Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eastermar is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdeast fan de Burgumer Mar. De buorskippen It Heechsân en It Wytfean hearre ek ta Eastermar.
Eastermar | ||
Wâltsje | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.585 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 21.17 km², wêrfan: - lân: 16,24 km² - wetter: 4,93 km² | |
Befolkingsticht. | 499 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' N 6° 03' E | |
Doarpsgebiet Eastermar (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Side fan Eastermar | ||
Kaart | ||
De kom fan it doarp lei by it Heechsân, op it sân fan in morene, trije meter heger as de Burgumer Mar. Dêr stiet ek noch de tsjerketoer út de 14e iuw. Troch de feanterij by it Wytfean waard de buorskip 'De Wâl' oan De Lits fan mear belang, oant dy de kom fan it doarp foarme.
Eastermar hat 1.585 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Oer de Sumarderwei hat it doarp ferbining mei Sumar; de Toerloane ferbynt it mei it Heechlân en slút dêr oan op de yn 2007 Skûlenboargerwei, nei Skûlenboarch. De Lits ferbynt it doarp nei it noarden ta mei de Burgumer Mar en nei it suden ta mei de De Leien. Yn 2007 is der in natuerpaad om De Leien oanlein.
It doarpsgebiet fan Eastermar leit sa likernôch tusken 1 en 4 meter boppe seenivo.
Nei Eastermar is it Eastermar Ynterglasiaal neamd. It 'Eastermar ynterglasiaal' wie in reedlik waarme tiidrek út it Mid-Pleistoseen. De omkriten fan Eastermar hawwe in kûlisselânskip mei houtwâlen.
Yn de himrik fan Eastermar lizze de buorskippen It Wytfean en It Heechsân. Om betizing mei Hoogezand yn Grinslân foar te kommen wurdt ek wol Heechsân-Eastermar sein.
Al yn 4000 f.Kr. wennen der nomaden yn de kontrei. Oan de Burgumer Mar is in wichtige archeologyske fynst dien dêr't soks út bliken docht. Dizze fynst stiet bekend as it Leien-Warten Kompleks. Om Eastermar hinne binne ek mammoetkiezzen en gouden ringen fûn. Se lizze yn it Streekmuseum Burgum. De earste boeren fêstigen har op de hegere grûn be-easten de Burgumer Mar. De earste stienen tsjerke waard om 1200 boud op it plak dêr't no it tsjerkhôf op It Heechsân is, mar de mienskip moat in pear iuwen âlder wêze. Yn de midsiuwen stienen der al meardere pleatsen om de tsjerke hinne en oan de noard- en súdkant fan It Heechsân.
Op in kaart út 1605 is goed te sjen dat it hjoeddeiske Heechsân doe Eastermar hiet. Dêrop is ek goed te sjen dat de Burgumer Mar (ûntstien yn de iistiid) der wol wie, mar De Leien noch net. De mar De Leien is ûntstien út de feanôfgraving. Tusken 1500 en 1750 waard der op grutte skaal ferfeante, dêr't de omjouwing tige troch feroare. Doe't it fean om 1750 hinne op rekke wie der gjin wurk mear foar feanarbeiders. Mei it ferdwinen fan it fean stûke de befolkingsgroei fan de oarspronklike kearn It Heechsân. Yn dy tiid ûntstie it nije buorskip De Wâl. De Wâl lei oan De Lits, tusken de Burgumer Mar en De Leien yn. It waard in brûsplak fan skipfeart, hannel en ambacht. Dat buorskip ûntwikkele him fierder ta it moderne doarp Eastermar. Nei it ôfgraven fan it fean ûntstienen der om Eastermar en It Heechsân hinne ferskillende boerepleatsen.
Tusken 1904 en 1964 wie der yn it doarp in suvelfabryk. It ferlies oan wurkplakken troch de sluting fan it suvelfabryk waard diels opfongen mei de bou fan in nij yndustryterrein oan it Prinses Margrietkanaal, noardlik fan It Heechsân by it buorskip Skûlenboarch. It yn kultuer bringen fan lân troch de boeren wie yn it jier 1920 klear. It dêrút ûntstiene kûlisselânskip wurdt hjoed-de-dei yn stân hâlden. Yn 1992 waard dêrfoar de feriening 'Eastermarder Lânsdouwe' oprjochte. Yn 2007 waard it nij havengebiet mei de namme 'De Komerk' iepene.[3]
Yn 2018 foel de oant doe ta heechste Postkoadekanjer ea op in postkoade fan Eastermar.[4] De bewenners mei de postkoade 9261 wûnen meiïnoar in bedrach fan 53,9 miljoen. 273 dielnimmers wûnen it lot 76.968 euro as hja yn 2017 yn alle trekkingen meidiene. Yn de winnende strjitte waarden bedragen wûn fan 8,9 miljoen euro en 17,9 miljoen euro. De measte winners brûkten it jild om it hûs op te knappen, in nije wein te keapjen of sinnepanelen op it hûs te lizzen.[5]
De feriening foar Doarpsbelangen is oprjochte op 15 maart 1915 mei de namme 'Vereniging: Plaatselijk Belang'. It doarpshûs hjit 'De Kjellingen'. It nije gebou krige dy namme nei in priisfraach om foar de tydlike namme 'Klustermar' in nije namme te betinken. De Kjellingen is in ferheging yn it lânskip, dêr’t har sa’n santûzen jier lyn minsken nei wenjen setten.
It doarpskrantsje 'Marnijs' ferskynt fjouwer kear yn 't jier. Der is alle jierren in doarpsfeest en it strjittefestival dat sûnt 2000 hâlden wurdt hjit 'It Easterbarren'.
Yn it doarp stiet de Broekophâlder, in brûnzen byld fan Aizo Betten (1938-2014). It byld ferwiist nei de skelnamme fan de Eastermarders, 'broekophâlders', en de tiid dat de ynwenners it net breed hiene.
Oant 2006 hie Eastermar in grifformearde tsjerke yn Eastermar en in herfoarme tsjerke op it Heechsân. Troch de foarming fan ien protestantske gemeente yn Eastermar waard it grifformearde gebou oerstallich. Tsjintwurdich is de eardere grifformearde tsjerke ferboud yn in hûsartsenpraktyk, wylst frijwilligers de eardere herfoarme tsjerke oan de Toerloane ferbouden en restaurearren.
Troch de delgong fan it tal skoalbern yn it doarp binne op 1 augustus 2018 de kristlike basisskoalle 'De Balsemyn' en de iepenbiere skoalle 'De Bolster' fusearre ta de basisskoalle 'Twirre'.[6][7]
De histoaryske befolkingsûntjouwing fan Eastermar:
Oer de Strjitten fan Eastermar
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.