Neder-Sû Yndianemienskip

From Wikipedia, the free encyclopedia

Neder-Sû Yndianemienskip

De Neder-Sû Yndianemienskip (Ingelsk: Lower Sioux Indian Community) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Minnesota.

Fluch de feiten
Neder-Sû Yndianemienskip
IngelskLower Sioux Indian Community
flagge
Thumb
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
haadkertierMorton (Minnesota)
etnisiteitEastlike Dakota
ledetal820 (2010)
oprjochting1851
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatNeder-Sû Yndianereservaat
lokaasjesúdlik Minnesota
oerflak7,0 km²
ynwennertal340 (2000)
offisjele webside
www.lowersioux.com
kaart
Thumb
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Minnesota.
Slute

Algemien

In alternative namme is: "Neder-Sû Mdewakanton Mienskip", en de langere namme fan "Neder-Sû Yndianemienskip yn de Steat Minnesota" wurdt ek wol brûkt. De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1851, hat 820 leden, en it haadkertier is fêstige yn Morton, yn Minnesota. De leden besteane út etnyske (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen.

Reservaat

It reservaat fan 'e Neder-Sû Yndianemienskip is it lytse Neder-Sû Yndianereservaat (Lower Sioux Indian Reservation) fan súdlik Minnesota, dat in oerflak hat fan mar 7 km², en dêr't yn 2000 likernôch 340 minsken wennen.

De Neder-Sû Yndianemienskip is ien fan fjouwer lytse, federaal erkende Sû-stammen yn súdlik Minnesota, dy't de restanten foarmje fan 'e Eastlike Dakota, de oarspronklike bewenners fan dat gebiet. Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waarden hja lykwols foar it meastepart út har heitelân wei deportearre nei de Dakota's en Nebraska, al namen party eigener beweging de wyk nei Kanada.

De namme fan 'e organisaasje komt fan it feit dat der twa Sû-reservaten oan 'e rivier de Minnesota wiene (en noch binne), wêrfan't dy streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux) neamd waard, en dy streamop "Opper-Sû" (Upper Sioux).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.