From Wikipedia, the free encyclopedia
De lytse mara (Latynske namme: Dolichotis salinicola) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e mara's (Dolichotis), dat foarkomt yn it súdlik-sintrale part fan Súd-Amearika. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e gruttere mara (Dolichotis patagonum), dy't súdliker libbet. De lytse mara waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1876, troch de Dútsk-Argentynske soölooch Hermann Burmeister.
lytse mara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dolichotis salinicola | ||||||||||||
Burmeister, 1876 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lytse mara is lânseigen yn 'e Súdamerikaanske Gran Chaco-krite, dy't westlik Paraguay, súdeastlik Bolivia en it uterste noarden fan Argentynje beslacht. Dat gebiet is begroeid mei drûge, toarnige wâlden en der is ek iepen gerslân.
De lytse mara is griisbrunich fan kleur op 'e rêch, kop, fangen, sturt en poaten, mei in wite of krêmkleurige bealch en plakken fan deselde kleur om 'e eagen hinne. Hy is in slachje lytser as de gewoane mara, hat in koart sturtsje, grutte eagen, lange efterpoaten en koarte foarpoaten. Hoewol't de lytse mara nettsjinsteande syn frij koarte earen sterk op in knyn liket, is er dêr hielendal net nau oan besibbe, mei't kninen gjin kjifdieren binne.
Lytse mara's libje yn groepkes fan twa oant fjouwer bisten. Se binne oerdeis aktyf en grave in hoale om yn te oernachtsjen. It binne herbivoaren, dy't de foarkar jouwe oan gerzen en krûden, mar dy't as it nypt eltse soarte fegetaasje frette.
De lytse mara hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.