Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Winaam is in doarp yn 'e gemeente Harns. Winaam leit noardeastlik fan Mullum en Harns, noardwestlik fan Hjerbeam, westlik fan Frjentsjer, súdwestlik fan Pitersbierrum en Seisbierrum en súdwestlik fan de Waadsee. De doarpskearn fan Winaam leit om de Buorren, noardlik en eastlik fan de Andréastsjerke. De buorskippen Roptasyl (diel), Lytse Buorren en Foarryp hearre ek by Winaam.
Winaam | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Harns | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 485 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 5,30 km², wêrfan - lân: 5,23 km² - wetter 0,07 km² | |
Befolkingsticht. | 90 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 11' N 5° 27' E | |
Offisjele webside | ||
webstee fan Winaam | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Winaam (grien) yn 'e gemeente Harns |
Op 1 jannewaris 2023 hie Winaam 485 ynwenners.
Winaam ûntstie op ien fan 'e terpen yn in mear as twa kilometer lange noardeastlike rige fan terpen. De âldste fermelding fan it doarp datearret út 1275, doe't it al as Wynaldum neamd waard. In soad is der net mear oan 'e Nederlânsktalige namme feroare. Yn 1543 waard de Fryske fariant fan it doarp Vynaem neamd, yn 1579 Winaem en wat letter Wynaam.[2]
It grutte kompleks fan terpen kin de "Fryske Hegeburch" west ha, dêr't yn 'e Beowulf oer skreaun wurdt. [3] Oant de 16e iuw wienen der noch resten fan ferskânsingen oanwêzich.
Foar de reformaasje wie de tsjerke oan de apostel Andréas wijd. Troch âlderdom stoarte de âlde sealtektoer yn 'e nacht fan 24 op 25 juny 1684 yn. De preekstoel út 1729 is opfallend troch it sierlike houtfykwurk.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei Winaam yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel. Sûnt 1984 leit it doarp yn 'e gemeente Harns.
De fynst fan in grutte fibula (mantelspjelde) yn 'e terp Tsjitsma wie de oanset foar in grut archeologysk ûndersyk yn 1991 en 1992, dêr't út bliken die dat Winaam al yn de midsiuwen in wichtige delsetting wie. Guon skiedkundigen tinke dat Winaam it sintrum wie fan it gebiet dêr't de Fryske kening Audulf om-ende-by 600 hearske. Yn in archeologysk stipepunt yn 'e âlde konsistoarje is dy skiednis yn byld brocht.
De tsjutting fan de ûndersyksresultaten is anno 2010 lykwols noch lang net klear. Winaam foarme de oanlieding ta archeologysk (terp)ûndersyk yn it gebiet fan Súd-Hollân oant Grinslân ta, it saneamde Frisia-projekt.
Yn it doarp is in lyts museum mei terpfynsten, in lytse bibleteek en ynformaasje oer de omkriten.
Fjouwerris yn 't jier jout de feriening doarpsbelang de krante It Fuottenein út. It doarpshûs De Bijekoer waard nei ynset fan 'e Stifting Doarpshûs Winaam en gearwurking fan de ferskate ferienings yn 1982 iepene.
De bynamme foar de bewenners is Winamer katten. Yn 'e Buorren stiet it keunstwurk 'Winamer kat'. Sûnt 2018 is it mooglik om in 2,6 kilometer katterûte te rinnen lâns û.o. nutskasten, dy't mei Winamer katten beskildere binne.
Winaam hie sûnt 1882 in skoalle. De E.P. de Boerskoalle fan Winaam fusearre yn 2014 fanwegen te min bern mei de skoalle fan Mullum.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 475 | 658 | 635 | 517 | 500 | 449 | 380 | 463 | 462 |
Jier | 2020 | ||||||||
Ynwenners | 462 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.