Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kolombo (Singaleesk: කොළඹ; Tamyl: கொழும்பு; Ingelsk: Colombo) is de kommersjele haadstêd[1] en de grutste stêd fan Sry Lanka. De stêd is teffens de haadstêd fan de Westlike Provinsje en it distrikt Kolombo.
Kolombo කොළඹ கொழும்பு | ||
Fan boppe lofts mei de klok mei: BOC Toer, stedsilhûet Kolombo, nochris (Gangaramaya Temple), nochris (Galle Face), Ald Parlemint, Stedssilhûet (Gangaramayatimpel), BOC Toer en WTC Twilling Toer, Independence Square, WTC Twilling Toer | ||
Bestjoer | ||
Lân | Sry Lanka | |
Provinsje | West | |
Distrikt | Kolombo | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 752.993 (2011) | |
Oerflak | 37,31 km² | |
Stêdekloft | 4.648.000 | |
Hichte | 0 m | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+5.30) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
(in) www.cmc.lk |
Kolombo is in wichtige haven en hannelssintrum. It is in multikulturele stêd mei ûnder oaren Singalezen, Tamils, Sry Lankaanske Moaren en Maleizjers. Ferskate godstsjinsten binne dêr fertsjintwurdige, ûnder oaren it Boedisme, it Hindoeïsme, it Kristendom en de Islam.
Fanwege syn grutte haven en strategyske lizzing oan in wichtige east-west hannelsrûte wie Kolombo al 2000 foar Kristus ferneamd. Lykwols wie ie earst fan 1815 ôf de haadstêd fan it lân.
Oant 1982 wie Kolombo ek de sit fan it regear en parlemint, oant dy funksje oernaam waard troch de foarstêd Sry Jayewardenapura Kotte.
De gebouwen yn Kolombo bringe de tiid fan de Portugezen (16e iuw) en de Nederlanners (17e iuw) te binnen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.