From Wikipedia, the free encyclopedia
Joris in 't Veld (Dubbeldam, 5 july 1885 - De Haach, 15 febrewaris 1981) wie in mearsidich sosjaaldemokratysk politikus (û.o. minister), heechlearaar yn Leien, lid fan de Ried fan Steat, bestjoerder en ien fan de grûnlizzers fan bestjoerswittenskippen yn Nederlân.
Joris in 't Veld | ||
politikus | ||
Joris in 't Veld (1945) | ||
echte namme | Joris in 't Veld | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 july 1885 | |
berteplak | Dubbeldam | |
stjerdatum | 15 febrewaris 1981 | |
stjerplak | De Haach | |
partij | SDAP, PvdA | |
Lid Provinsjale Steaten fan Súd-Hollân | ||
amtsperioade | 1931-1937 | |
Boargemaster fan Zaandam | ||
amtsperioade | 1937-1948 (mei in ûnderbrekking yn de twadde wrâldkriich) | |
foargonger | Kornelis ter Laan | |
opfolger | Wim Thomassen | |
Lid Earste Keamer | ||
amtsperioade | 1937-1948, 1952-1965 | |
minister fan Weropbou en Folkshûsfesting | ||
regear | kabinet-Beel I, kabinet-Drees I, kabinet-Drees II | |
amtsperioade | 1948-1952 | |
foargonger | Lambertus Neher | |
opfolger | Herman Witte |
Yn 1937 folge hy Kornelis ter Laan op as boargemaster fan Saandam en waard yn dat jier lid fan de Earste Keamer foar de SDAP. As Partij fan de Arbeid-minister fan Weropbou en Folkshûsfesting yn de kabinetten-Beel I en -Drees I en -Drees II brocht hy ûnder mear de Wederopbouwet ta stân.
Hy hearde fuort nei de oarlochsjierren ta de oprjochters fan Humanitas en it Humanistysk Ferbûn. Hy wie foarsitter fan Humanitas en siet yn it haadbestjoer fan it Humanistysk Ferbûn en wie sadwaande fan grutte betsjutting foar uit humanistyske folksdiel. Op It Hearrenfean is in humanistysk wenkompleks nei him neamd. It stiet oan de P.J. Troelstrawei.
In 't Veld skreau ferskate artikels en tsientallen boeken, wêrûnder: