Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Franciscus Gomarus (Brugge, 30 jannewaris 1563 - Grins, 11 jannewaris 1641) waard berne as François Gomaer. Hy wie fan 1594 oant 1618 heechlearaar yn de teology oan de Universiteit fan Leien, mar waard letter fral bekend as foaroanman fan de kontraremonstranten.
Yn 1586 waard er predikant yn in gemeente fan Nederlânske flechtlingen yn Frankfurt am Main, dêr't er hals oer kop wei moast yn de winter fan 1593-1594. Offisjeel wie dat, omdat er mei in frou 'fan bûten' boaske wie, mar de wiere reden wie dat syn flechtlingegemeente slim bedrige waard fan fanatike lutherske predikanten.
De rûzje mei syn Leidske kollega Jakobus Arminius (dy't yn 1608 oan de universteit kaam wie), foaroanman fan de remonstranten, draaide fral om de fragen yn hoefier at der sprake is fan predestinaasje en oft Gods besluten ôfhinklik binne fan it hâlden en dragen fan de minske - Gomarus leaude fan net, Arminius tocht fan wol. Gomarus stelde dat Gods besluten 'soeverein' binne, d.w.s. dat God syn besluten net ôfhingje lit fan wat de minske docht as lit. Dochs mijde Gomarus determinisme. Hy hanthavene de ferantwurdlikens fan de minske en it belang fan it mei de died leauw yn Kristus. Gomaris waard stipe troch Johannes Bogerman (1570-1637), dy't letter professer yn de teology yn Frjentsjer waard.
It konflikt mei Arminius hie grutte politike spannings yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen fan gefolgen. Prins Maurits keas iepenlik partij foar Gomarus. Ek in mearderheid fan it folk wie it iens mei de lear fan de kontra-remonstranten.
Nei de arrestaasje en eksekúsje fan Johan van Oldenbarnevelt (dy't him war set hie foar mear ferdraachsemens foar remonstranten yn tsjerke oer) en de Synoade fan Doardt waard it pleit definityf yn it foardiel fan de kontra-remonstranten besljochte.
Gomarus hie ek in oandiel yn de redaksje fan de Nederlânske oersetting fan it Alde Testamint yn 1633, en nei syn dea waard in boek fan him publisearre dat fan Lyra Davidis hjitte, dêr't er yn besocht de prinsipes fan it Hebriuwsk metrum te ferklearjen en dat noch al wat striderij joech, ûnder oaren mei Louis Cappel. Gomarus syn wurk waard samle en yn ien diel folio útbrocht nei syn dea (Amsterdam, 1645).
Fan 1618 ôf oant syn dea wie Gomarus heechlearaar teology en Hebriuwsk yn Grins. Hy waard begroeven yn in grêf yn it koar fan de Martinitsjerke, dêr't syn frou ek rêste. Nettsjinsteande syn professoraat Hebriuwsk, stie er der op oan dat der beheiningen oan de Joaden oplein wurde moasten. Hy waard opfolge yn Grins yn 1643 troch syn learling Samuel Maresius (1599-1673).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.