From Wikipedia, the free encyclopedia
Murns is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. Murns leit súdlik fan Bakhuzen oan de Iselmar. Oant 1955 foarme Murns mei Bakhuzen ien doarp. It doarp hat 100 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Murns | ||
De Klokkestoel fan Murns | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 100 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8573 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' NB 5° 27' EL | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan Bakhuzen, Murns en Riis | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Murns yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat |
Yn 'e 13e iuw waard de plaknamme Midlinghe neamd. Oare nammen wiene Midlinghe of Middelingh (1325), Middelen (1399), Midlutze (1414), Mirlense (1505), Myrns (1537) en Myrlns (1544). De plaknamme soe nei alle gedachten der op tsjutte dat it in plak yn 'e midden lei en fan it Aldfryske Middila stamme.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant midden 18e iuw stie dêr in tsjerke. Yn de Twadde Wrâldkriich is de eardere klokkestoel fernield troch in delstoartend fleantúch.
It Murnser Klif jout in moai útsjoch oer de eardere Sudersee. By moai waar is Inkhuzen te sjen. De earste kilometer foar de kust bestiet út helder ûndjip wetter. Tusken Murns en Riis leit de Rysterbosk.
By de Iselmar stiet yn it natoergebiet De Mokkebank in lytse wynmotor.
Murns wurket op it mêd fan ferieningslibben in soad gear mei Bakhuzen en Riis. It doarpsbelang komt op foar de belangen fan de trije doarpen. Doarpskrante Op 'e Hichte ferskynt alle moannen.
Breelenswei, Murnserdyk, Wieldyk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.