Moarns Ier (Reduzum)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Moarns Ier wie in aaisikersklub yn Reduzum, en de âldste aaisikersklub fan Fryslân. De organisaasje ûntstie yn 1892, doe't trije manlju út Reduzum en omkriten in dei te aaisykjen giene en dêr sa'n soad nocht oan belibben dat se ôfpraten en doch soks it faker. Al rillegau wiene der ek leden út Idaerd, Friens en Eagum, al kaam it tal leden nea boppe de 26 út. Yn 1917 krige de feriening in formeel bestjoer.
Binnen Moarns Ier wiene der gjin rangen en stannen. Yn 't earstoan giene de leden ien dei yn 't jier op 'en paad mei in modderskip, mar dat waarden al gau twa en yn 'e 1980-er jierren trije dagen. Sûnt dy tiid gie men der yn fêste pearen op út fanút it hotel Ie-sicht op de Feanhoop. It aaisykjen begûn moarnsier om seis oere en pas seis oere jûns kaam men werom en waarden de fynsten ferlike. Op de lêste middei waard der in 'buolguod' holden en waarden de fûne aaien by opbod ferkocht ûnder de leden. Dêrnei waard der gesellich in boarreltsje dronken.
Yn augustus 2017, krekt doe't Moarns Ier 125 jier bestie, waard troch de leden besletten om 'e feriening op te heffen. De reden dêrfoar wie dat men yn 2017 foar it trêde jier op rige net it fjild yn koe om te aaisykjen fanwegen in ferbod op dy âlde Fryske tradysje. De leden fan Moarns Ier fûnen dat it "gjin sin mear hie op dizze manier." Foarsitter Sybren Jansma utere dêrby stevige krityk op it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, dat neffens him in fierstente ôfwachtsjende hâlding oannimt ynstee fan dat it foar de belangen fan 'e aaisikers yn 'e bres springt troch ûntheffing fan it ferbod oan te freegjen en formeel beswier te meitsjen tsjin in eventuële ôfwizing.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.