From Wikipedia, the free encyclopedia
Philadelphia, yn 'e sprektaal gauris ôfkoarte ta Philly, is de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania en de op ien nei grutste stêd (nei New York) oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten. Op 'e list fan 'e grutste stêden fan it hiele lân beset Philadelphia it fyfde plak, mei in befolking dy't neffens in rûzing út 2012 goed oardel miljoen bedraacht. As stêdekloft, mei alle omlizzende plakken en foarstêden meirekkene, stiget dat oantal sels ta krapoan 6 miljoen. Philadelphia stiet ek wol bekend ûnder de bynamme The City of Brotherly Love ("De Stêd fan 'e Bruorreleafde"), wat de letterlike betsjutting is fan it Grykske wurd Φιλαδέλφεια, filadelfia.
Philadelphia | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Pennsylvania | |
County | Philadelphia County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.547.607 (2012) | |
Oerflak | 367 km² (ynkl. wetter) 347,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 4.393,8 / km² | |
Stêdekloft | 5.965.343 (2010) | |
Hichte | 12 m | |
Oar | ||
Stifting | 1682 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 39°57′12″N 75°10′12″W | |
Offisjele webside | ||
www.phila.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Philadelphia (read) yn Philadelphia County en de steat Pennsylvania. |
Philadelphia leit yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten, op it plak dêr't de rivieren de Delaware en de Schuylkill gearstreame. It is it ekonomysk sintrum foar de Delaware-delling, en leit op likernôch 3 m boppe seenivo. It heechste punt fan 'e stêd is Chestnut Hill, op 136 m boppe seenivo.
Philadelphia waard yn 1682 stifte troch William Penn, om as haadplak te tsjinjen fan 'e koloanje Pennsylvania. Yn 1701 krige it de status fan stêd, en tsjin 'e 1750-er jierren wie it Boston foarbystribbe as de grutste stêd en de drokste haven fan alle Amerikaanske koloanjes, wylst it yn it hiele Britske Ryk inkeld Londen noch foar him hoegde te duldzjen.
Under de Amerikaanske Revolúsje en de dêropfolgjende Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch spile Philadelphia in krúsjale rol as it plak dêr't de saneamde Founding Fathers fan 'e Feriene Steaten gearkamen, en dêr't hja yn 1776 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring en yn 1787 de Amerikaanske Grûnwet tekenen. Sadwaande wurdt de stêd ek wol The Birthplace of America ("It Berteplak fan Amearika") neamd. Philadelphia wie fierders ûnder de Unôfhinklikheidsoarloch mei New York en Baltimore ien fan 'e regearingssitten fan 'e Feriene Steaten, en tusken 1790 en 1800 tsjinne it as haadstêd wylst Washington, D.C. noch yn oanbou wie.
Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech Philadelphia him ta in sintrum fan yndustry en in knooppunt fan it Amerikaanske spoar. Syn groei hie it yn dy tiid benammentlik te tankjen oan 'e ynfluks fan ymmigranten út Jeropa. Nei de Amerikaanske Boargeroarloch en de ôfskaffing fan 'e slavernij foarme Philadelphia oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en fral yn it begjin fan 'e tweintichste iuw ien fan 'e wichtichste bestimmings fan 'e Afro-Amerikaanske Folksferhuzing út it Suden wei. Op it hichtepunt, om 1950 hinne, hie de stêd mear as twa miljoen ynwenners, mar sûnt de jierren sechstich is dat tal wer ôfnommen.
Hjerstmis wurdt yn Philadelphia it Filmfestival fan Philadelphia holden.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Philadelphia 12,1% âlder as 65 jier en 22,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 43,2% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 43,4% swarten; 28,7% blanken; 12,3% Latino's; 6,3% Aziaten; 0,5% Yndianen; 8,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.
|
|
Philadelphia hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte, neare simmers, kâlde winters en mylde oergongsjiertiden. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 30,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 4,6 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 7 augustus 1918 en –24 °C op 9 febrewaris 1934. Philadelphia kriget jiers trochinoar 1.053,8 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 57,9 sm snie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.