From Wikipedia, the free encyclopedia
Rinse Posthumus (Ternaard, 30 oktober 1790 - Waaksens, 28 septimber 1859) wie in dûmny en dichter.
Hy wie predikant te Waaksens-Brantgum, in oarspronklike, ûndogmatyske, liberale geast en romantysk dichter. Hy skreau talleaze pamfletten en brosjueres dêr't syn politike en maatskiplike belutsenens út bliken docht. Syn oersettingen fan Shakespeare binne technysk swak te neamen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.