From Wikipedia, the free encyclopedia
Safaripark Beekse Bergen, is in bistetún yn yn Hilvarenbeek yn Noard-Brabân, en makket diel út fan de groep fan Beekse Bergen, dêr't ek Speelland Beekse Bergen diel fan útmakket. It is kwa oerflakte it grutste bistepark fan de Benelúks. Op grutte iepen flaktes binne der sebra's, sjiraffen en strúsfûgels. Fierder binne der liuwen, noashoarns, oaljefanten en jachtloaihoarsen.
Safaripark Beekse Bergen | ||
dieretún | ||
Yngong Safaripark Beekse Bergen (2006) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Hilvarenbeek | |
plak | Hilvarenbeek | |
koördinaten | 51° 31' NB, 5° 6' EL | |
bysûnderheden | ||
type | Safaripark | |
tema | Afrika | |
diel fan | Libéma | |
oerflak | 120 ha | |
tal bisten | 1,500 | |
tal soarten | 205 (2016) | |
wurknimmers | 170 | |
besikers | 850.000 (2013)[1] | |
netwurk(en) | EAZA, NVD | |
skiednis | ||
iepening | 1968 | |
gebou | ||
boujier | 1968 | |
offisjele webside | ||
webstee Safaripark Beekse Bergen | ||
kaart | ||
Ein jierren fyftich ûntstie troch sânwinning tusken Tilburch en Hilvarenbeek in grutte wetterplasse. Nei jierren fan oerlis waard troch de eigeners, de gemeenten Tilburg en Hilvarenbeek, yn de jierren 60 it "Strand- en Speelland" ynrjochte. Dit park rjochte him yn it begjin benammen op simmerrekreaasje. Yn 1968 waard it "Leeuwenpark Beekse Bergen" iepene. It bestie allinnich út fjouwer parten dêr't liuwen út 'e auto wei observearje wurde koene. It park luts in soad besikers; it gefolch wie dat der grutte drokte ûntstie yn en bûten it park. De besikers brochten gemiddeld ien oant oardel oere yn it park troch.
Yn 1970 wreide it park út mei in terrein foar jachtloaihoarsen. Ek waard der yn dat jier in terrein oan it park taheakke dêr't bavianen harren ûnderkommen yn krigen. Yn 1980 waard it wyldpark oan it besteande park taheakke wêrtroch 't de totale oerflakte útgroeide ta 120 hektare. Yn dit nije gebiet waarden Przewalskihynders, reaharten, deimen, aksisharten, Japanske sikaharten en moeflons útset.
De kuiersafary waard yn 1982 yn gebrûk nommen. Dy beheinde him ta in lyts part fan it park. It joech de besikers de kâns om har skonken ris te strekken en om lytsere bistesoarten te observearjen dy 't te lyts wiene om yn it park frij rûn te rinnen. Op ferskate eilantsjes koe men ringsturtmakys, deahaadaapkes en pinguins sjen.
Yn de jierren dy 't dêrop folgen, kaam it bestean fan it Safaripark Beekse Bergen yn gefaar. De gemeenten besleaten de Beekse Bergen te sluten oft der in nije eigener foar te sykjen. Yn 1985 waard de "Stichting Vrienden Safaripark Beekse Bergen" yn libben roppen, dy't har ynsette soe foar it behâld fan it park. Yn 1987 gie it park oer yn priveehannen, wêrnei't it grutte feroarings ûndergie. Libéma waard de nije eigener. Der waard ein jierren '80 al úteinset mei de oanlis fan in wetterpartij foar safaryboaten. De fokus kaam dêrneist mear op de kuiersafary te lizzen, dy't yn 1991 útwreide waard.
Begjin 2007 binne twa grutte sjimpanseeferbliuwen en in gorillaferbliuw iepene. Yn 2008 folgen noch twa groepen sjimpansees. Yn 2016 waard begûn mei in nije ynrjochting fan'e autosafary, troch grutskalige ferhuzingen en it fernijen fan twa gebieten waard besocht om in kompleter byld fan Afrika te skeppen en de sichtberens te fergrutsjen.
Yn 2018 bestie "Safaripark Beekse Bergen" 50 jier; yn it jubileumjier waard "Safari Resort" iepene sadat besikers fan it park fan dat momint ôf ek yn it park oernachtsje kinne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.