Pitersbierrum

From Wikipedia, the free encyclopedia

Pitersbierrum

Pitersbierrum is it meast westlike doarp fan de gemeente De Waadhoeke. Pitersbierrum leit noardeastlik fan Winaam, westlik fan Seisbierrum en besuden de Waadsee. De doarpskearn fan Pitersbierrum leit benammen om de Fan Hottingawei, dêr’t ek de tsjerke stiet. De op de westlike grins fan de himrik lizzende buorskip Roptasyl heart foar in part ek by Pitersbierrum.

Fluch de feiten
Pitersbierrum
Thumb
Sint-Piterstsjerke
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal155 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak5,83 km², wêrfan:
- lân: 5,74 km²
- wetter: 0,09 km²
Befolkingsticht.25 ynw./km²
Oar
Koördinaten53° 12' N 5° 28' E
Offisjele webside
Webstee Seisbierrum-Pitersbierrum
Kaart
Thumb
Slute

Op 1 jannewaris 2023 hie Pitersbierrum 155 ynwenners.

Skiednis

It twadde diel fan de doarpsnamme stamt fan it Aldfryske bêre, dat skuorre of hûs betsjut. Sint-Piter (Petrus) wie de patroanhillige fan de tsjerke en de namme kin dus as "Hûs fan Petrus" útlein wurde. Mooglik foarme Pitersbierrum mei Seisbierrum it âlde en net mear besteande doarp Westerbierrum.[2]

Thumb
Hottingastate

Yn de 19e iuw waard ek de midsiuwske tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in 19e-iuwsk gebou, dat in jiermannich letter yn 1843 by swier waar ôfbaarnde. Dêrnei waard de hjoeddeiske tsjerke boud, de toer folge letter yn 1878. West fan de Pitertsjerke stie it barokke slot Hottingastate. Hottingastate waard yn 1844 foar de sloop ferkocht.

Mei't yn 1909 it yn 1857 boude Walburgastate it gemeentehûs fan Barradiel waard, waard in lyts diel fan de himrik fan Pitersbierrum by Seisbierrum foege, sadat it gemeentehûs ek yn it haadplak stie. Nei de opheffing fan Barradiel yn 1984 waard de grûn wer oan 'e Pitersbierrum werom jûn. Walburgastate is sûnt 2008 yn gebrûk as Thomashûs.

Sûnt 2018 leit Pitersbierrum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel.

Mienskip

Thumb
Walburgastate

Pitersbierrum foarmet mei Seisbierrum in dûbeldoarp. De doarpen binne de lêste 60 jier oan elkoar fêstgroeid en diele it ferieningslibben, it tsjerklik libben en alle foarsjennings.

It doarpshûs It Waed fan de twa doarpen stiet yn Seisbierrum. Der wurdt wurke oan in nij Multy Funksjoneel Aktiviteitensintrum (2023).[3]

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Pitersbierrum.

Skoalle

Thumb
Van Hottingawei-Tsjerkhôfspaed

Ferienings

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Befolkingsferrin

Mear ynformaasje Jier ...
Jier18401954195919641969197420032009
Ynwenners380363303296225205172146
Jier20152020
Ynwenners137135
Slute

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Thumb
Eardere herfoarme pastorij

Berne yn Pitersbierrum

Monuminten

  • Tsjerke (1845), toer (1878) en pastorij (19e iuw, mooglik in diel 18e-iuwsk)
  • Monumintale pleatsen: Hearewei 2, Hearewei 14, Hoarnestreek 7-9 (Gerbrandastate)
  • Ienfâldich hûs tusken topgevels (1631) oan it Skippersdykje 1

Strjitten

Breed Plak, Hearewei, Hoarnestreek, Hoarpaad, Leane, Liauckamaleane, Skippersdykje, Van Hottingawei, Walburgastrjitte.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.