Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Primož Roglič (Trbovlje, 29 oktober 1989) is in Sloveensk hurdfytser en in earder skânsspringer en wie trije kear winner fan de Omgong fan Spanje.
Primož Roglič | ||
sporter | ||
Primož Roglič (2017) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Primož Roglič | |
nasjonaliteit | Sloveensk | |
bertedatum | 29 oktober 1989 | |
berteplak | Trbovlje | |
lingte | 177 sm | |
gewicht | 65 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen, Skânsspringen (2003-2011) | |
ûnderdiel | Klimmer, Tiidriden | |
O.S. | Rio de Janeiro 2016, Tokio 2020 (2021) | |
debút | 2003 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Spanje (2019-2021) (3x), Olympyske Simmerspullen (2020) |
Roglič begûn yn 2003 mei skânsspringen. Yn 2006 pakte Roglič op it wrâldkampioenskip skânsspringen foar junioaren de sulveren medalje yn de lannewedstriid. [1] In jier letter pakte er mei it Sloveenske team de wrâldtitel by de junioaren. [2] Roglič persoanlike rekôr by it skânsspringen is 146,5 meter, dat sprong er yn 2007 yn Planica. Fanwegen in swiere fal moast Roglič yn 2011 in punt efter syn karriêre yn it skânsspringen sette. By syn refalidaasje rjochte Roglič him op it hurdfytsen, wêrnei't bliken die dat er goed meikomme koe yn it peloton. [3]
Fan 2013 oant en mei 2015 kaam Roglič út foar Adria Mobil, dêr't er in tal lytsere omgongen en klasseminten wûn. Foar it seizoen 2016 stapte Roglič oer nei de Nederlânske ploech LottoNL-Jumbo dy't yn 2019 oer gie yn Jumbo-Visma.
Yn 2016 fytste Roglič syn earste grutte omgong, Yn de Omgong fan Itaalje wist er de tiidrit yn de 9e etappe te winnen. Hast twa wiken nei de Giro waard Roglič Sloveensk nasjonaal kampioen tiidriden, wêrmei't er him kwalifisearre foar de Olympyske Simmerspullen yn Rio. Yn 2017 die Roglič foar it earst mei oan de Omgong fan Frankryk en wûn de 17e etappe. Hy wie dêrmei de earste Sloveen dy't in etappe wist te winnen yn de Omgong fan Frankryk. Yn 2018 en 2020 soe er yn de top tsien yn einigje yn de Omgong fan Frankryk. Yn 2019 die Roglič wer mei oan de Omgong fan Itaalje en behelle syn earste poadiumplak yn in Grutte omgong. Yn de Omgong fan Spanje pakte Roglič de einoerwinning, de earste fan trije oerwiningen yn de Vuelta. Oan de ein fan seizoen 2023 makke Roglič bekend dat hy yn 2024 net mear by Jumbo-Visma ride soe, en dat hy de oerstap makke nei BORA-hansgrohe foar minimaal ien seizoen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.