From Wikipedia, the free encyclopedia
De Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (yn 't koart: ML-KNYL) wie in selsstannich wapen dat 30 maart 1939 oprjochte waard en fuortkaam út de Loftfeartôfdieling-KNYL (LA-KNYL) en dêrfoar de Proeffleanôfdieling (PVA-KNYL). De PVA-KNYL waard by Keninklik Beslút fan 18 july 1914 oprjochte.
Nei de soevereiniteitsoerdracht yn 1950 hat de ML-KNYL al har materieel, bases en fierdere eigendommen oerdroegen oan de Yndonesyske Loftmacht (AURI = Angkatan Udura Republik Indonesia), dy't no fan Tentara Nasional Indonesia-Angkatan Udara (TNI-AU) hjit.
Op 1 jannewaris 1942 kamen de Nederlânske troepen by de American-British-Dutch-Australian Command, mar by it begjin fan de Japanske oanfal wie de ML-KNYL net op oarlochssterkte. Fan de bestelde tastellen wiene noch mar in lyts tal ôflevere en in protte wiene wilens ferâldere modellen. Der wiene fiif groepen, trije mei bommesmiters en twa mei jachtfleanmasines, elts mei trije as fjouwer squadrons.[1] In sechde groep wie foar stipe, transport en trening ornearre. De ferkenningsfleantugen foelen streekrjocht ûnder it befel fan it leger meidat sy tsjinnen ta it ûnderstypjen fan de grûntroepen.
Nei de oermastering fan Ynje troch de Japanners koene in protte tastellen nei it noarden fan Austraalje ûntkomme en dêrwei fierder fjochtsje.
Der waarden fjouwer Nederlânske squadrons yn Austraalje foarme. De earste, No. 18 (NY) Squadron RAAF, waard foarme yn april 1942 en útrist mei de middelswiere bommesmiter B-25 Mitchell. It twadde Australysk-NY squadron, No. 119 (NY) Squadron RAAF, krige ek middelswiere bommesiters ta foldwaan. No. 119 NY Squadron wie allinne aktyf tusken septimber en desimber 1943; dêrnei waard it ûntbûn en waard it No. 120 (NEY) Squadron RAAF, in jachtsquadron. Yn 1944 foarme it KNYL it No. 1 Nederlânsk East-Ynjesk Transport Squadron, dat letter opgean soe yn de RAAF as No. 19 (NY) Squadron RAAF. Beide squadrons, No. 18 en No. 120, wiene aktyf yn de striid tsjin de Japanners yn de Twadde Wrâldoarloch.
Fanôf neijier 1945, fjochten de squadrons 18, 19 en 120 tsjin de Yndonezyske nasjonalisten, yn de Yndonezyske ûnôfhinklikensstriid. Yn 1950 waarden de squadrons opheft.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.