It Neder-Sû Yndianereservaat (Ingelsk: Lower Sioux Indian Reservation; Eastlik Dakota: Čaŋsa'yapi) is it reservaat fan 'e federaal erkende Neder-Sû Yndianemienskip (Lower Sioux Indian Community) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Minnesota.

Fluch de feiten
Neder-Sû Yndianereservaat
Lower Sioux Indian Reservation
Thumb
It histoaryske gebou fan it Neder-Sû agintskip fan it BIA.
polityk
haadplakMorton (Minnesota)
stamme Neder-Sû Yndianemienskip
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
sifers
ynwenners335 (2000)
oerflak7,0 km²
bef.tichth.47,9 / km²
oar
stifting1851
tiidsôneUTC-6
simmertiidUTC-5
kaart
Thumb
Yndianereservaten yn 'e steat Minnesota. Neder-Sû is werjûn yn read.
Slute

Algemien

It reservaat leit oan 'e súdigge fan 'e rivier de Minnesota, yn Redwood County. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 335 minsken. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Morton, dat feitliken fuort benoarden it reservaat leit. It Neder-Sû Reservaat hat in oerflak fan mar 7 km². County Highway 2 rint dwers troch it reservaat hinne.

Thumb
It foarljochtingssintrum fan it Neder-Sû Reservaat, mei de flagge fan 'e Neder-Sû Yndianemienskip derfoar te wapperjen.

Skiednis

It Neder-Sû Reservaat waard oprjochte yn 1851, as útfloeisel fan it Ferdrach fan Traverse des Sioux tusken de Dakota fan súdlik Minnesota en de Amerikaanske oerheid, mar wie yn 't earstoan folle grutter. De namme fan it reservaat komt fan it feit dat der yn 'e njoggentjinde iuw oan 'e rivier de Minnesota twa reservaten fan 'e -Yndianen wiene, wêrfan't dat streamop "Opper-Sû" (Upper Sioux) neamd waard, en dat streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux).

Ekonomy

De Neder-Sû Yndianemienskip hat op syn reservaatlân, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen kasino sette litten, dat it earste fan Minnesota wie. It Jackpot Junction Casino Hotel komt fuort út in bingohal dy't yn 1984 boud waard, en omfettet njonken gokfasiliteiten trije bars, trije restaurants, in skouboarch, in hotel en twa grutte dûnssealen. Dêrmei is it kasino, dat 24 oeren deis, sân dagen wyks iepen is, ien fan 'e grutste wurkjouwers yn 'e fiere omkriten (en komt it sadwaande ek de blanke befolking fan it gebiet te'n goede). Fierders stiet yn it reservaat ek it Neder-Sû Agintskip, in histoarysk monumint út 'e Dakota-Oarloch fan 1862, dat ûnderholden wurdt troch de Neder-Sû Yndianemienskip yn gearwurking mei it Histoarysk Genoatskip fan Minnesota.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.