Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Himpens is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Himpens leit noardlik fan Wergea, eastlik fan Goutum, westlik fan Ljouwert en besuden Tearns en Ljouwert. Mei Tearns foarmet Himpens it twillingdoarp Himpens-Tearns.
Himpens | ||
Martinustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 295 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 0,90 km² lân: 0,84 km² wetter 0,07 km² | |
Befolkingsticht. | 323 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' N 5° 50' E | |
Offisjele webside | ||
hempensteerns.nl | ||
Kaart | ||
De doarpskearn fan Himpens leit oan de Skoalledyk. It buorskip Suderbuorren heart ek by Himpens. Himpens hat 295 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Fynsten út de terp Glins wize út dat it gebiet al om 400 f.Kr. bewenne waard. Dy terp makke ûnderdiel út fan in rige terpen op de grins tusken de klaai yn it westen en de sompen yn it easten. De bewenners ferlieten om 300 n.Kr. hinne dy terpen nei't it wetter it libben jimmeroan dreger makke en it duorre oant healwei de 8e iuw dat der wer fêste bewenning yn it gebiet ûntstie. Yn dy tiid ûntstiene ek de nammen Tearns en Himpens. De plaknamme Himpens ferwiist nei de persoansnamme Hempe. Sûnt de 10e iuw waard útein set mei it oanmeitsjen fan it fean eastlik fan de Glins. De twa linebeammen op de terp datearje noch út de tiid dat der in kop-hals-romppleats stie. Yn 1926 waard dy pleats ôfbrutsen en ferfongen troch in nije stjelp oan de Nauwe Greons, dy't yn 2006 ôfbrutsen waard.[2]
De namme fan de brêge oer de Nauwe Greons dy't Tearns mei Himpens ferbûn wie oxena brids’, Aldfrysk foar 'oksebrêge'. Der is al yn 'e midsiuwen sprake fan in ‘oxena brids’ yn 'e himrik fan Himpens. Eartiids waarden de kij dêr oer de Nauwe Greons setten. In yn it Aldfrysk opstelde oarkonde van 21 july 1463 neamt dy brêge, dy't grif al wat eastliker lei as de hjoeddeiske brêge.
Tearns en Himpens wiene eartiids twa tige lytse selsstannige parochydoarpen, dy't nei de reformaasje yn 1603 gearfoege waarden. It doarp wie fan oarsprong in dykdoarp.
Yn 1806 waard de midsiuwske tsjerke ferfongen, mar dy nije tsjerke baarnde yn 1945 folslein ôf. De tsjerke waard yn 1948 fannijs boud, de hjoeddeiske Martinustsjerke.
Troch de oanlis fan de wyk Suderbuorren sûnt 1999 ferlear Himpens in grut part fan de himrik en binne beide doarpen no foar it measte omsletten troch de stêd Ljouwert. Dochs is der by de ynrjochting fan de nije wyk rekken holden mei it doarpske karakter fan it twillingdoarp troch om de âlde kearnen romte te hâlden tusken de nijbou fan Suderbuorren. Yn opdracht fan doarpsbelang Himpens-Tearns waard yn 2001 in plan ûntwikkele foar it lêste agraryske gebiet noardlik fan Himpens. Dat resultearre yn in keunstwurk (Landart project), dat neffens de ûntwerpers tinken docht oan it lânskip dêr út de earste helte fan de 20e iuw. Oan de westlike kant fan Himpens ûntstie troch it ôfgraven fan bougrûn foar Suderbuorren de Tearnzer Wielen.
Sûnt 1943 leit Himpens yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn de gritenij Ljouwerteradiel (sudertrimdiel).
Yn Himpens stiet it doarpshûs fan it twillingdoarp Himpens-Tearns, dêr't ek in tonielferiening yn sit. Meiïnoar hawwe de twa doarpen ek de moanlikse doarpskrante 'Brêgenijs'.
Yn de buorskip Suderbuorren is it Amfiteater fêstige oan de Nauwe Greons, dêr't in soad kulturele eveneminten yn de maitiid en simmer holden wurde.
Himpens hie eartiids in iepenbiere basisskoalle, de J.H. van IJsselskoalle. De Skoalledyk tinkt der noch oan werom. Tsjintwurdich hat it twillingsdoarp gjin eigen skoalle mear, mar der binne twa basisskoallen, in kristlike en in iepenbiere yn de súdlike râne fan de Ljouwerter wyk Suderbuorren.
Jier | 2013 | 2016 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 205 | 219 | 224 | 238 | 264 | 272 |
De Hoek, De Leijte, Glinswei, It Leechje, It Streekje, J H V IJsselstrjitte, Johannesleane, Reintje Visser-Beardastr, Skoalledyk, Suderbuorren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.