Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hollân is in streek yn it westen fan Nederlân, dat tsjintwurdich opdield is yn de provinsjes Súd-Hollân en Noard-Hollân. Dizze twa provinsjes binne lykwols net itselde as de streek Hollân.
De namme is komt fan Holtlân of Holdlân, dus: houtlân. Yn de 9e iuw waard dy namme foar it earst neamd foar in plak dêr't de krekte lizzing lykwols net mear bekend fan is. Letter waard it de beneaming fan it goa circa horas Rheni (Rynlân), fan wêr't greve Floaris I syn gebiet nei it noarden útwreidzje soe. De âldste boarnen ferwize nei in net helder definiearre greefskip Frisia te westen fan it Flie. Oant 1101 hawwe de boarnen it oer Fryske greven, mar yn dat jier krijt Floaris II in taheaksel; hy wurdt neamd as Florentius comes de Hollant, greve fan Hollân, dat letter alhiel oergean sil yn it greefskip.
De namme wurdt yn it bûtenlân faak foar hiel Nederlân brûkt. Dat bart ek wol yn Nederlân, al is dit net korrekt; it Nederlânsk Buro foar Toerisme brûkt de namme Hollân as merknamme fanwege de grutte nammebekendheid.
Yn it noarden wurdt de streek Hollân, rûchwei besjoen, begrinze troch de âlde grins fan it IJ; oan de oare kant leit West-Fryslân, al wurde guon dielen benoarden it IJ ek wol ta Hollân rekkene. Yn it suden leit de grins foarby de Biesbosch. Moerdyk en Geertruidenberch en dêr omhinne lizze yn Hollân wylst Wagenberch en Oosterhout ta Brabân hearre. Tsjintwurdich lizze al dizze plakken yn de provinsje Noard-Brabân.
De eastgrins fan Hollân lei folle tichter by de grins fan de stêd Utert as de hjoeddeiske provinsjegrins; ea lei it gebiet Lopikerwaard yn Hollân. De Lopikerwaard hat lykwols in skoftlang in soart wyldernis west fanwege skeel tusken Prinsbisdom Utert, Hartochdom Gelre en Greefskip Hollân, en sa feroare dat gebiet noch wolris fan hear, en dêrmei fan goa dêr't it byrekkene waard. De sitewaasje wie noch komplekser trochdat de greven fan Hollân ek greven fan Buren wienen, wêrtroch de macht fan de greven fierder westlik rikte as de grinzen fan Hollân. De grins by Gorinchem lei yn it begjin, foar de 15e iuw, fierder nei it easten as tsjintwurdich, mar de grins wie fan 1425 ôf likernôch by dat plak.
Wat rommer naam wurdt Hollân faak lykskeakele mei benammen de provinsje Hollân en West-Fryslân fan nei de Bataafske Republyk, dy't doe ek wol feitlik Hollân neamd waard. Tsjintwurdich wurde faak ek allinnich de provinsjes Noard- en Súd-Hollân as Hollân beskôge.
Yn de Tachtichjierrige oarloch spile it gewest Hollân en West-Fryslân in wichtige rol yn it ferset tsjin de Spanjerts. Mei de Uny fan Utert yn 1579 waard it ien fan de provinsjes fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dêr't Hollân it liedende gewest fan waard. De provinsje wie doe opdield yn gewest Hollân (Suderkertier) en gewest West-Fryslân (Noarderkertier).
Yn 1798, by de foarming fan de Bataafske Republyk, waard de provinsje Hollân en West-Fryslân op in oare wize ferdield en wol oer de departeminten fan Tessel (fan Fly oant de Alde Ryn), fan de Amstel (omkriten Amsterdam), fan Delft (Hollân súdlik fan de Ryn, sûnder de Súd-Hollânske eilannen) en fan Skelde en Maas (Hollânske en Siuwske eilannen), wylst it súdeasten by it departemint fan de Ryn foege waard. Yn 1807, de Bataafske Republyk wie yntiids omfoarme ta Keninkryk Hollân, waard Hollân wer oars opdield, namlik yn de departeminten Amstellân en Maaslân. Yn 1814 kaam der in ein oan.
Yn 1815 waard Hollân fannijs mei West-Fryslân in provinsje yn it Keninkryk fan de Nederlannen, ntl. de Provinsje Hollân. Om de dominânsje fan dy provinsje lytser te meitsjen, waard de provinsje yn 1840, by it ôfgean fan Willem I as kening, splitst yn de provinsjes Noard-Hollân en Súd-Hollân. Yn de jierren dernei waard noch hieltyd mei gebieten skood, ûnder de twa provinsjes en ek mei oare oanlizzende provinsjes. Sa binne yn de Twadde Wrâldkriich de eilannen Flylân en Skylge nei de provinsje Fryslân oergongen.
Hollân is ek faak it wurd foar Nederlân yn it bûtenlân. Dêrby moat men tinke oan stereotypen lykas tulpen, dracht en klompen.
Op de MULU, mear-útwreide leger ûnderwiis, waarden oan it bejin fan de 20e iuw, de namme fan de Greven fan it Hollanske Hûs der neffens de neikommende mantra, hurdop, ynstampt: Dikkie, Dikkie, Arnout, Dikkie, Dikkie, Flo. Dik, Flo, Dik, Flo, Dik, Ada, Willem, Flo. Willem, Flo. Jan.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.