From Wikipedia, the free encyclopedia
Jean-Paul Charles Aymard Sartre (Parys, 21 juny 1905 - dêre, 15 april 1980) Frânsk filosoof en skriuwer. Oan him wurdt de ûntjouwing fan it eksistinsjalisme taskreaun.
Sartre waard berne yn Parys op 21 juny 1905. Hy folge middelber ûnderwiis oan it Henri IV Lyceum yn Parys, dêr't er kunde krige oan Paul Nizan. Fan 1922 oant 1924 die er tariedend ûnderwiis foar it Louis-le-Grand lyseum. Yn 1924 waard er talitten op de École normale supérieure. Dêr moette er Simone de Beauvoir, dêr't er syn libben mei diele soe. Yn 1929 waard er talitten ta de stúdzje filosofy. Professor soe Sartre nea wurde. Hy publisearre filosofyske essays en ûntwikkele him as foaroanman fan it doedestiidse Frânske eksistinsjalisme. Yn dy tiid makke hy namme troch syn romans (La nausée, 1938), novelles (Le mur,1939) en teaterstikken (Les mouches, 1943). Hy wûn dêrmei in grut publyk foar syn ydeeën. Syn yntellektueel ymago koe er handich brûke by it ynnimmen fan stânpunten yn polityke kwestjes.
Yn 1964 waard him de Nobelpriis foar de Literatuer takend, mar hy wegere dy oan te nimmen.
Hy ferstoar op 15 april 1980 yn Braussais. By syn begraffenis wiene sa'n 50.000 minsken oanwêzich.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.