From Wikipedia, the free encyclopedia
In húshâlding is in groepke byinoar hearrende minsken dy't mei-inoar yn ien wente gearlibje en dêr mielen en akkomodaasjes as wenkeamer, koken, puoskoken, dûs en húske diele. Húshâldings foarmje de basisienheid foar ûndersyk op maatskiplik, mikro-ekonomysk en statistysk mêd, en binne wichtich foar saken as ekonomy, bestjoer, útkearings en erfrjocht. Neffens it CBS telde de trochsneed húshâlding yn Nederlân yn 2011 2,20 persoanen. De termen húshâlding en gesin wurde faak trochinoar brûkt, mar húshâlding is eins in breder begryp.
De oantsjutting 'gesin' is beheind ta in troud pear of gearwenjend pear mei minderjierrige bern (in gesin of gearstald gesin) of in allinichsteande âlder mei minderjierrige bern (in brutsen gesin). In húshâlding kin lykwols ek bestean út oare famyljegearstallings, lykas in âlder mei in folwoeksen bern. Boppedat kin it by in húshâlding ek gean om in troud of gearwenjend pear sûnder bern, of in pear of in stikmannich net oaninoar besibbe lju dy't ek gjin leafdes- of seksuële relaasje mei-inoar ûnderhâlde en al of net befreone binne (hûsgenoaten). Sels in allinnichsteande fiert in eigen húshâlding. Yn earder tiden waard yn foarname fermiddens ek it ynwenjende tsjinstfolk ta de húshâlding rekkene.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.