From Wikipedia, the free encyclopedia
De oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (wittenskiplike namme: Erethizon dorsatum) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e oerzons of Noardamerikaanske beamkjifstikelbargen (Erethizon). Dit is it op ien nei grutste kjifdier yn Noard-Amearika (nei de Kanadeeske bever), dat foar it earst wittenskiplik beskreaun waard yn 1758, troch de grutte Sweedske biolooch Carolus Linnaeus. Hoewol't de oerzon ek fan kjifstikelbaarch neamd wurdt, krekt as de kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld, sjocht er der hiel oars út, en is er dêr mar yn 'e fierte oan besibbe.
oerzon | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Erethizon dorsatum | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De oerzon komt foar yn it grutste part fan Noard-Amearika, wêrûnder hast hiel Kanada, útsein Nûnavût, de Arktyske Arsjipel, it noardeasten fan 'e Noardwestlike Territoaria, de noardpunt fan Nûnavik (yn Kebek), súdlike Ontario, Nijfûnlân en de Keninginne Sjarlotte-eilannen. Yn Alaska komt er foar yn it grutste part fan 'e steat, útsein it uterste noarden en westen, en op it Alaska-skiereilân en de Aleoeten. Yn 'e legere 48 Feriene Steaten is er lânseigen op 'e westlike útein fan 'e Grutte Flakten, yn 'e Rocky Mountains en yn hast it hiele gebiet tusken de Rocky Mountains en de kust fan 'e Stille Oseaan, útsein westlik en súdlik Kalifornje en súdwestlik Arizona.
Oerzons komme ek foar yn in oanswettend diel fan noardlik Meksiko. Yn it easten fan 'e Feriene Steaten is har ferspriedingsgebiet beheind ta noardlik Minnesota, noardlik Wiskonsin, Opper-Michigan, it noarden fan Neder-Michigan, Nij-Ingelân, New York, Pennsylvania en de noardlike Appalachen oant yn westlik Firginia. Súdlik fan dit gebiet binne fossilen oantroffen yn Missoury, Alabama en Floarida, dêr't oerzons tsjintwurdich net mear foarkomme.
De oerzon hat trochinoar in kop-romplingte fan 60-90 sm, in sturtlingte fan 14½-30 sm en in gewicht fan 3½-18 kg, mei in gemiddelde fan ûnder de 9 kg. Dêrmei binne se yn Noard-Amearika nei de Kanadeeske bever fierwei it grutste kjifdier. Oerzons hawwe ornaris in pels dy't swart of dûnkerbrún fan kleur is, mei ljochtere highlights. Har liif is gnobsk, har poaten binne koart en har snút is stomp. De sturt is koart en grou en de eagen en earen binne lyts. De rêch, nekke en sturt binne oerdutsen mei tûzenen fjoerskerpe, holle, wjerheakkige stikels, dy't har oarspronklik ûntwikkele hawwe út gewoan hier. Sokke stikels wurde brûkt foar ferdigening en komme maklik los, wêrnei't in oanfaller it troch de wjerheakjes dreech fine sil om der wer fan ôf te kommen. De stikels lizzen ornaris plat tsjin it liif oan, of it moat wêze dat in oerzon him bedrige fielt, want dan set er se rjocht oerein, wat ek ta effekt hat dat er grutter liket as dat er eins is. As in bedriging te deunby komt, slacht in oerzon der mei de sturt nei.
Oerzons libje benammen yn leaf-, nulle- en mingd wâld, mar komme ek wol foar yn gebieten mei strewelleguod en yn steppen en healwoastinen en op 'e toendra, dêr't hjir en dêr mar in beam groeid. Fierders sette se har ek wol nei wenjen yn parken en grutte tunen, en soms weagje se har sels yn iepen greidlân oan 'e boskrâne.
De oerzon is tige bysjend en beweecht him mar traach en in bytsje waggeljend fuort, mei't der net folle natuerlike bedrigings besteane dêr't it fluch foar flechtsje kinne moatte soe. Nettsjinsteande syn oansjenlik gewicht is er in goede klimmer. Oerzons hawwe in nuveraardige manear om út in beam te klimmen; dêrby litte se har stikje by bytsje efterstfoarst by de stamme delsakje, en brûke dan har sturt as taastorgaan, mei't se net sjen kinne wêr't se hinne geane. It binne nachtdieren, dy't har by 't simmer oerdeis faak yn in beam deljouwe. Se hâlde gjin wintersliep, mar fersliepe winterdeis wol in grut part fan 'e tiid en bliuwe foar de rest tichteby har ûndergrûnske hoale.
Oerzons binne de iennichste lânseigen sûchdieresoarte yn Noard-Amearika dy't sels antybiotika oanmakket. Dat bart yn 'e hûd, en is bedoeld om ûntstekkings foar te kommen as se harsels mei har eigen stikels stekke. Wûnen dy't makke binne troch oerzonstikels ûntstekke nammentlik maklik, om't oerzons it foar de moade hawwe en rôlje yn har eigen kjitte om. Se stekke harsels fral as se út in beam falle, en hoewol't se goede klimmers binne, komt dat geregeldwei foar om't se har troch jonge griene bledsjes faak ferliede litte om har op te tinne twigen te weagjen.
De peartiid falt by oerzons yn oktober en novimber, wêrby't mantsjes gauris oerenlang ûnderoan 'e stam wachtsje fan in beam dêr't in wyfke yn sit. It is yn 'e regel in hiel o-heden om sa'n wyfke safier te krijen dat se pearje wol, en dêrby moat se de sturt omheech oer de rêch lizze, sadat it mantsje him by de pearing net stekt oan har stikels. Nei in draachtiid fan 205-217 dagen, wat tige lang is foar in kjifdier, komt dan yn maaie of juny ien inkeld jong te wrâld, dat by de berte al 340-640 g weaget, in pels en iepen eagen hat en fuort al rinne kin. De stikels binne by de berte ek al oanwêzich, mar dy binne dan noch sêft, as wiene it oergrouwe hierren, sadat it wyfke der net troch ferwûne rekket. In healoere nei de berte binne se lykwols al hurd wurden. Mei 56-120 dagen wurdt it jong ôfwûn. Wyfkes binne mei oardel jier geslachtsryp; mantsjes mei twa en in heal jier. Folgroeid binne se pas nei 3-4 jier.
Oerzons wurde yn it wyld trochinoar 7-8 jier âld, mei in maksimum yn finzenskip fan 17 jier. Har natuerlike fijannen binne de fiskmarter, warch, prêrjewolf, wolf, poema, brune bear, Amerikaanske swarte bear en fansels de minske. De iennichste fûgels dêr't oerzons wat fan te freezjen hawwe, binne de keningsearn en de Amerikaanske oehoe. Fanwegen syn gefaarlike stikels, dy't in formidabele ferdigening foarmje, mije in soad rôfdieren de oerzon leaver, en sels de grutsten en gefaarliksten, lykas de wolf en de poema, kinne slim ferwûne of sels dea reitsje by in konfrontaasje mei in oerzon. De bêste taktyk is om in oerzon te fersuffen of te deadzjen mei in hurde klap op of in slim bliedende wûne oan 'e stikelleaze kop, wêrnei't er op 'e rêch draaid wurde kin, sadat it rôfdier syn kwetsbere bealch iepenrite kin.
Oerzons binne herbivoaren, en frette benammen blêden, twigen, beamknoppen, bluossems, fruchten, beien, skors en nuten, simmerdeis oanfolle mei stâlen, woartels, blommen en krûden, en winderdeis mei beambast, benammen fan nullebeammen, mar ek wol fan leafbeammen. It binne sinnige iters, dy't faak de foarkar jouwe in beskate beam of soarte fan beammen, en dêr kear op kear by weromkomme. Har focht helje se fierhinne út 'e planten dy't se ite. Wol hawwe se ferlet fan sâlt en kalsium, en gnauje se sadwaande faak op âlde bonken en ôfsmiten geweien om, en soms ek wol op 'e hantfetten fan minsklik ark en reau, dêr't swit ynlutsen is.
De oerzon hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Om't er sa traach is, wurdt er gauris deariden by it oerstekken fan in dyk. Dit bist wurdt gauris as skealik ûngedierte beskôge fanwegen de skea dy't er tabringe kin oan beammen, minsklik ark en reau en oare houtene en learene materialen. Tripleks is tige ferliedlik (en dêrom kwetsber) foar de oerzon, fanwegen de sâlten dy't dêroan by it produksjeproses tafoege binne.
Yndiaanske folken brûke tradisjoneel de stikels fan oerzons om ambachtlike produkten mei te fersieren, lykas kuorren en learene klean. Oerzons binne goed ytber en wiene foarhinne in wichtige boarne fan fleis, benammen foar de Yndianen yn 'e nullewâldsône fan Kanada, lykas de Mikmak fan Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk en de Algonkin fan Kebek. Om't de bisten har by gefaar weromlûke yn in beam, wat foar minsken de jacht krekt makliker makket, leauden de Yndianen dat de oerzon himsels ûnbaatsuchtich opoffere om 'e minske yn 't libben te hâlden. Dêrom stiene oerzons by sokke stammen yn heech oansjen.
Nei de kolonisaasje fan Noard-Amearika waarden de bisten ek troch blanken bejage, benammentlik fanwegen de skea dy't se tabrochten oan fruchtbeammen. Lange tiid waarden der dêrom yn 'e Feriene Steaten preemjes útlove foar de ynlevering fan eltse deade oerzon. Yn 1979 wie Nij-Hampshire de lêste Amerikaanske steat dy't dat preemjestelsel ôfskafte.
Der binne sân erkende ûndersoarten fan 'e oerzon:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.