From Wikipedia, the free encyclopedia
De Koolhoven F.K. 51 wie in Nederlânsk les- en ferkenningsfleanmasine boud troch it fleantúchfabryk Koolhoven. It model waard op inisjatyf fan Frits Koolhoven dy't de hoop hie om him slite te kinnen oan de Loftfeartôfdieling (LVA), foarrinner fan de Keninklike Loftmacht.
Yn 1935 wie de LVA oant sykjen nei in ferfanger fan de Fokker C.1. De Koolhoven F.K. 51 en de Avro 626 waarden test en de Koolhoven waard as winner troch de Loftfeartôfdieling oankocht as les-ferkenningsfleantúch. Guon dêrfan krigen in lichte bewapening.
Ynearsten waarden 25 lestastelfarianten foar de LVA produsearre. Yn 1937 folge noch in bestelling fan 29 fan de ferkenner fariant, wêrfan't der oars mar 17 levere waardenwaar. Koolhoven levere totaal 17 tastellen oan de Marine Loftfearttsjinst en 45 oan it LA-KNYL.
De tastellen fan de LVA hawwe hawwe by it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch net folle útrjochtsje kinnen. De tastellen fan de MLD binne allegear ferneatige op de grûn op fleanfjild De Kooy. Allinne de oerbleaune eksemplaren fan de LA-KNIL binne in protte ynset yn de slach om Nederlânsk-Ynje.
Yn 1936 kocht it Spaansk republikeinsk regear, de Fuerzas Aéreas de la República Española, 28 tastellen, dy't as "postfleantúch" levere waarden om it wapenembargo te ûntdûken dat ûnder de Spaanske Boargerkriich ynsteld wie. Dy fleanmasines hawwe ek tsjinne as lichte bommesmiter. Guon fan dy fleantugen binne letter noch ûnder it nasjonalistyske bewâld fan Francisco Franco brûkt.
It Militêr Loftfeart Museum yn Soesterberg hat in replika.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.