It tiidrek fan de Nijfryske literatuer begjint yn 1800. Alles wat hjoed de dei skreaun wurdt heart by de Nijfryske literatuer.
19e iuw
Yn 'e 19e iuw griepen Fryske skriuwers faak werom nei teksten fan Gysbert Japiks (1603-1666) en it wittenskiplik wurk fan professor Everwinus Wassenbergh (1742-1826). In skaaimerk fan de Romantyk yn Fryslân is dat it de Dútske ûntjouwings folge, it langje nei âlde folkslieten en folksferhalen binne der in wichtich elemint fan. Yn 'e tiid fan de Romantyk wie it Fryske skriuwers net frjemd om har ferhalen te skriuwen yn 'e Aldfryske stavering, lykas Montanus Hettema (1796-1873). In griemmank fan nasjonalistyske eleminten opponearre him yn boeken en skriuwsels fan Harmen Sytstra (1817-1862), Tiede Roelofs Dykstra (1820-1862), Gerben Piters Colmjon (1828-1884) en Johan Winkler (1840-1916).
Yn 'e 19e iuw kamen der mear oersettings foar 't ljocht, bygelyks dy fan Rinse Posthumus (1790-1859), Dirks Ankringa (1793-1860) en Wopke Jabikssoan de Jong (1799-1852).
Meidat der net folle oerlevere waard fan de Midfryske literatuer wie it Frysk noch net in echte literêre taal. De taalpioniers fan de iere 19e iuw binne Albartus Telting (1803-1863), Eeltsje (1797-1858) en Joast Halbertsma (1789-1869), Cornelis Pieter Salverda (1783-1836), Rein Baukes Windsma (1801-1862) en Jacob Roorda (1802-1834). Waling Dykstra (1821-1914) kin mei boeken as Doaitse mei de Noardske balke fan 1848 en syn wurk op it wurdboekmêd taalbouwer neamd wurde.
Piter Jelles Troelstra (1860-1930) wie master yn 'e rjochten en sosjalistysk politikus, mar hat lyksa wichtich west foar de Fryske literatuer, syn earste eigen stik Oan 'e sédyk ferskynt yn 1881. Literêre meiwurkers binne Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) (1860-1939), Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (1848-1912) en Cornelis Wielsma (1845-1922).
Oare 19e-iuwske skriuwers fan belang binne Hjerre Gjerrits van der Veen (1816-1887), Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), Lucius Columba Marray Bakker (1822-1911), Gerben Postma (1847-1925), Sake Knjilles Feitsma (1850-1918), Lútzen Harmens Wagenaar (1855-1910), Oebele Stellingwerf (1848-1897), Geertruida Christina Jentink (1852-1918), Japik Hepkema (1845-1919), Sikke Sibes Koldyk (1861-1927), Sybren Valkema (1850-1921).
20e iuw
21e iuw
De bestsellers binne noch hieltyd fan skriuwers as Hylke Speerstra (1936 - hjoed) en Rink van der Velde (1932 - 2001). Oare skriuwers binne Abe de Vries, Albertina Soepboer, Arjan Hut, Eric Hoekstra, Henk Wolf, Jetske Bilker, Marga Claus en Nyk de Vries.
Sjoch ek
Literatuer
- Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof - Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, AFûK, ISBN 90-70010-52-6
- Teake Oppewal - NL Zolang de wind de wolkend waait, útjouwer Bert Bakker, ISBN 90-351-3017-0
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.