Mei fermiste en fermoarde lânseigen froulju yn Noard-Amearika wurdt ferwiisd nei de hege oantallen lânseigen froulju yn Kanada en de Feriene Steaten dy't fermist reitsje en/of fermoarde wurde. Dêrby giet it benammen om froulju fan Yndiaansk komôf, mar (fral yn Kanada) ek om Eskimo- en Mety-froulju. Yn Kanada wurdt dizze kwestje erkend as in slim probleem, en dêr is it wol omskreaun as "in nasjonale krisis" en as "in Kanadeeske genoside". Yn 'e Feriene Steaten begûn ein 2019 foar dizze saak ek omtinken te kommen.

Sitewaasje yn Kanada

Neffens ynformaasje fan 'e Kanadeeske oerheid út april 2016 foarmen lânseigen froulju en famkes tusken 1980 en 2012 16% fan alle froulike slachtoffers fan moard yn Kanada, wylst se mar 4% fan 'e totale froulike befolking fan it lân útmakken. Yn in rapport út 2011 fan Statistics Canada, it statistysk buro fan 'e Kanadeeske oerheid, stie dat tusken 1997 en 2000 lânseigen froulju yn Kanada in sân kear sa hege kâns rûnen om fermoarde te wurden as oare Kanadeeske froulju. Yn ferhâlding ta net-lânseigen froulju stiene hja, neffens itselde rapport, ek "bûtenproporsjoneel bleat oan alle foarmen fan geweld".

It rapport Missing and Murdered Aboriginal Women: A National Operational Overview, út 2014 fan 'e Royal Canadian Mounted Police (RCMP), stelde dat yn absolute sifers oer in perioade fan tritich jier mear as 1.000 lânseigen froulju en famkes yn Kanada fermoarde wiene. Wylst it tal moarden op net-lânseigen Kanadeeske froulju tusken 1980 en 2015 stadichoan tebekrûn, naam it tal lânseigen froulju dat slachtoffer fan moard waard yn dyselde snuorje ta fan 9% fan alle froulike moardslachtoffers yn Kanada yn 1980 oant 24% yn 2015. Tusken 2001 en 2015 wie it moardpersintaazje foar lânseigen froulju yn Kanada (4,82 op 'e 100.000 ynwenners) hast seis kear sa heech as foar net-lânseigen froulju (0,82 op 'e 100.000 ynwenners). Yn Kanadeeske provinsjes en territoaria mei in relatyf grutte lânseigen befolkingsgroep, lykas Manitoba, Alberta, Saskatchewan, Nûnavût, de Yukon en de Noardwestlike Territoaria, wie dy oerrepresintaasje fan lânseigen froulju mank moardslachtoffers sels noch heger.

Fierders rinne lânseigen froulju yn Kanada ek in folle hegere kâns as net-lânseigen froulju om fermist te reitsjen (wat oer it algemien betsjut dat se fermoarde binne mar dat it stoflik omskot noch net fûn is). Kanada hold oant 2010 gjin database by foar fermissings, en dat makket it dreech om foar de perioade dêrfoar de ferhâlding te bepalen fan it persintaazje fermiste lânseigen froulju neffens it totaal oantal fermiste persoanen. Yn 2010 waard úteinlik it Nasjonaal Sintrum foar Fermiste Persoanen en Unidentifisearre Stoflike Omskotten (NCMPUR) oprjochte. Dat wie in gefolch fan it grutte tal ûndersiken fan 'e RCMP nei fermoarde en fermiste lânseigen froulju, benammen oangeande in gebiet fan inoar krusende autosnelwegen om Highway 16 yn Britsk-Kolumbia hinne, in krite dy't bekend kaam te stean as de Highway of Tears ("Autosnelwei fan 'e Triennen"). Yn dy lytse krite binne 19 (neffens de plysje) oant mear as 40 (neffens lânseigen organisaasjes) lânseigen froulju en famkes ferdwûn.

Neffens in ûndersyk dat yn 2007 útfierd waard yn opdracht fan it regear fan Saskatchewan, de iennichste provinsje dy't foàr 2010 syn fermissingssaken systematysk neiseach op 'e etnisiteit fan it slachtoffer, makken lânseigen froulju doe 6% út fan 'e totale provinsjale befolking, mar 60% fan 'e slachtoffers fan alle fermissingssaken yn 'e provinsje.

Yn reäksje op oanhâldende oproppen dêrta fan lânseigen groepen, oare aktivisten en non-gûvernemintele organisaasjes stelde de Kanadeeske federale oerheid fan premier Justin Trudeau yn septimber 2016 it Nasjonaal Undersyk nei Fermiste en Fermoarde Lânseigen Froulju en Famkes (National Inquiry into Missing and Murdered Indigenous Women and Girls, MMIWG) yn. De einrapportaazje dêrfan waard publisearre op 3 juny 2019. Foar it ûndersyk wiene yn totaal 2.380 minsken befrege, op gearkomsten, harksittings en yn finzenissen. It MMIWG hie fierders it Forensic Document Review Project (FDRP) ynsteld om ûndersyk te dwaan nei de fraach hoe't de Kanadeeske plysje mei moard- en fermissingssaken fan lânseigen froulju omgie. Nei ûnderfreging fan fertsjintwurdigers fan mear as 28 plysjekorpsen en analyze fan mear as 174 dossiers fan saken út 2014 en 2015, besteande út 136.834 dokuminten en 593.921 bledsiden, kamen de ûndersikers fan it MMIWG oangeande it FDRP ta de konklúzjes:

  • Dat der faak "smelle en ynkomplete oarsaken fan moarden op lânseigen froulju en famkes" fêststeld wiene.
  • Dat de gauris oanhelle statistyk dat lânseigen manlju ferantwurdlik binne fan 70% fan 'e moarden op lânseigen froulju en famkes gjin feitlike basis hat.
  • Dat it tal moarden en fermissings fan lânseigen froulju yn 2014-2015 noch altyd min byholden waard en dat oer it tal moarden en fermissings fan froulju fan Eskimo- en Mety-komôf frijwol hielendal neat bekend wie.
  • Dat ôfhandige lânseigen mienskippen op it mêd fan ûndersyk nei moard of fermissing gjin prioriteit en gjin helpboarnen krije.
  • Dat de plysje net goed kommunisearret mei de famyljes fan 'e slachtoffers en mei lânseigen mienskippen yn it algemien, en dat der (mei as gefolch dêrfan) in gebrek oan fertrouwen yn 'e plysje bestiet yn sokke mienskippen.
  • Dat moarden en fermissings fan lânseigen froulju yn 'e Kanadeeske maatskippij yn it algemien ûnthelle wurde mei ûnferskillichheid, foaroardielen en stereotype tinkbylden en ynkorrekte oertsjûgings oer lânseigen froulju en famkes en omtrint harren hâlden en dragen.

It einrapport fan 'e MMIWG omskreau de epidemy fan moarden op en fermissings fan lânseigen froulju en famkes yn Kanada as in foarm fan genoside.

Sitewaasje yn 'e Feriene Steaten

Yn 'e Feriene Steaten hawwe Yndiaanske froulju in twa kear sa hege kâns om slachtoffer fan geweld te wurden as froulju fan lykfol hokker oare demografyske groep. Ien op 'e trije Yndiaanske froulju yn 'e Feriene Steaten wurdt yn har libben teminsten ien kear seksueel oantaaste of ferkrêfte. Neffens sifers dy't it Amerikaansk Ministearje fan Justysje yn 2015 publisearre soe dat persintaazje sels 91,9% wêze. Mear as 85% fan dy sedemisdriuwen wurde begien troch manlju dy't sels net fan Yndiaansk komôf binne.

Fanwegen in lange skiednis fan mesken yn 'e wet dy't de strafferfolging fan net-Yndiaanske dieders belette, binne in soad Yndianereservaten yn 'e Feriene Steaten populêre bestimmings wurde foar (foar it meastepart blanke) ferkrêfters en searjemoardners. Dat komt om't de federaal erkende Yndianestammen yn 'e Feriene Steaten neffens de útspraak fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn 'e rjochtsaak Oliphant v. Suquamish Indian Tribe, út 1978, gjin jurisdiksje hawwe oer lju dy't gjin Yndiaan of Eskimo binne. En de federale oerheid hat yn 'e Yndianereservaten fia de federale resjerzje FBI inkeld foech oer moardsaken.

Oangeande moarden op en fermissings fan Yndiaanske froulju wurde yn 'e Feriene Steaten troch de federale oerheid (d.w.s. de FBI) gjin statistiken byholden. Yn 2018 en 2019 ûndernamen ferskate Amerikaanske steaten, wêrûnder Washington, Minnesota en Arizona, stappen om eigen databases op te setten om moarden en fermissings fan Yndiaanske froulju by te hâlden. Op 26 novimber 2019 stelde presidint Donald Trump ûnder de namme Operation Lady Justice ("Operaasje Frouwe Justitia") in taakgroep fan 'e stêf fan it Wite Hûs yn dy't protokollen ûntwikkelje moast foar de behanneling fan nije en âlde fermissings- en moardsaken fan lânseigen froulju. In pear dagen tefoaren hie ek de Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken William Barr nije ynspannings troch syn ministearje op dit mêd oankundige. Dêrûnder wiene it jaan fan in hegere prioriteit oan sokke fermissings- of moardsaken en it ferbetterjen fan 'e samling en analyze fan ynformaasje dêromtrint.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.