Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gisbertus Voetius (latinisearring fan Gijsbert Voet) (Heusden, 3 maart 1589 - Utert, 1 novimber 1676) wie in Nederlâns teolooch, heechlearaar en predikant fan grifformeard komôf. Hy waard foaral ferneamd as de earste heechlearaar fan de Universiteit fan Utert.
It geslacht Voet wennet al inkele generaasjes yn Heusden. Der wurdt sein dat it geslacht Voet in aadlik geslacht is, mar dat is nea bewezen. It strategysk lizzende festingstedsje leit op de grins fan Hollân, Brabân en Gelderlân. It wie dan ek yn de Tachtichjierrige oarloch in plak dêr't bot om fochten is. De pake fan Voetius, Nicolaas Dirks Voet boargemaster fan Aldheusden, wie yn de omkriten ien fan de earsten en hast ienichste dy’t iepenlik útkaam foar de reformearre religy en dus de partij fan Prins Willem fan Oranje keas. De pake ferstoar ûnder fertochte omstannichheden yn de finzenis fan De Bosk. Syn soan Paulus, de heit fan Voetius, nam tsjinst yt it leger dat Heusden beskermje moast tsjin de Spanjerts. Under de lieding fan Prins Maurits en Willem Loadewyk ferstoar Paulus Voet yn 1597 by de belegering fan Bredevoart yn Gelderlân.
Gisbertus wie sechde fan acht bern, dêr't hy mei syn broers Durk en Paul en in suster Elisabeth fan yn libben bleaunen. Hy wie noch jong doe't er foar it earst nei de Latynske skoalle gie. Nei de dea fan syn heit seach it der net nei út dat Gisbertus fierder leare koe. Mar troch de boargers en it stedsbestjoer koe hy dôchs mei de stúdzje trochgean. It wie al gau dúdlik dat Gisbertus net allinnich goed leare koe en in goed ûnthâld hie; hy wie ek al op jonge leeftyd tige from. It stedsbestjoer makke fan him in Stedsstudint. Mei dy stúdzjebeurs waard er talitten op de Leienske universiteit. Nei de propedeutyske fakken koe hy him yn 1607 talizze op de teology. Yn dy tiid spile it konflikt tusken de heechleararen Arminius en Gomaris. Voetius stie oan de kant fan Gomarus, hy wie dus in oanhinger fan it strange Kalvinisme. Yn 1611 studearre hy op 22 jierrige leeftyd of.
Werom yn Heusden besocht er om noch in steedlike stúdzjebeurs te krijen. Hy woe graach lâns inkele grifformearde ynstituten reizgje yn Jeropa, mar hy krige gjin beurs. Dêrom begûn hy te preekjen yn en om Heusden hinne. Op 25 septimber 1611 waard hy befêstige as predikant te Flijmen. Ek it plak Engelen hearde by it wurkgebiet. Engelen wie in echt Roomsk-katolyk plak mar dôchs wist hy in grifformearde gemeente mei tsjerkerie op te rjochtsjen. Neist syn predikantskip bestege hy in soad tiid oan syn stúdzje. Yn 1617 waard hy beroppen yn Heusden. Net allinnich wie er wurksum foar syn gemeente, hie stapte hieltyd mear op de foargrûn as in wichtich fertsjintwurdiger en útfierder fan de strange kontra-remonstrante lear. Yn 1618-1619 waard hy ôffurdige foar de Synoade fan Dordrecht. Yn 1629 waard er fjildpreker. Hy gie lâns de troepen dy’t op dat momint ‘s-Hertogenbosch belegeren. Mar hy wie net allinnich oansteld as preker. Nei it oermasterjen fan de stêd moast hy der foar soargje dat er gjin katolike tsjinsten mear hâlden waarden en dat de minsken oerstappe soenen op it gereformearde leauwe. Nei de ynnamme wurke Voetius mei oare predikanten hurd oan it opsetten fan gereformearde tsjerke-organisaasjes yn de stêd. Yn 1634 waard Voetius beneamd ta heechlearaar yn de teology, Hebriuwsk en easterske talen oan de krekt oprjochte universiteit fan Utert. Hy hat mear as fjirtich jier wurke oan de universiteit. Hy stie bekend as in presize. Hy ferdigene de puriteinske sneinsfiering en bestried de wrâldse saken lykas dûnsjen, toaniel, te folle ite en drinke. De filosofy fan Descarte moast it ek ûntjilde.
Neist heechlearaar wie er ek predikant yn Utert. Mar hy wegere de kategisaasje fan bern te dwaan. Fan syn eigen fiif bern giene trije bern yn syn fuotspoaren. Syn soannen Paulus en Danielen waarden heechlearaar en Nicolaas waard predikant. Dochter Elisabeth wie siik yn de holle. Op hege leeftyd moasten syn frou en hy meimeitsjen dat harren bern Daniel, Maria en Paulus koart nei elkoar ferstoaren. Noch op hege leeftyd wie Voetius aktyf yn de tsjerke. Yn de âldens fan 88 jier ferstoar Voetius yn 'e sliep.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.