Peaske-oanslaggen yn Sry Lanka (2019)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Peaske-oanslaggen yn Sry Lanka (2019)

De terroristyske Peaske-oanslaggen yn Sry Lanka wiene in rige fan organisearre oanslaggen op tsjerken en hotels yn Sry Lanka op peaskesnein, 21 april 2019, dy't laten ta de dea fan 259 minsken. Ynearsten wie der sprake fan mear as 350 deadlike slachtoffers, mar dat tal is letter troch de Sri Lankaanske oerheid bysteld.[1]

Fluch de feiten
Peaske-oanslaggen yn Sry Lanka
ûnderdiel fan terrorisme yn ferbân mei de saneamde Islamityske Steat
Thumb
It Hillichdom fan Sint-Antonius yn Kolombo,
ien fan de doelwiten fan de oanslaggen.
bysûnderheden
type oanslachrige bomoanslaggen
subtypeselsmoardoanslaggen
doelwyt● 3 tsjerken
● 4 hotels
● 1 appartemintekompleks
(fral kristenen en toeristen)
datum21 april 2019
tiid08.25 – 14.15 oere (UTC +5.30)
lân Sry Lanka
plakKolombo, Batticaloa, Dehiwala,
Dematagoda, Negombo
dieders
organisaasjeNational Thowheeth Jama'ath
Jammiyathul Millathu Ibrahim
tal dieders9
wapenseksplosiven mei kartets
motyfislamitysk ekstremisme
oarloch tsjin IS
slachtoffers en skea
deaden259
ferwûnen>500
skeagrut
Slute

Fanwegen de fiering fan it peaskefeest sieten de tsjerken groatfol doe't de oanslaggen barden. Alhoewol't in dei letter noch gjinien de oanslaggen opeaske hie, lieten de autoriteiten witte dat de lokale islamityske National Thowheeth Jama’ath achter de oanslaggen sieten. Mooglik krige de terreurgroep dêrby help út it bûtenlân. Deselde beweging soe earder al boeddhistyske bylden fernield ha. Neffens in Frânsk parseburo soe in hege plysjesjef al tsjien dagen earder warskôge ha dat de groep fan doel wie oanslaggen út te fieren op kristlike tsjerken.[2]

Neffens de organisaasjes fan de kristlike mienskip fan Sry Lanka (likernôch 7,5% fan de befolking) ûnderfynt se de lêste jierren jimmeroan mear geweld en diskriminaasje. De Ried fan Moslims yn Sry Lanka hat de terreurdieden fan peaskesnein yn skerpe wurden feroardiele. Moslims meitsje likernôch 10% út fan de befolking.[3]

Op 23 april easke IS de oanslaggen op sûnder dêr fierder bewizen by te leverjen.[4] In dei letter folge lykwols al bewiis.[5]

Doelen fan de oanslaggen

De oanslaggen waarden útfierd troch sân selsmoardterroristen mei it doel safolle mooglik slachtoffers te meitsjen. De earste seis oanslaggen fûnen op 21 april tusken 08:30 en 09:00 oere lokale tiid (4:30 en 5:00 oer Midden-Europeeske Tiid) yn trije tsjerken en trije hotels plak.

Tsjerken

  • Yn de katolike Antoniustsjerke yn Kolombo wiene op it stuit fan de oanslach likernôch tûzen katoliken it peaskefeest oan it fieren. Under it grutte tal deaden wiene teminsten njoggen bûtenlanners. Fan de trije preesters rekken der twa slim ferwûne.
  • De katolike Sint-Sebastiaantsjerke yn Negombo rekke by de oanslach slim skeind. Troch de druk waard it dak der foar it grutste part ôfblaasd. Teminsten 67 minsken binne dêr fermoarde.
  • Yn de protestantske Ziontsjerke yn Batticaloa oan de eastlike kust fan it eilân waarden teminsten 27 tsjerkeminsken fermoarde.

Hotels

  • It Shangri-La-hotel waard troch twa selsmoardterroristen oanfallen. Under de slachtoffers wiene fiif funksjonarissen fan de Yndiaaske partij Janata Dal Secular. Ek de ferneamde tillefyzjekok Shantha Mayadunne ferstoar mei har dochter by de oanslach. Neffens it hotel binne ek drei meiwurkers fan it hotel omkommen.[6]
  • Yn it Cinnamon Grand-hotel waard de oanslach útfierd troch in terrorist dy't him tusken wachtsjende minsken opsteld hie. Fjouwer kelners, dy't dwaande wiene mei it klearmeitsjen fan it buffet, ferstoaren yn it restaurant.[7] April 2019
  • It Kingsbury-hotel.

Fierdere oanslaggen

Noch twa detonaasjes fûnen der dy middeis yn 'e bûtenwiken fan Kolombo plak. Yn in hotel yn Dehiwala-Mount Lavinia yn de buert fan de bistetún fûn in sânde eksploazje plak wêrby't teminsten twa minsken deade waarden. By in ynfal yn in wenkompleks yn Dematagoda, in buert yn Kolombo, gyng by de arrestaasje fan fertochten in bom ôf, wêrby't trije aginten troch in omfallende muorre deade waarden. Ek de selsmoarddieder ferstoar by dy achtste eksploazje.[8]

Yn de lette jûn waard bekend dat in bom op de luchthaven fan Kolombo ûntdutsen en ûnskealik makke wie.[9]

Slachtoffers

Op syn minst 260 minsken waarden deade en 560 minsken rekken ferwûne. Njonken it grutte tal Sry Lankanen wiene der ek slachtoffers fan de Britske, Yndiaaske, Deenske, Australyske, Sjineeske, Japanske, Portugeeske, Turkske en Nederlânske nasjonaliteit.

Reaksje oerheid

De autoriteiten fierden de jûnsklok yn en blokkearren sosjale media lykas Facebook en Instagram om nepnijs tefoarren te kommen. De tiisdei nei de Peaske is troch de oerheid útroppen as in dei fan nasjonale rou. Neffens de Sry Lankaanske ûnderminister fan Definsje Ruwan Wijewardene waarden de oanslaggen útfierd út wraak foar de oanslach op 15 maart 2019 op moslims yn Christchurch, Nij-Seelân.[10]

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.