Lutske Wester wie in dochter fan Wybe Harrits Wester en Grietje Andries Meyer.[2] Doe't se 15 jier wie, ried se har earste wedstriid yn Grins. Sy wie tusken 1885 en 1908 aktyf as hurdrydster. Yn de strange winter fan 1890 op 1891 wûn hja yn 11 dagen tsien earste prizen en ien twadde priis. Se ried wedstriden mei ferskate persoanen dêr't har oerwicht by bliken die.
Der wurdt skreaun dat Wester in dreech en in swier libben hie. Se troude twaris. Har earste houlik wie mei Tjipke Wijmenga; se krigen ien soan. Har twadde houlik wie mei Cornelis Laverman yn 1909. Se arbeide hiel hurd op de pleats. Ek doe't har bern noch mar 14 dagen âld wie, wie se al wer oan it riden. Sy stoar jong op 20 jannewaris 1912, 41 jier âld.
Lutske Wester wie in muoike fan hurdrydster Griet Bijlsma (* 1915), ek fan Earnewâld.
Unfolslein
Yndivideel
1st priis (f 19,-) - 9 jannewaris 1891 yn Ljouwert
1st priis (f 20,-) - 22 jannewaris 1892 yn Boarnburgum