Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eric Hoekstra (*6 april 1960, It Hearrenfean ) is in Frysk skriuwer. Hy publisearre sawol poëzij as proaza. Hy is benammen bekend fanwege syn oersettingen nei it Frysk fan it wurk fan Friedrich Nietzsche. Hy krige dêrfoar yn 2002 de Dr. Obe Postmapriis.
Hoekstra is fierder bekend as literatuerkritikus en kollumnist. Under eigen namme en ûnder de pseudonimen 'Dr. Gleon', 'Dr. Tsjoen' en 'Justus' skreaun hy bydragen yn it Frysk Deiblêd en yn de tydskriften Kistwurk, Farsk, De Moanne, Hjir en Erosmos.
Eric Hoekstra brocht in lange rige taalkundige publikaasjes op syn namme. Sa publisearre er oer de Fryske ynfloeden yn Hollânske dialekten, dialektology, syntaksis, taalpolityk en taalferoaring. Eric Hoekstra is foarsitter fan de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân.
Yn febrewaris 2007 húsmanne Eric Hoekstra, lykas Diogenes 2500 jier dêrfoar, in wike lang yn in houten tonne.[1]
Eric Hoekstra bekearde him ta it kristendom nei in mystike ûnderfining. Hy makke út 'e fjouwer evangeeljes in spannende en moderne roman: Roman fan in hielmaster dy't ek yn it Nederlânsk ferskynde mei de titel Roman van een geneesheer[2]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.