From Wikipedia, the free encyclopedia
Percy Aldridge Grainger (Brighton, by Melbourne, 8 july 1882 – White Plains, New York, 20 febrewaris 1961) wie in yn Australysk-Amerikaanske pianist, komponist, dirigint en saksofoanist.
Grainger studearre yn 't earstoan by syn mem, Rose Aldridge Grainger, dy't in ferneamd pianopedagoge wie. Hy debutearre op de âldens fan 10 jier. Yn dy snuorje makke er konsertreizen as wûnderbern. Dêrnei studearre er noch by James Kwast yn Frankfurt en Ferrucio Busoni yn Berlyn.
By syn wrâldreizen, fan de Feriene Steaten oant Nij-Seelân, rekke er yn de Earste Wrâldkriich yn Amerikaanske militêre tsjinst as musikus by in militêre kapel en sûnt wie er Amerikaansk steatsboarger. Fan 1906 ôf wie er befreone mei Edvard Grieg dy't him ek beynfloede hat. Hy krige yn dy tiid ek niget oan it sammeljen en fêstlizzen fan Ingelske folklsietsjes en hy begûn sels te komponearjen.
It stik foar piano Country Gardens brocht him ek as komponist súkses, it waard in "hit", mar Grainger hat er net folle wille fan hân. Doe't it him finansjeel better gie, ferfear er mei syn mem, dêr't er it tige goed mei fine koe, nei de rike New Yorkse wyk White Plains. Mar de sûnens fan Rose Grainger liet in soad te winskjen oer en yn 1922 makke hja har sels fan kant troch fan in gebou te springen. (Yn in neilitten brief ferklearre hja dat sy de suggestje fan ynsest mei har soan net langer ferdrage koe. Grainger hat dy brief jierrenlang meidroegen yn in buske om syn hals. Letter hat er in fotoalbum gearstald mei fotos fan har en liet er tûzenen kopyen meitsje, dy't er nei freonen stjoerde.)
Itselde jier reizge er nei Denemark - it wie syn earste reis nei Skandinaavje - om dêr folksmuzyk te sammeljen. De dêrút letter ûntstiene orkestferzjes hearre ta syn bêste wurk.
Novimber 1926 moete Grainger de Sweedske artyste en dichteresse Ella Viola Ström en rekke fuortendaliks fereale. Hja trouden op 9 augustus 1928 op it toaniel fan de Hollywood Bowl, mei neitiid in konsert foar 20.000 minseken, mei in orkest fan 126 muzikanten en in ''a kappella'' koar, dy't syn nije komposysje songen, To a Nordic Princess, opdroegen oan Ella.
Fan 1932 oant 1933 waard er deken foar muzyk oan de Universiteit fan New York, sette jazz yn it learplan en helle Duke Ellington oan as dosint.
Yn 1940 ferhûzen de Graingers nei Springfield, Missourie fan dêrwei reizge er rûn, om yn de Twadde Wrâldkriich in rige konserten foar militêren te jaan. Nei de oarloch rûn syn sûnens lykwols tebek, it pianospyljen waard der net better op en syn niget oan klassike muzyk ferflauwe.
Yn de lêste jierren fan syn libben ûntwurp Grainger tegearre mei Burnett Cross de Free Music Machine, in foarrinner fan de synthesizer.
Hy hie syn lêste jierren in soad te lijen fan pinebúk troch útsiede prostaatkanker (diagnoaze yn 1953).[1] Grainger stoar yn White Plains, New York yn 1961 en kaam te hôf yn West Terrace Cemetery, Adelaide, South Australia.
Grainger joech yn twa opsichten grûn foar kontroferzje. Earstens wie iepenlik sadomasogist (hy dokumintearre alles yngeand wat er mei syn frou die yn de sliepkeamer.)[2] en twaddens wie er ek in ferklearre rasist en antisemyt. Yn dizze ksenofoby wie de eksentrike Grainger lykwols net konskwint: hy bewûndere folkloristyske muzikale foarmen en wie befreone mei Duke Ellington en George Gershwin joech foar Afro-Amerikaanske goede doelen. Oan de oare kant makke er brûkme fan in styl yn syn brieven en muzykhânskriften, dy't er as blue-eyed English oantsjutte.
Grainger wie fegetaarjer, mar joech net folle om griente. Hy libbe fan nuten, seane rys, weetkoekjes, bôle mei jam, iis en sinesappels.[3]
Grainger's enerzjy wie hast legindarysk. Yn London stie er bekend as de "the jogging pianist" om't er hurdrinnend nei syn konserten gie. Hy ferskynde op it lêste momint en wie dan folslein efter de pûst. Dat die er mei sin; hy spile it leafst at er út de liken wie. Op in kear, by in konsertomgong yn Súd Afrika, rûn er nei ôfrin fan in konsert 105 km nei in oar plak dêr't er it folchjende optreden hie. Hy kaam krekt op tiid foar it begjin, skjin ynein. At Grainger mei skip reizge brocht er syn frije tiid graach troch yn de masjinekeamer as stoker. Oer alles hat er sa'n 3000 konserten jûn as pianist en dirigint.
Hy samle mear as 500 folk-songs, dy't de basis foarmen foar syn British Folk Music Settings sa as Country Gardens, Molly on the Shore, Sheperd's Hey! en Irish Tune from County Derry. Hy makke regelmjittich ferzjes foar oare besettings fan syn eigen wurk, foar harmoanyorkest (Wind Band of Military-Band), foar blazerkwintet (Wind-Quintet) en foar ien of twa piano's.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.