From Wikipedia, the free encyclopedia
Julia Blackburn (Londen, 1948 - ) is in Britsk skriuwster fan fiksje en non-fiksje. Hja is de dochter fan de dichter Thomas Blackburn en de skilderesse Rosalie de Meric[1](1916-1999).
Yn 1999 boaske se oan de Nederlânske byldhouwer Herman Makkink (1937-2013).
Julia waard grutbrocht yn in tige ynstabile hûshâlding. Julia wie iennichst bern en miste bruorren en suskes doe't hja jong wie. Har mem hie twa miskreammen hân. Har heit wie ferslaafd oan alkohol en barbituraten en brûkte somtiden geweld by skeel mei syn frou. Julia koe lykwols goed mei him, wie net benaud foar him. De ferhâlding mei har mem wie as mei in suster en fertrouweling fan jongs ôf oan. Letter sloech dat om yn haat doe't it houlik striemin waard. Nei Julias' berte woe heit net mear by mem sliepe, heit en Julia koene sa goed meielkoar, heit bleau aardich foar Julia nei de skieding, allegear dingen dy't Julia kwea ôf naam waarden. Flak foar har dea yn 1999 kaam mem Rosalie, dy't leukemy hie, by Julia yn en waard der noch in soad út it ferline dúdlik foar Julia en hawwe sy noch in goed skoft tiid meiinoar hân.
Har âlden hiene beide ferhâldings mei oaren om elkoar oergeunsich te meitsjen. Yn 1966 kaam it safier dat de ekshibysjonistyske Rosalie Julia ek as seksuele rivale begûn te sjen. Julia's âlden hiene kunde oan de skilder Francis Bacon en har heit rekke sels fereale op him.
Doe't Julia 13 jier wie, giene har âlden út elkoar en doe't hja 18 jier wie flechte hja fan hûs mei har memme folle âldere freon Hans, in Nederlanner.
Julia Blackburn ferhellet wiidweidich oer har jeugd yn The Three of Us: a Family Story (2008). Dêr docht út bliken hoe't hja har hiele jeugd hinne en wer skuord waard tusken leafde en haat foar har âlden[2] Mei Wij drieën wûn sy de prestiizjeuze PEN/Ackerley Prize 2009 foar bêste literêre autobiografy.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.