From Wikipedia, the free encyclopedia
De mara (wittenskiplike namme: Dolichotis patagonum), ek wol Patagoanyske mara neamd ta ûnderskie fan syn famyljelid de lytse mara (Dolichotis salinicola), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e mara's of Pampahazzen (Dolichotis). Dit bist komt allinnich mar foar yn Argentynje, en liket hast wol in krusing te wêzen tusken in hazze en in lytse antilope; yn wurklikheid is de mara lykwols frij nau besibbe oan 'e kavia. Syn neiste sibbe, de lytse mara, is lytser fan stal en libbet noardliker.
mara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dolichotis patagonum | ||||||||||||
Zimmermann, 1780 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De mara komt inkeld foar yn Argentynje, dêr't er de pampa's fan Patagoanje en oare gersflakten bewennet. Syn fersprieding is beheind ta it diel fan it lân tusken 28º en 50º suderbreedte.
De mara hat trochinoar in kop-romplingte fan 50-75 sm, mei in sturtlingte fan 4½ sm en in gewicht fan 8-9 kg. Hy stiet heech op 'e poaten en hat lange rjochtoppige earen en grutte eagen. De koarte brunige pels skaait op 'e rêch wat dûnker, griiseftich út. Op 'e bealch is er tusken de foarpoaten readbrún en tusken de efterpoaten witich. Ek de kiel is wyt.
Mara's jouwe ornaris de foarkar oan relatyf flakke gerslânbiotopen, mei foldwaande strewelleguod om beskerming te bieden tsjin predaasje troch rôffûgels. Lykwols komme se ek foar op 'e keale en oerbeweide grûn fan Monte Desert. Boppedat omfiemet har ferspriedingsgebiet yn noardwestlik Argentynje ek wâldgebieten.
De mara is foar it measte part oerdeis aktyf, en sa'n 46% fan syn aktiviteiten hâldt ferbân mei foerazjearjen. Wyfkes binne dêr yn 'e regel langer mei dwaande as mantsjes, fanwegen it feit dat se ek foar harren jongen frette moatte as se drachtich binne of drinkende jongen hawwe. Mantsjes sitte it grutste part fan 'e dei om har hinne te sjen, wach foar rôfdieren lykas kateftigen, foksen en rôffûgels. Mara's binne fierhinne herbivoar, en frette benammen gerzen, blêden en fruchten. Se binne goed oanpast oan in libben op 'e iepen flakten, mei lange skonken dy't har faasje jouwe as se gau útpike moatte. Under it draven hawwe se wol wat wei fan in lytse antilope, al lykje se mear op in hazze as se stilsitte.
Mara's binne monogaam, en pearkes bliuwe har hiele libben byinoar. Se wikselje inkeld fan partner as de oarspronklike partner deagien is. It wyfke is dúdlik de baas yn 'e relaasje, en it mantsje moat har mar folgje dêr't se hinne giet. Mantsjes besmare har wyfke mei harren urine en de grûn om har hinne sette se ôf mei kjitte en ôfskieding út spesjaal dêrfoar bedoelde klieren, sadat der in mobyl territoarium ûntstiet. De fuortplanting fynt by mara's plak yn hoalen dy't sels útgroeven wurde, en dy't faak ûndergrûnsk ferbûn wurde mei de hoalen fan oare pearkes, sadat der in netwurk fan soms wol 29 pearkes ûntstiet. Sok kommunaal wenjen jout beskerming tsjin predaasje, en biologen hawwe fêststeld dat der mear jongen oerlibje by gruttere ûndergrûnske netwurken as by lytseren.
De peartiid falt by mara's, alteast dy yn súdlik Argentynje, tusken augustus en jannewaris. Nei in draachtiid fan likernôch 100 dagen smyt it wyfke 1-2 jongen. Yn Patagoanje bart dat meast tusken septimber en oktober, foàr de simmerdrûchte en nei de winterrein. Meastal produsearje mara's mar ien nêst jongen jiers, hoewol't se yn ekstreme gefallen wol 4 nêsten jiers smite kinne. Hoewol't de wyfkes net aktyf gearwurkje by it grutbringen fan 'e jongen, litte se soms it jong fan in oar wyfke by har drinke. De jongen kinne daliks nei de berte rinne, mar bliuwe de earste 3 wiken deunby de hoale. Dêrnei kinne se mei har âlden by de hoale weiswalkje en fan gers libje. Mei 13 wiken wurde se folslein ôfwûn.
De mara hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't er de lêste pear hûndert jier sterk yn syn fersprieding beheind is. Histoarysk kamen mara's foar fan noardlik Argentynje hast hielendal oant yn Fjoerlân. Troch oerbejaging en habitatferlies binne se no útstoarn yn ferskate gebieten, wêrûnder de hiele provinsje Buenos Aires. Marapelzen wurde yn Argentynje wol brûkt om bêdspreien en flierkleden fan te meitsjen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.