From Wikipedia, the free encyclopedia
Historiografy (fan it Aldgrykske ἱστορία, historía, "skiednis", en γράφω, gráphō, "skriuwe") is de stúdzje fan 'e metoaden dy't histoarisy brûke om 'e skiedskriuwing te ûntjaan as in tûke fan 'e wittenskip. De historiografy fan in beskaat ûnderwerp beslacht hoe't histoarisy dat ûnderwerp bestudearre hawwe troch it gebrûk fan boarnen, techniken en teoretyske metoaden. Wittenskippers hawwe it nea oer de historiografy yn it algemien, mar altyd beheind ta in beskaat ûnderwerp, lykas de historiografy fan 'e Twadde Wrâldoarloch of fan 'e iere islaam of fan it Keizerryk Sina. Fan 'e njoggentjinde iuw ôf, doe't skiednis foar it earst in universitêre stúdzje waard, hat him sadwaande ek in historiografyske literatuer ûntjûn, dy't de wize beskriuwt dêr't de skiednis op beskreaun wurdt.
Histoarysk giet de gronologyske beskriuwing fan 'e skiednis werom oant de iere annalen dy't produsearre waarden troch beskavings lykas dy fan it Alde Egypte en Mesopotaamje. Wiere historiografy sette lykwols pas yn 'e fyfde iuw f.Kr. útein mei de wurken fan 'e Grykske skiedskriuwer Herodoatus. De steatsman Kato de Aldere skreau yn 'e twadde iuw f.Kr. yn 'e Romeinske Republyk de Origines, de earste skiednis yn it Latyn. Sima Tan en Sima Qian, dy't hast syn tiidgenoaten wiene, leine mei de Shiji yn 'e Han-dynasty de grûnslach foar de historiografy fan Sina. Yn 'e Midsiuwen omfieme de historiografy û.m. de Jeropeeske kroniken, de islamityske skiedskriuwing en de wurken fan Koreaanske en Japanske histoarisy dy't fuortborduerren op it Sineeske foarbyld.
De moderne historiografy fan 'e Westerske wrâld waard yn 'e achttjinde iuw foarme yn 'e Ferljochting, troch lju as Voltaire, David Hume en Edward Gibbon. De wichtichste hjoeddeistige ûntwikkeling yn 'e historiografy is in ferskowing fan 'e tradisjonele fokus op diplomasy, polityk, oarlochfiering en ekonomy nei nijere oandachtspunten, yn 't bysûnder sosjale skiednis en kulturele stúdzjes.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.