Idaerderadiel

From Wikipedia, the free encyclopedia

Idaerderadiel

Idaerderadiel, ek stavere as Idaarderadiel (Nederlânsk en offisjeel: Idaarderadeel) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 in befolking fan 8.892 minsken,[1] en besloech in oerflak fan likernôch 65 km².[2]

Fluch de feiten flagge, wapen ...
Idaerderadiel
Thumb
It eardere gemeentehûs fan Idaerderadiel yn Grou.
flaggewapen
Thumb
lokaasje
Thumb
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplakGrou
grutste plakGrou
ynwennertal8.892 (1981)
befolkingstichtens136,8 / km²
oerflak65,00 km²
tal doarpen8
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Idaerderadiel
opheft1984
opgien yn Boarnsterhim
no part fan Ljouwert
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
Slute

Skiednis

Idaerderadiel ûntstie as gemeente yn 1851, doe't troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke alle gritenijen omfoarme waarden ta gemeenten. It wie in fuortsetting fan 'e âlde Gritenij Idaerderadiel, dy't tebek gie oant de fjirtjinde iuw. Idaerderadiel hearde ta it kertier Eastergoa.

By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 waard Idaerderadiel opheft en it gebiet fan 'e gemeente waard yn 'e mande mei dat fan Raerderhim en it grutste part fan Utingeradiel gearfoege ta de nije gemeente Boarnsterhim. Doe't Boarnsterhim by in nije gemeentlik weryndieling op 1 jannewaris 2014 opheft waard, kaam it hiele grûngebiet fan it eardere Idaerderadiel by de gemeente Ljouwert te hearren.

Plakken

It haadplak fan Idaerderadiel wie Grou, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Eagum, Friens, Idaerd, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.