From Wikipedia, the free encyclopedia
De moeflon (Ovis gmelini) is it lytste wylde skiep. De namme wurdt somtiden ek mei fersin brûkt foar de oan 'e moeflon besibbe argaly (Ovis ammon). Argalys binne lykwols grutter as moeflons. De soarte wurdt ek wol Aziatyske moeflon neamd om him te ûnderskieden fan 'e Europeeske moeflon (Ovis gmelini musimon). Guon saakkundigen beskôgje de moeflon as in ûndersoarte fan it wylde skiep (Ovis orientalis).
Moeflon | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ovis gmelini | ||||||||||||
Gmelin, 1774 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De moeflon wurdt 110 oant 130 sm lang en hat in seis oant tsien sm lange sturt. Rammen wurde grutter as eien. In raam hat in trochsnit skofthichte fan 75 sm en in gewicht fan 35 oant 40 kg, wylst de ei in skofthichte fan likernôch 65 sm hat en in gewicht fan 30 oant 40 kg.
Eartiids waard it steppeskiep of de oerial (Ovis vignei) as ûndersoarte fan 'e moeflon beskôge, mar hjoed-de-dei wurdt dy as in aparte soarte behannele. De Europeeske moeflon is nei alle gedachten in oerfoarm fan it skiep en wurdt dêrom as ûndersoarte fan it skiep beskôge.
Moeflons ite gers, tûkjes, knoppen, jong blêd en winterdeis ek bast. Se binne skou en nachts of by it skimerjen aktyf.
Eien en lammen libje yn lytse groepkes, allinne by jachterichheid is der in raam oanwêzich. Tusken oktober en novimber binne moeflons joeisk en der wurdt yn april oant maaie lamme, meastentiids ien en somtiden twa. De draachtiid duorret 150 oant 170 dagen. Eien binne nei oardeljier geslachtsryp, mar meastentiids duorret de earste dekking langer om't se earst in dominante posysje opbouwe moatte. Se wurde likernôch 14 jier âld.
Moeflons komme fan oarsprong út West-Aazje. By de populaasjes yn Europa giet it om de Europeeske moeflon (Ovis aries musimon), in ferwylderd primityf skiepperas. De moeflon komt yn dielen fan Armeenje, Azerbeidzjan, Iran en Turkije foar.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.