De âlden, âldelju, âlders (meastal wurdt de meartalsfoarm oanholden) of heit en mem binne de primêre fersoargers fan ien of mear bern. In manlike âlder hjit in heit, en in froulike âlder hjit in mem. Tradisjoneel foarmje in heit, in mem en ien of mear bern in famylje-ienheid dy't it gesin neamd wurdt, en dy't faak beskôge wurdt as de basisienheid fan 'e minsklike maatskippij. De relaasje tusken âlden en har bern wurdt oantsjut as it âlderskip, en it byhearrende eigenskipswurd is âlder-, âlderlik of parintaal.
- Dizze side giet oer âlder yn 'e sin fan 'heit' of 'mem'. Foar âlder yn 'e sin fan âlderdom, sjoch: âlderdom.
- Net te betiizjen mei it tydskrift Heit & Mem.
Yn 'e Westerske wrâld binne sûnt de 1960-er jierren stadichoan alternative gearstellings fan gesinnen opkommen, benammen nei't yn in grut tal lannen it homohoulik ynfierd is. Sadwaande binne tsjintwurdich gesinnen mei twa heiten en gjin mem of mei twa memmen mar gjin heit frij normaal. Itselde jildt foar brutsen gesinnen, wêrby't de bern nei de skieding fan 'e âlden grutbrocht wurde troch inkeld de heit of (faker) de mem. Gauris drage yn sokke sitewaasjes beide âlden dochs noch (foar in diel) by oan 'e opfieding fan 'e bern, mar as dat ôfwikseljend dien wurdt of as ien fan 'e âlden dêr alhiel net mear by belutsen is, bygelyks fanwegen ferstjerren, ûnwil of om't hy of sy dêrta ûngeskikt achte wurdt, ferwiist men nei de oerbleaune âlder as in allinnichsteande âlder.
As de bern út 'e relaasje fan 'e âlden fuortkomme troch de opienfolging fan geslachtsferkear, swierwêzen fan 'e mem en befalling (yn it biologyske proses fan fuortplanting), sprekt men wol fan biologyske âlden, ta ûnderskie fan oare soarten âlden. Biologyske âlden jouwe harren genetysk materiaal troch en binne sadwaande elts foar 50% ferantwurdlik foar de genetyske opmaak fan harren bern. Dit is in foarm fan earstegraads besibskip, en yn dit ramt kinne biologyske âlden omskreaun wurde as foarâlden dy't op ien generaasje ôfstân fan 'e bern steane. Soms is by de fuortplanting noch in trêde biologyske âlder belutsen, lykas in draachmem.
As bern ûnderbrocht wurde by lju dêr't se hielendal gjin famyljebân mei hawwe, binne de âlden pleechâlden, of, as der in formele adopsje plakfûn hat, adopsje-âlden. De rol fan 'e âlden hâldt net op as de bern folwoeksen wurden binne, al fine der dan wol yngripende feroarings yn plak. Mar likegoed bliuwe âlden yn 'e regel by it libben fan harren bern belutsen, al is it mar op 'e eftergrûn en fan in ôfstân ôf. Tagelyk krije de folwoeksen bern der troch in eigen relaasje of houlik ornaris in ekstra pear âlden by, nammentlik de âlden fan 'e oarehelte, dy't de skoanâlden neamd wurde.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.