Willem I fan de Nederlannen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Willem Freark fan Oranje-Nassau (De Haach, 24 augustus 1772 – Berlyn, 12 desimber 1843) wie as Willem I fan 1813 oant 1815 soeverein foarst en fan 1815 oant 1840 de earste kening fan de Nederlannen. Under syn bewâld foarmen it hjoeddeiske Nederlân en Belgje fan 1813 oant 1830 ien steat.
Willem Freark waard yn 1772 berne yn te 's-Gravenhage as tredde soan fan steedhâlder Willem V en prinsesse Wilhelmina fan Prusen, in nicht fan Freark II fan Prusen. Nei de dea fan steedhâlder Willem V stie hy oant 1815 bekend as Willem VI.
Willem Freark sels boaske yn 1791 syn folle nicht Wilhelmina fan Prusen, suster fan Freark Willem III, kening fan Prusen. Ut dit houlik waarden fjouwer berne berne:
Ofbyld | Namme | Berne | Ferstoarn | Bysûnderheden |
---|---|---|---|---|
Willem Freark George Loadewyk | 6 desimber 1792 | 17 maart 1849 | Boaske Anna Paulovna fan Ruslân De lettere kening Willem II. | |
Willem Freark Karel | 28 febrewaris 1797 | 8 septimber 1881 | ||
Wilhelmina Frederika Louise Paulina Sjarlotte | 1 maart 1800 | 22 desimber 1806 | ||
Wilhelmina Frederika Louisa Sjarlotte Marianne | 9 maaie 1810 | 29 maaie 1883 |
Neist kening fan de Nederlannen droech Willem I de titels prins fan Oranje-Nassau, foarst fan Fulda (1803-1806), greve fan Corvey, Weingarten en Dortmund (1802-1806) en letter as Willem I soeverein foarst fan it Soeverein Foarstedom fan de Feriene Nederlannen (1813-1815), hartoch fan Lúksemboarch (1815), gruthartoch fan Lúksemboarch (1815-1840) en hartoch fan Limburch (1839-1840). Nei syn abdikaasje nom hy de titel en namme kening Willem Freark greve fan Nassau oan.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.