From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fokker S.IV wie in ienmotorige lesfleanmasine mei twa sitplakken en propelleroandriuwing. Dizze dûbeldekker wie yn 't earstoan útrist mei in 125 hk Le Rhone Oberursel rotaasjemotor. Learling en ynstrukteur sieten efterelkoar yn dit tastel.
Yn 1924 bestelde de Loftfeart Ofdieling (LuVA) 30 eksimplaren fan dit tastel. Fan doe ôf hat it, oant 1940, tsjinst dien as standert lesfleanmasine.[1] Begjin jierren 30 waard de S.IV fan de mear krêftige Armstrong Siddely 'Mongoose' stjermotor fan 130 hk. foarsjoen.[2]
Nei de Dútske ynfal yn Nederlân yn maaie 1940 wykte in oantal S.IV- en S.IX-tastellen út nei Frankryk.[3] It is net bekend wat der neitiid mei dizze tastellen bard is.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.