Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nijemardum is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren tusken de bosken fan Gaasterlân en de Iselmar. De buorskippen Heaburgen en Nij Amearika falle ûnder de himrik fan it doarp.
Nijemardum | ||
Utsjoch op Nijemardum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 560 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,58 km² | |
Befolkingsticht. | 74 ynw. /km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8566 | |
Netnûmer | 0514 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 51' NB, 5° 34' EL | |
Offisjele webside | ||
http://www.nijemardum.nl/nijemardum.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Nijemardum yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat |
It doarp hat 560 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Nijemardum is in streekdoarp dat op de râne fan deselde sânrêch as Aldemardum ûntstien is, nei alle gedachten om 1200 hinne. De streek leit oan de âlde lânwei fan Starum en Sleat. It doarpsgebiet fan Nijemardum hat lânskiplik in opmerklike fariaasje. Súdwestlik stiet in rige buorkerijen oan dy dyk, dêr't it lân fan yn de lege Hoitebuorsterpolder leit. Oan de oare, eastlike kant fan it doarp lizze op de frijwat hege, súdeastlike flank fan Gaasterlân de Heaburgen.
Nei alle gedachten hat der eartiids in plak Mardum west. Yn de twadde helte fan de 14e iuw is it plak grif splitst. Yn 1399 wurdt skreaun oer Nuwe Merden, noch letter as Naemardum, of Nijemirdum yn 1484 en Nijemardum yn 1493. Yn dy iuw is de tsjerke ek boud, earst grif fan hout en letter fan bakstien. Doe't de tsjerke yn 1833 ôfbrutsen is, bleau allinnich de toer mei syn piramidedak stean. De toer wie eartiids in beaken foar skippen op de Sudersee. Der is in histoarysk begraafplak dêr't ek in pear Ingelske en Kanadeeske piloaten út de Twadde Wrâldkriich lizze. Op it begraafplak is in apart islamitysk hoekje grûn foar de Molukske mienskip reservearre.[2]
Ien kear yn de moanne ferskynt Doarpsnijs, in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum. Doarpshûs Nijemardum is it sintrale moetingsplak fan ferskate aktiviteiten.
De De Hoekstien oan Lyklamawei 11 is in PKN-tsjerke, dy't oarspronklik as grifformearde tsjerke yn 1899 boud waard. Yn 1926 ûnstie der in skuorring. In diel fan de gemeente gyng oer nei de Grifformearde Tsjerke yn Hersteld Ferbân. Yn 1946 gyng de Grifformearde Tsjerke yn Hersteld Ferbân op yn de Herfoarme Tsjerke. Hja tsjerkten yn in âld skoalgebou, dat yn 2002 sletten waard troch de foarming fan in 'Samen-op-Weg'-gemeente.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2007 | 2012 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 671 | 581 | 540 | 495 | 434 | 480 | 555 | 570 |
De Griene Singel, Heaburgen, Hege Bouwen, Heidepaad, Hoitebuorren, Lyklamawei, Nij Amearika, Omrin, Wissebuert, Wytlânsdykje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.