme folút | Secret Intelligence Service | |
ôfkoarting | SIS | |
lân | Britsk | |
haadkertier | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 1909 | |
falt ûnder | Min. fan Bûtenlânske Saken | |
fuortk. út | Secret Service Bureau | |
doel | ● terrorismebestriding ● bestriding fan 'e fersprieding fan nukleêre wapens ● cyberbefeiliging | |
wurknimmers | 2.594 (31 mrt 2016) | |
jierliks budget | £3,02 miljard* (2017-2018) | |
offisjele webside | ||
sis.gov.uk |
MI6 stiet ûnder lieding fan 'e sjef (chief) fan 'e SIS. De tsjinst ressortearret ûnder it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan it Feriene Keninkryk. De minister dy't ferantwurdlikheid draacht foar it funksjonearjen fan 'e tsjinst is sadwaande de minister fan Bûtenlânske Saken. Der wurdt iepenbier tafersjoch oer MI6 útoefene troch it Tribunaal fan Undersyksmachten (Investigatory Powers Tribunal) en de Parlemintêre Kommisje oangeande Ynljochtings en Befeiliging (Intelligence and Security Committee of Parliament). It haadkertier fan 'e tsjinst is sûnt 1995 fêstige yn it SIS Building yn Londen, dat oan 'e súdigge fan 'e rivier de Teems stiet, fuortby de Vauxhallbrêge.
Yn it algemien is it doel fan MI6 om troch it sammeljen fan geheime en iepenbiere ynformaasje út it bûtenlân de feilichheid fan it Feriene Keninkryk, syn oerseeske ôfhinklikheden en syn bûnsgenoaten te waarboargjen en it belied fan it regear fan it Feriene Keninkryk te ûnderstypjen. Oars as de wichtichste sustertsjinsten, MI5 (eins de Security Service) en it Government Communications Headquarters (GCHQ), is MI6 inkeld aktyf op it mêd fan it sammeljen fan bûtenlânske (en net fan binnenlânske) ynljochtings. De wichtichste spesifike doelen binne dêrby:
MI6 kaam fuort út it Secret Service Bureau, dat op 1 oktober 1909 oprjochte waard as in mienskiplik inisjatyf fan 'e Britske Admiraliteit en it Ministearje fan Oarloch om geheime ynljochtinge-operaasjes yn it Feriene Keninkryk en om utens by ûnder te bringen. Yn 't earstoan gie it dêrby benammen om operaasjes dy't rjochte wiene tsjin it Keizerryk Dútslân. It buro wie opspjalten yn in marine- en in lânmachtseksje, dy't har meitiid taleine op spionaazje om utens, resp. binnenlânske kontraspionaazje-aktiviteiten. Dy spesjalisaasje fan 'e marineseksje ûntstie troch de fjurrige winsk fan 'e Admiraliteit om 'e sterkte fan 'e Keizerlike Dútske Marine te witten te kommen. De marineseksje ûntjoech him sadwaande ta MI6, wylst út 'e lânmachtseksje MI5 fuortkaam.
Yn 'e Earste Wrâldoarloch ûndergie MI6 in dramatyske útwreiding, sawol op it mêd fan operaasjes as wat personiel en fasiliteiten oangie. De resultaten holden lykwols net oer, om't de tsjinst net by steat bliek om in eigen spionaazjenetwurk yn Dútslân sels op te setten. De ynformaasje dy't sammele waard, wie foar it meastepart ôfkomstich út netwurken yn troch Dútslân besette gebieten (lykas Belgje, noardlik Frankryk en Servje), út neutrale lannen (lykas Nederlân, Denemark en Switserlân) en út it yn gaos ferkearende Keizerryk Ruslân. Nei ôfrin fan 'e oarloch waard MI6 wer oansjenlik ynkrompen, mar yn 'e 1920-er jierren wist de organisaasje in nauwe gearwurking mei de Britske diplomatike tsjinst op te bouwen. De earste sjef fan MI6, sir Mansfield George Smith-Cumming, wist foarinoar te krijen dat syn tsjinst tenei ûnderbrocht waard by it Britsk Ministearje fan Bûtenlânske Saken.
Yn it earste part fan it Ynterbellum wie MI6 benammen dwaande mei it sammeljen fan ynljochtings oangeande it kommunisme en yn it bysûnder oangeande it bolsjewisme yn 'e Sovjet-Uny, dat doe as de wichtichste fijân sjoen waard. Yn dat ljocht moat ek de beruchte mislearre operaasje yn 1918 sjoen wurde om it bolsjewistyske regear fan Lenin ûnder fuotten te heljen, dêr't MI6-aginten Sidney Reilly en sir R.H. Bruce Lockhart by belutsen wiene. Doe't yn 1933 yn 'e Weimarrepublyk de nazys oan 'e macht kamen, ferskode de belangstelling fan 'e tsjinst ek yn dy rjochting. Nettsjinsteande dat wurke MI6 noch oant yn oktober 1937 gear mei de Gestapo troch ynformaasje oer kommunisten te dielen.
Ein july 1939 waarden aginten fan MI6 yn Poalen troch leden fan 'e Poalske geheime tsjinst yntrodusearre yn 'e Poalske dekrypsjemetoaden fan 'e Dútske Enigma-kodearmasine. MI6 soe dêr letter op fuortborduerje troch de Enigma-koade te ûntsiferjen. Dat wie ûnder de Twadde Wrâldoarloch fan ûnskatbere wearde. De Britten wiene sa yn 't foar op 'e hichte fan û.o. it begjin fan Operaasje Barbarossa (de Dútske ynfal yn 'e Sovjet-Uny), de oankomst fan it Afrikakorps yn Lybje, en hoe't it derfoar stie mei de gefjochtsparaatheid fan Vichy-Frânske troepen yn ferbân mei Operaasje Torch (de Alliëarde lânings yn Noard-Afrika). Njonken it brekken fan 'e Enigma-koade wie MI6 yn 'e Twadde Wrâldoarloch ek op oare mêden aktyf. Sa besoarge de Poalske agint Jan Karski it Britske regear de earste bewizen oer de Holokaust. Fia in froulike Poalske agint hie MI6 tagong ta admiraal Wilhelm Canaris, it haad fan 'e Dútske geheime tsjinst Abwehr.
Nei de oarloch waard mei it begjin fan 'e Kâlde Oarloch de Sovjet-Uny wer de wichtichste fijân. Tsjin dy tiid wie MI6 ynfiltrearre troch Kim Philby, in dûbelspion fan 'e NKVD (de foarrinner fan 'e KGB), dy't yn 1944 opklom ta de posysje fan haad fan 'e anty-Sovjet-seksje fan MI6. Sadwaande koed er de Russen foarsjen fan alle ynformaasje dy't de Britten oer harren hiene, en ek fan 'e ynformaasje dy't it Amerikaanske OSS (de foarrinner fan 'e CIA) mei MI6 dielde. Philby waard pas yn 1963 ûntmaskere. In oare ferrieder binnen MI6 wie George Blake, dy't yn 'e 1950-er jierren te krijen hie mei tunneloperaasjes yn 'e yn sônes ferdielde stêden Wenen en Berlyn en dêr alles oer útbrocht oan 'e KGB. Blake waard yn 1961 as dûbelspion ûntmaskere troch de Poalske oerrinner Michael Goleniewski.
Nei ôfrin fan 'e Kâlde Oarloch waard de begrutting fan MI6 mids 1990-er jierren sterk weromskroeve. Nei de terroristyske oanslaggen fan 9/11 wie de tsjinst wer ien fan 'e wichtichste bûnsgenoaten fan 'e Amerikaanske CIA. MI6 wie behelle yn 'e striid fan 'e Noardlike Alliânsje yn Afganistan tsjin it rezjym fan 'e Taliban yn 2001, en by de Amerikaanske ynfal yn Irak fan 2003. Guon fan 'e aktiviteiten fan MI6 yn it Midden-Easten en Sintraal-Aazje soargen foar grutte kontroverse doe't se bekend waarden, lykas belutsenens by martelings en wat de Amerikanen "bûtengewoane útlevering" neamden (d.w.s. ûntfiering fan fertochten út harren heitelân wei). Dêrnjonken hat MI6 sûnt 2000 ek belutsen west by de jacht op fertochten fan oarlochsmisdieden op 'e Balkan. Sa spile de tsjinst in krúsjale rol yn 'e útlevering fan 'e eardere Servyske presidint Slobodan Milošević oan it Joegoslaavjetribunaal yn De Haach.
Yn 'e popkultuer is MI6 benammen bekend út 'e James Bond-filmsearje oer de Britske geheim agint James Bond (koadenamme 007), dy't foar MI6 wurket. Dy filmrige rint sûnt de iere 1960-er jierren en is anno 2020 de langst rinnende filmsearje út 'e filmskiednis. Yn 'e films, dy't basearre binne op 'e James Bond-romansearje fan Ian Fleming út 'e 1950-er jierren, stiet de sjef fan MI6 bekend ûnder de koadenamme M en de kertiermaster fan 'e tsjinst ûnder de koadenamme Q.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.