Frank Thring (akteur)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Frank Thring (akteur)

Frank Thring (folút: Frank William Thring; Melbourne, 11 maaie 1926 – dêre, 29 desimber 1994) wie in Australysk toaniel-, film- en tillefyzje-akteur, dy't it bekendst waard mei rollen as Pontius Pilatus yn Ben-Hur (1959), Heroades Antipas yn King of Kings (1961) en emir El-Kadir fan Falinsia yn El Cid (1961). Hy wie fan mingd Ingelsk en Dútsk etnysk komôf, en iepentlik homoseksueel yn in tiid dat soks yn 'e measte maatskiplike fermiddens noch net akseptearre waard.

Fluch de feiten
Frank Thring
akteur
Thumb
Frank Thring yn King of Kings (1961).
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFrank William Thring jr.
nasjonaliteit Australysk
berne11 maaie 1926
berteplakMelbourne (Fiktoaria)
stoarn29 desimber 1994
stjerplakMelbourne (Fiktoaria)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
jierren aktyf19541994
offisjele webside
Frank Thring yn 'e IMDb
Slute
Dizze side giet oer de Australyske akteur Frank Thring. Foar de Britske pornografyske regisseur en akteur, sjoch: Frank Thring (regisseur).

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Thring waard yn 1926 berne yn Melbourne, yn 'e Australyske steat Fiktoaria. Hy wie de soan fan Frank William Thring sr. (better bekend as F.W. Thring), in toaniel- en filmprodusint fan Ingelsk komôf, en dy syn frou Olive Kreitmeyer, dy't fan Dútske ôfstamming wie. Thring genoat ûnderwiis oan ferskate skoallen yn syn bertestêd Melbourne. Syn heit kaam te ferstjerren yn 1936, doe't er sels noch mar tsien jier wie.

Karriêre

Thring folge in oplieding ta harkspulakteur by de radiostjoerder 3XY, dy't eigendom fan syn famylje wie. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er by de Keninklike Australyske Loftmacht, en nei't er yn 1945 ôfswaaid wie, sette er útein mei in karriêre as toanielakteur. Bûten Austraalje wie Thring yn 1954 foar it earst te sjen doe't er yn 'e Britske haadstêd Londen de rol fan Heroades Antipas fertolke yn it stik Salome, fan Oscar Wilde. Twa jier letter spile er sir Lancelot Spratt yn it stik Doctor in the House, dat mar leafst 240 kear opfierd waard yn it Londenske Victoria Palace.

Fierders spile Thring Saturninus yn in troch it Keninklik Shakespeare Teäter beävensearre produksje fan Titus Androanikus. Dêrby hied er as tsjinspilers Laurence Olivier, Vivien Leigh en Anthony Quayle. Teffens fertolke er de rol fan kaptein Heak yn Peter Pan, dy fan kaptein Ahab yn Moby-Dick en dy fan 'e skeanskermer Falstaff yn Hindrik IV, Diel 1. Hy song ek yn 'e musical Robert and Elizabeth, mei June Bronhill en Denis Quilley. Letter yn syn libben soe Thring him wer op 'e planken bejaan troch yn 1988 de butlers te spyljen yn 'e produksje fan it stik The Importance of Being Earnest fan 'e Melbourne Theatre Company.

Ein1950-er jierren begûn Thring ek yn films te spyljen. Syn debút hied er datoangeande as de usurpator Ælla fan Noardumbrje yn 'e histoaryske aventoerefilm The Vikings, út 1958, mei Kirk Douglas. Syn bekendste filmrol wie dy fan Pontius Pilatus, de Romeinske steedhâlder fan 'e provinsje Judéa, yn 'e ferneamde Amerikaanske film Ben-Hur, út 1959, mei yn 'e titelrol Charlton Heston. Oare rollen fan Thring út dy snuorje wiene in abbekaat yn The Case of Mrs. Loring (1958), de emir fan Falinsia yn El Cid (1961), en op 'e nij Heroades Antipas yn King of Kings (1961). Thring is de iennichste filmakteur dy't beide persoanen spile hat (Pilatus en Heroades), dy't neffens it Nije Testamint fan 'e Bibel ferantwurdlik wiene foar de krusiging fan Jezus Kristus.

Werom yn Austraalje spile Thring yn Age of Consent (1969) mei James Mason en in pypjonge Helen Mirren. Teffens wied er te sjen yn twa biografyske films oer iere Australyske ûntdekkingsreizgers: Ned Kelly (1970) en Mad Dog Morgan (1976). Hy spile glêde gangsters yn Alvin Purple Rides Again (1974) en The Man from Hong Kong (1975), de duvelske Sammelder yn 'e post-apokalyptyske aksjefilm Mad Max Beyond Thunderdome (1985) en in kolderike Alfred Hitchcock-eftige regisseur yn Howling III (1987).

Op 'e tillefyzje hie Thring rollen yn Australyske minysearjes as Against the Wind en Bodyline. Yn 'e ferneamde bernetillefyzjesearje Skippy wied er yn in weromkearende rol te sjen as de smjunt Doctor Stark, dy't op snoade wize besocht om 'e kangoeroe Skippy en oare bisten út it fiktive Nasjonaal Park Waratah te stellen. Thring wurke fierders ek mei oan ferskate reklamespotsjes en in filmke fan 'e Australyske oerheid dêr't er de lju yn oprôp om har sjoch- en lústerjild te beteljen.

Priveelibben

Bûten syn publike optredens om stie Thring bekend as in flamboyante en opljeppende persoanlikheid, waans karriêre geregeldwei ûnderbrutsen waard troch perioaden fan alkoholisme en minne sûnens. Hy droech gauris swarte klean, wat yn dy tiid apart wie, en liet boppedat alle binnenwanden fan syn hûs ek swart fervje. Thring wie yn 'e 1950-er jierren yn Londen koart troud mei aktrise Joan Cunliffe, mar dat houlik einige yn in skieding. Hoewol't it doedestiden beslist net algemien akseptearre wie, makke Thring der gjin geheim fan dat er homoseksueel wie, mar hy hie ek in grutte bernewinsk en wie tige oerstjoer doe't syn houlik strâne sûnder dat der bern út fuortkommen wiene.

Ferstjerren

Frank Thring kaam op 29 desimber 1994 yn syn wenplak Melbourne yn 'e âlderdom fan 68 jier te ferstjerren oan kanker. Hy waard kremearre by in plechtichheid yn besletten fermidden, en syn jiske waard neitiid op see ferstruid, foar de kust fan Queenscliff (Fiktoaria). Begjin 1995 waard syn libben yn it iepenbier fierd yn it Fiktoriaanske Sintrum foar de Keunsten yn Melbourne.

Filmografy

Mear ynformaasje jier, titel ...
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1958The Vikingskening Ælla fan Noardumbrje
1958A Question of AdulteryStanley
1958The Flaming SwordGar
1959TreasonKarl Albrecht
1959Ben HurPontius Pilatus
1961King of Kingskening Heroades Antipas fan Judéa
1961El Cidemir Al-Kadir fan Falinsia
1968Salomekening Heroades Filippus fan Judéa   
1969Age of ConsentGodfrey
1970Ned Kellyrjochter Barry
1974Alvin Rides AgainFingers
1975The Man from Hong KongWillard
1976Mad Dog Morganhaadynspekteur Cobham
1977The Importance of Keeping Perfectly Still ?koarte film
1983At Last... Bullamakanka: The Motion Picturetillefyzjeprodusint
1985Mad Max Beyond Thunderdomede Sammelder
1986Death of a Soldierfoargonger
1986The Steam-Driven Adventures of Riverboat Bill    ?as stimakteur
1987Howling IIIJack Citron
1993Hercules ReturnsSeusas stimakteur
tillefyzje
1958Dick and the DuchessWemblergastrol; ôfl. The Courtroom
1962Light Me a Luciferde duveltillefyzjefilm
1965Photo FinishSam Kinsaletillefyzjefilm
1967Hey You!Goodlygastrol; ôfl. The Soup Kitchen
1967Australian PlayhousePaisleygastrol; ôfl. The Heat's On
1967Skippy the Bush Kangaroodr. Starkweromkearende rol; 3 ôfl.
1969Deltadokter Spencergastrol; ôfl. The Initiates
1970The Link MenBruce Cranegastrol; ôfl. See Amsterdam and Die
1970The Man Who Shot the Albatross ?tillefyzjefilm
1974The Cherry Orchard ?tillefyzjefilm
1976Up the Convictssersjant Bastiongastrol
1978Against the Windmagistraatminysearje
1981Outbreak of LoveArthur Langtonminysearje
1984Eureka Stockaderjochterminysearje
1984Bodylinelord Harrisminysearje
1989Mission: ImpossibleJake Morgangastrol; ôfl. Bayou
Slute

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.